Björn Ulvaeus
Björn Ulvaeus | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Björn Ulvaeus yn 1974 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Björn Kristian Ulvaeus | |
nasjonaliteit | Sweedsk | |
berne | 25 april 1945 | |
berteplak | Goateboarch | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Ingelsk, Sweedsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | Waterloo, Fernando, Dancing Queen | |
jierren aktyf | 1963 - No |
Björn Kristian Ulvaeus (Goateboarch, 25 april 1945) is in Sweedsk sjonger en lietsjeskriuwer. Hy is bekend as ien fan de twa manlike sjongers fan de popgroep ABBA.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hootenanny Singers (1963–1971)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Björn Ulvaeus begûn doe't er alve jier wie mei gitaarspyljen. Yn 1961 foarme er mei trije skoalkammeraten in band. Om yn 1963 dielnimme te kinnen oan in talintejacht op de Sweedske radio, skreau syn mem harren yn ûnder de namme The West Bay Singers, de Ingelske oersetting fan Väster (west) en Vik (baai). It radio-optreden foel yn de smaak by produsint Bernt Bernhag dy 't har yn kontakt brocht mei syn kollega Stig Anderson. Dy lêste tekene de fjouwerkoppige band ûnder de namme Hootenanny Singers yn foar syn label Polar Music. Mei de Hootenanny Singers brocht Björn Ulvaeus sân studio-albums út.
ABBA (1972–1982)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ulvaeus moete Benny Andersson yn de simmer fan 1966, de manlju begûnen tegearre ferskes te skriuwen, wêrfan't de earste Isn't It Easy To Say wie, úteinlik opnommen waard troch de Hep Stars de band van Andersson. Yn maart 1969 moete Björn de sjongeres Agnetha Fältskog, en al gau waarden se in koppel. Om deselde tiid hinne moete syn freon Benny Andersson sjongeres Anni-Frid Lyngstad by de Sweedske Eurofyzje Sjongfestival. Doe't de twa koppels inoar begûnen te stypjen by opnamesesjes, kaam de popgroep ABBA ta libben.
De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits. Mei ABBA brocht Björn Ulvaeus njoggen studio-albums en twa live-album út.
Nei ABBA, bleau Ulvaeus lieten skriuwen mei Benny Andersson. Under oaren foar musicals en films.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ulvaeus waard berne yn Goateboarch, Götaland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa. Ulvaeus folbrocht in studzje hannelsrjocht oan de Universiteit fan Lund. Björn Ulvaeus hat twa kear boaske west en werûnder njoggen jier mei Agnetha Fältskog. Ulvaeus hat út dizze twa relaasjes fjouwer bêrn.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musicals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musical | premjêre |
---|---|
Chess | 1984 |
Kristina från Duvemåla | 1996 |
Mamma Mia! | 1999 |
Hjälp sökes | 2013 |
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film | premjêre |
---|---|
Mamma Mia! | 30 juny 2008 |