Birobidzjan

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Birobidzjan
Birobidjan mainsquare.jpg
Flagge Wapen
Flag of Birobidzhan.svg Coat of arms of Birobidzhan.svg
Sifers
Ynwennertal 68.823 (rûzing 2022)
Oerflak 169,38 km²
Befolkingstichtens 450 ynw. / km²
Hichte 80 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of the Jewish Autonomous Oblast.svg Joadske Autonome Oblast
Oar
Stifting 1931
1937 (stedsrjochten)
Tiidsône (UTC+10)
Koördinaten 48° 44' N 132° 57' E
Webside Side fan de stêd

Birobidzjan (Russysk: Биробиджа́н, IPA: [bʲɪrəbʲɪˈdʐan]; Jiddysk: ביראָבידזשאַן, Birobidzhan) is de haadstêd fan de Joadske Autonome Oblast (JAO) yn it Russyske Fiere Easten yn de Russyske Federaasje. De stêd leit oan de Transsibearyske Spoarline en leit net fier fan de Sineeske grins ôf. Neffens de Russyske folkstelling fan 2010 hie de stêd 75.413 ynwenners. De offisjele taal njonken it Russysk is it Jiddysk. Birobidzjan is neamd nei de twa grutste rivieren yn de JAO, de Bira en Bidzjan. De Bira, dy't eastlik fan de Bidzjandelling leit, rint troch de stêd hinne. Beide rivieren binne sydrivieren fan de Amoer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1915 waard in treinstasjon, Tinchonkaja, neamd nei it tichteby lizzende doarp Sopka Tinchokogo, oan de Amoerspoarline boud. It regear fan it Russyske Keizerryk woe it gebiet yn de Amoerdelling befolkje. Om it stasjon hinne ûntstie yn 1928 de arbeidersdelsetting Tichonkaja-Stansija.

Birobidzjan waard yn 1931 ûntwurpen troch de Switserske arsjitekt Hannes Meyer. De stêd waard boud op it plak fan de arbeidersdelsetting en waard it haadplak fan de Joadske Autonome Oblast, doe't dy yn 1934 offisjeel foarme waard. Yn 1937 krige it plak stedsrjochten.

Yn de Sovjet-Uny ûntstie yn de 1920-er jierren it idee om in gebiet ornearre foar Joaden te stiftsjen. Yn de 1930-er jierren ferfearen der Joaden nei Birobizjan út Oekraïne, Wyt-Ruslân, Poalen en ek Roemeenje wei. In soad ferlieten it gebiet lykwols wer rillegau omreden de rûge waarsomstannicheden en it rûge gea. Justjes foar de Twadde Wrâldkriich wennen der krapoan 20.000 Joaden. De Sovjet-oerheid besocht lykwols Joaden oan te setten harren nei wenjen te setten yn de JAO. Pamfletten waarden rûnstruid. It Jiddysk waard de offisjele taal yn de JAO. Ek in krante, de Birobidzjaner Sjtern waard útjûn en strjitten yn Birobidzjan waarden nei promininte Jiddyske skriuwers neamd.

Nei it oprjochtsje fan de steat Israel yn 1948 ferfearen in soad Joaden dêrhinne. Ek Stalin hold der antysemityske ideeën op nei. Reden genôch foar harren it gebiet te ferlitten. Hjoed-de-dei bestiet likernôch 1% fan de totale befolking út Joaden. Jiddysk wurdt lykwols noch hieltyd op skoallen ûnderrjochte. Ek de Birobidzjaner Sjtern, dêr't 3-5 siden yn it Jiddysk ferskine, ferskynt noch hieltyd. Dochs bestiet de befolking foar goed 90% út Russen.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografyske ûntwikkeling fan Birobidzjan fan 1923 oant 2022
Jier 1923 1928 1932 1937 1956 1967 1979 1992 2002 2010 2021
Befolking 503 823 2.540 20.000 37.000 46.000 68.630 86.700 77.250 75.413 68.823

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birobidzjan hat in fochtich lânklimaat, Dwb neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen. It hat waarme oant hjitte en gauris fochtige simmers. Winters kinne kâld en drûch wêze.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekstylyndustry is de wichtichste yndustry yn de stêd. Fierder is er in reauwe-ûnderhâldsfabryk, in kalkferwurkingsfabryk, en ferskate itensferwurkingsfabriken. Birobidzjan leit oan de Transsibearyske Spoarline, dy't it mei stêden lykas Moskou, Novosibirsk, Chabarovsk en Wladiwostok ferbynt. It tichtstby wêzende fleanfjild is dy fan Chabarovsk, 198 km fan Birobidzjan ôf.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Биробиджан