Springe nei ynhâld

Besetting fan Wounded Knee

Ut Wikipedy
De lizzing fan Wounded Knee yn Shannon County (sûnt 2015 Oglala Lakota County) en yn 'e steat Súd-Dakota.

De Besetting fan Wounded Knee wie in barren dat begûn op 27 febrewaris 1973, doe't likernôch 200 Lakota-Yndianen fan 'e Oglala-substamme en oare leden en sympatisanten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (American Indian Movement, AIM) it plakje Wounded Knee, yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota besetten út prostest tsjin 'e wegering fan it Amerikaanske regear om him oan 'e histoaryske ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden. Wounded Knee waard foar de besetting útsocht fanwegen it Bloedbad fan Wounded Knee, ien fan 'e bekendste oarlochsmisdieden fan 'e Amerikanen tsjin 'e Yndianen, dat dêr yn 1890 plakfûn hie. De besetting duorre 71 dagen en wapene konfrontaasjes fan 'e besetters mei de Amerikaanske autoriteiten kosten twa minsken it libben.

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich fan 'e tweintichste iuw fûn der ûnder de Lakota, krekt sa't dat by oare Yndiaanske folken yn Noard-Amearika it gefal wie, in kulturele oplibbing plak, wêrby't fral jongerein him sterk makke foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken de eigen boargerrjochten opeaske. Yn it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation) fan súdwestlik Súd-Dakota wie doedestiden de stampresidint Dick Wilson oan 'e macht, in setbaas fan it federale regear yn Washington, D.C., dy't mei syn autoritêre manear fan dwaan grutte opskuor yn it reservaat feroarsake. De Oglala Civil Rights Organization (OSCRO) beskuldige Wilson fan machtsmisbrûk, korrupsje en fysike mishanneling fan syn politike tsjinstanners. Yn 1972 besocht de OSCRO Wilson út syn funksje ûntheft te krijen fia in formele ôfsettingsproseduere, mar dat besykjen mislearre om't de Amerikaanske oerheid, yn 'e foarm fan it ynfloedrike Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), fjouwerkant efter Wilson stean bleau.

Dêrta oantrune troch froulike stamâldsten lykas Ellen Moves Camp, de oprjochtster fan 'e OSCRO, en Gladys Bissonette, teagen op 27 febrewaris 1973 likernôch 200 aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en jonge Oglala-Lakota út it Pine Ridge Reservaat, dy't op it regear fan Wilson tsjin wiene, nei it plakje Wounded Knee ta, de lokaasje fan it kwea ferneamde Bloedbad fan Wounded Knee út 1890. Under lieding fan Dennis Banks, in Odjibwe út it Leech Lake Reservaat yn Minnesota, Carter Camp, in Ponka út Oklahoma, en Russell Means, in Oglala-Lakota út it Pine Ridge Reservaat, dy't letter ynternasjonale ferneamdheid krije soe as Hollywood-akteur, besetten se de gebouwen fan it doarp út protest tsjin Wilson syn regear en tsjin 'e behanneling fan 'e Amerikaanske Yndianen yn it algemien, lykas it oanhâldende wegerjen fan 'e federale oerheid om him oan syn eigen ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden.

De reäksje fan 'e Amerikaanske oerheid wie om 'e plysje derop ôf te stjoeren, benammentlik besteande út de saneamde GOONs, Wilson syn priveemilysje, FBI-aginten en U.S. marshals. De wegen om Wounded Knee hinne waarden hast 25 km yn alle rjochtings ôfset. Doe't nei tsien dagen de dykôfsettings koarte tiid opheft waarden, streamden sjoernalisten en tillefyzje- en radiokorrespondinten út alle wynrjochtings nei Wounded Knee ta om it barren te ferslaan. De besetters ferklearren dat Wounded Knee no ûnôfhinklik gebiet wie, en easken ûnderhannelings mei de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken. In lytse delegaasje fan sympatisanten fan 'e besetters, mei dêrûnder de Oglala-stamâldste Frank Fools Crow (en dy syn tolk, mei't de âldman it Ingelsk net machtich wie), fleach nei New York ta om 'e Feriene Naasjes ta te sprekken, wat harren wegere waard.

Underwilens wiene by Wounded Knee de earste skotten oer en wer ôffjurre. Underhannelings laten nearne ta, en nei tritich dagen sniene de Amerikanen de elektrisiteit en wetterlieding ôf, wylst men likemin noch taliet dat de besetters fan iten foarsjoen waarden. De besetting feroare doe yn in bittere oangelegenheid, dy't wol wat wei hie fan in Midsiuwsk belis, wêrby't de belegerders de belegerden úthongerje woene. It útwikseljen fan gewearfjoer gie troch, en al ier yn 'e besetting rekke in FBI-agint swier ferwûne. De U.S. marshal Lloyd Grimm waard ek al frij betiid delsketten en bedarre foar de rest fan syn libben yn 'e rolstoel. Under de Yndianen waard Frank Clearwater, in Sjeroky út Noard-Karolina, dy't him yn april mei syn frou, dy't swier wie, by de besetters joech, op 17 april yn 'e sliep yn syn holle sketten, wêrnei't er op 25 april ferstoar. In dei letter, op 26 april, foel de twadde deade, Lawrence "Buddy" Lamont, in Oglala út Pine Ridge, dy't troch in plysjeslûpskutter deasketten waard. Trettjin oare Yndianen rekken ûnder de besetting ferwûne.

Nei de dea fan Lamont rôpen de stamâldsten fan it Pine Ridge Reservaat op ta in ein oan 'e besetting. De Amerikaanske oerheid en de Yndianen waarden it op 5 maaie iens oer de ûntwapening fan 'e besetters. Doe't dat beslút ienris fallen waard, begûnen in protte fan 'e Oglala nachts troch de Amerikaanske besingeling hinne fuort te glûpen. Trije dagen letter, op 8 maaie, waard de besetting nei 71 dagen beëinige. De FBI en de U.S. Marshals Service namen besit fan it doarp, dat troch de gefjochten sa slim skansearre wie dat it oant de jierren njoggentich ûnbewenne bliuwe soe.

De saak-Robinson

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ray Robinson, in swarte boargerrjochte-aktivist, gie begjin 1973 nei Súd-Dakota om him by de besetters fan Wounded Knee te jaan. Hy waard dêr troch ferskate tsjûgen sjoen, mar waard ûnder de besetting wei, wêrnei't nimmen ea noch wat fan him fernaam. Ien fan 'e lieders fan 'e AIM, Carter Camp, sei dat Robinson ferwûne rekke wie oan syn skonk en op eigen krêft Wounded Knee ferlitten hie om medyske fersoarging te sykjen. Mar tsjûgen hawwe oanjûn dat der iepentlike deilisskip wie tusken Robinson en in diel fan 'e AIM-aktivisten, en syn widdo Cheryl Robinson is fan tinken dat har man fermoarde is troch de AIM om't men him derfan fertocht dat er in FBI-ynformant wie.

Ut doetiidske opinypeilings die bliken dat der ûnder de Amerikaanske befolking rûnom sympaty bestie foar de besetters fan Wounded Knee. Party swarte leden fan it Amerikaanske Kongres sprieken iepentlik harren stipe foar de besettingsaksje út. Bekende Amerikanen, wêrûnder akteurs Marlon Brando en Jane Fonda, sjonger Johnny Cash, skriuwster en polityk aktiviste Angela Davis, abbekaat William Kunstler en sjoernalist Tom Wicker lieten witte dat se oan 'e kant fan 'e besetters stiene. Krekt as in protte oare Yndiaanske, blanke en swarte aktivisten besocht Davis har yn maart 1973 sels by de besetters te jaan, mar se waard by in dykôfsetting fan 'e plysje tsjinholden en weromstjoerd as in "undesirable person" ("net winske persoan"). Likegoed seine AIM-aktivisten letter dat se tochten dat de oandacht foar harren saak dy't de belutsenens fan sokke bekende persoanen opsmiet, it Amerikaanske regear derfan wjerholden hie om simpelwei it leger yn te setten.

It bekendste foarfal oangeande de besetting fan Wounded Knee fûn plak ûnder de 45ste útrikking fan 'e Oscars, de heechste Amerikaanske filmprizen, op 27 maart, doe't Marlon Brando de priis foar bêste akteur wûn foar syn rol yn 'e film The Godfather. Ynstee fan sels in tankwurd út te sprekken, sa't gebrûklik is, liet er doe de AIM-aktiviste Sacheen Littlefeather, in Apache-aktrise dy't op 'e seremoanje ferskynd wie yn 'e tradisjonele klaaiïng fan har folk, foar him it wurd fiere. De organisaasje fan it evenemint wegere har ta te stean de oarspronklike taspraak foar te lêzen dy't Brando har jûn hie, en hja waard warskôge dat se sa nedich mei geweld fan it poadium ferwidere en dêrnei arrestearre wurde soe as se dêr langer as in minút bleau. Yn in ymprovisearre taspraak sei Littlefeather doe dat Brando foar de priis betanke fanwegen de minne behanneling fan Yndianen yn 'e Amerikaanske filmyndustry. Neitiid lies hja de orizjinele taspraak oer Wounded Knee foar oan 'e inoar ferkringende leden fan 'e parse. Dit barren fêstige de oandacht fan hiel Amearika, dy't tsjin dy tiid begûn wie te ferslopjen, wer op 'e besetting fan Wounded Knee.

Foar in grut diel fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten wie de besetting fan Wounded Knee in ûnbidich ynspirearjend foarfal, mei't foar it earst sûnt de njoggentjinde iuw Yndianen de konfrontaasje mei de Amerikaanske oerheid oangiene en stân holden. De aksje joech sa in nije ympuls oan it dochs al sterker wurdende selsbewustwêzen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken yn 'e Noard-Amearika.

Nei ôfrin fan 'e besetting waarden AIM-lieders Dennis Banks en Russell Means oanklage om harren oandiel yn 'e aksje, mar yn 1974 waard harren saak troch de federale rjochter seponearre fanwegen misdragings dy't begien wiene troch it Iepenbier Ministearje, in útspraak dy't ek yn heger berop stânhold. Dick Wilson, de stampresidint fan it Pine Ridge Reservaat, waard datselde jiers werkeazen by in ferkiezing dy't bol stie fan 'e ûnregelmjittichheden, wêrûnder kiesfraude, yntimidaasje fan kiezers en oare misstannen. Yn 'e trije jier dy't op 'e besetting fan Wounded Knee folgen, suchte it Pine Ridge Reservaat ûnder in frijwol iepentlike tiranny fan Wilson en syn GOONs. Mear as 60 tsjinstanners fan Wilson kamen yn dy tiid troch geweld om it libben, wêrûnder Pedro Bissonette, de direkteur fan 'e OSCRO. Pas yn 1976 waard Wilson by in nije ferkiezing ferslein troch Al Trimble, dy't it opdoeken fan 'e GOONs ta ien fan 'e spearpunten fan syn ferkiezingsprogramma makke hie (en datoangeande wurd hold doe't er ienris keazen wie).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.