Springe nei ynhâld

Beampiper

Ut Wikipedy
beampiper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje piperfûgels (Motacillidae)
skaai pipers (Anthus)
soarte
Anthus trivialis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De beampiper (Anthus trivialis) is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels.

Oare Fryske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beampiper wurdt ek wol boskpiper, houtljurk of kantljurk neamd.

De beampiper is yn fûgeltsje fan 15 sm d.w.s. sa grut as in (hús)mosk, mar slanker. Lykas oare pipers, sa as de piipljurk en de wetterpiper, hat de beampiper in streekte, grienbrune rêch. De kop hat in ljochte eachstreek. De boarst is gieleftig streekt en de bûk is fealwyt. Ûnderskied mei oare pipers, yn 't bysûnder de piipljurk, is dreech.

De beampipers komme foar yn healiepen bosk- en heide- en dúngebieten. De fûgels briede yn hiel Jeropa, utsein Yslân, Ierlân en de súdlike dielen fan de Middellânske-Seelânnen (Spanje, Itaalje, Grykelân ens.), en ek in West- en Sintraal-Aazje. Se oerwinterje yn tropysk Afrika en Yndia.

Yn Nederlân is de beampiper in algemiene briedfûgel en trochtrekker, en de oantallen nimme stadich ta: yn 2018-2020 wiene der 44.000-72.000 briedpearen, mei de heechste konsentraasjes yn Drinte en de Feluwe. In Fryslân binne der in pear tûzen briedpearen, de measte yn de Wâlden. De fûgel stiet net op de Nederlânske Reade list fan fûgels.

De beampipers ite meast ynsekten en spinnen, yn de winter ek wol slakken en sieden.

Anthus trivialis trivialis

It beampiper-wyfke makket in nêst fan gers en moas yn in kûltsje op de grûn ferside tusken de begroeiing. Yn it nêst leit it wyfke 4-6 aaien fan ferskate kleuren. Sy briedt de aaien yn 12-14 dagen út, wêrnei't de jonge fûgels noch 11-14 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. Lykas it piipljurknest is ek it beampipernest in favoryt plak fan de koekoek om har aaien te lizzen.

De beampipersoarte hat twa ûndersoarten:

  • Anthus trivialis trivialis: Jeropa oant sintraal-Aazje
  • Anthus trivialis haringtoni : Kasjmier

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]