Springe nei ynhâld

Beam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beam (plant))
Solitêre bûk
Besnijde beamtoppen.
Jierringen fan robinia

In beam is in fêste plant mei in houten stamme en in kroan (krún). De measte definysjes neame hichte (minimaal fjouwer meter) en it hawwen fan ien stamme. In beam kin, ôfhinklik fan it sioarte, fan fjouwer oant mear as hûndert meter heech wurde en groeie op tige ferskillende grûnsoarten. De mangrovesoarten groeie sels yn brak wetter.

In beam kin ôfhinklik fan it soarte en de omstannichheden tige âld wurde, fan folle hûnderten oant inkele tûzenen jierren. Sa kin de ginkgo mear as 1000 jier âld wurde: yn Sina is de âldste Ginkgo ûngefear 3500 jier. Wylch en popel hearre ta de beammesoarten dy't meastal net mear as hûndert jier wurde.

Troch it formaat spylje beammen faak in haadrol yn in hiele libbensmienskip. Fûgels bouwe der harren nêst, moasen en koarstmoassen libje op de stamme, op de tûken en soms op de blêden, skimmels libje yn symbioaze mei of parasitêr op of yn de beam. Ynsekten libje fan de blêden of it hout (ûnder oare houtwjirm). Slûpwaspen parasitearje wer op dizze ynsekten. Ek is de beam fanwege de fruchten en siedden in wichtige fiedselboarne foar ûnder oare iikhoarns en fûgels.

De minsk brûkt de beam neist fiedselproduksje en sier ek foar de produksje fan timmer- en brânhout.

Houtboar mei útboarre kearnen

De stamne fan de beam bestiet út in silinder fan hout. Om dizze silinder fan hout sit in laach fan dielingsweefsel, it kambium, dat nei binnen ta hout (sekundêr ksyleem) en nei bûten ta bastweefsel (sekundêr floëem) ôfset. Hjirtroch groeit de beam yn de dikte (saneamde sekundêre diktegroei).

Ofhinklik fan it klimaat kin in beam, al dan net, groeiringen foarmje. Yn it gefal dat in beam elk jier ien ring foarmet binne dit dan saneamde "jierringen", wêroan dan te skatten is hoe âld at de beam is. It stiet lykwols net sûnder mis fêst dat der elk jier in ring foarme wurdt; ek skynjierringen komme foar.

Mei help fan in Presslerboar, in spesjale houtboar dy't krektsa wurket as in appelboar, kin fan in libbene beam oant yn it hert fan de stamme in silinderformich stikje hout útboarre wurde. Hjiroan kin dan de groeiskiednis fan de beam ôflêzen wurde.

Yn inkele beamsoarten is mear as ien kambium oanwêzich.

Matige stabiliteit troch oerflakkige bewoarteling

Stabiliteit is wichtich foar beammen. In stabile beam is bestand genôch tsjin stoarm of swiere sniefal. De stabiliteit fan beammen kin útdrukt wurde oan de hân fan de h/d-ferhâlding. Dit is de ferhâlding tusken de hichte yn meters en de diameter op boarsthichte (dbh) yn sm fan de beam. De h/d-ferhâlding wurdt berekkene mei de formule:

Hoe heger de h/d-ferhâlding, hoe leger de stabiliteit fan de beam. Fan in wearde fan 90 ôf is sprake fan in ynstabile beam. Yn bosken kin de h/d-ferhâlding beynfloede wurde troch konkurrinsje tusken beammen. Jonge beammen hawwe faak in hege h/d-ferhâlding. Dit komt omdat jonge beammen earst sterk neit ljocht ta, en dus yn de hichte groeie. Pas letter wurdt der ynvestearre yn diktegroei. Sa ûntsteane lange, tinne beammen. Foar dizze jonge beammen is dit faak gjin grut probleem, salang as se tusken oare beammen yn steane. As se frijsteld wurde, bygelyks flak nei in tinning, binne se ekstra gefoelich foar stoarmskea. De stabiliteit fan in bosk kin ferhege wurde middels tinning. Troch te tinjen krije beammen mear romte en kinne se diktegroei begjinne te ûntwikkeljen.

In beam kin ek ynstabyl wurde meidat de stamme fan binnenút begjint te rotsjen. As de stamme in te grut oandiel ferrotte hout fertoant, sil hy by de folgjende stoarm omfalle. Om dit te fermijen kin der in stúdzje dien wurde fia de VTA-technyk (Visual Tree Assessment), eventueel oanfold mei in ûndersyk mei de Tomograaf. Oan de hân fan in sa ferkrigen Tomogram kin de stabiliteit berekkene wurde.

tûke fan wâlnút

In tûke is in ûnderdiel fan in beam of strewel. Op de takken steane de blêd-, Blom- en eventueel mingde (blêden en blommen yn deselde knop) knoppen. De knoppen kinne foar elkoar oer stean, yn krânsen of ferspraat stean. Oan de ein fan in tûke stiet in einknop. Offisjeel is in tûke pas in tûke as dy trije jier âld is. Dêrfoar wurdt it in twiich neamd. In twiich is dus in 1- of 2-jierrige houtige stâle.

Nillen fan in fynspjirre
Blêden fan in gewoane Eskdoarn

De measte beammen hawwe blêden, al sjogge dy der net altiten út as blêden, krekta by nillebeammen. Der binne blêdferliezende en grienbliuwende beammen. De leafbeammen yn de gebieten bûten de tropen en subtropen ferlieze harren blêd om de kâlde perioade oerlibje te kinnen. De measte nillebeammen hâlde lykwols harren nillen.

Leafbeammen yn de tropen kinne ôfhinklik fan it soarte harren blêd hâlde of ferlieze. Blêdferliezende soarten litte harren blêd yn de droege tiid falle en passe dêrmei harren wetterferlet oan.

Beamstobben mei bleatspielde woartels

Ut it sied wurdt in haadwoartel of pinwoartelfarme. Dizze woartel kin djip de grûn yn gean en soarget fiar in grut diel foar de ferankering fan de beam. Troch it weispielen fan grûn kinne de woartels gedieltlik bleat komme te lizzen. Sommige soarten meitsje ek luchtwoartels.

By beammen treedt pas bloei en fruchtdracht op neidat se oergien binne fan de juvenile nei de folwoeksen (adulte) faze. Dit kin fariëarje fan inkele oant tsientallen jierren. Dêrneist komt by in protte soarten beurtjierren foar. Yn it jier mei in swiere fruchtdracht wurdt wol fan in mêstjier sprutsen. Hjirnei treedt 1 oant 4 jier gjin fruchtdracht op, omdat de beam genôch reservestoffen hat. Yn de fruitteelt wurde beurtjierren tsjingien troch de oanplant fan rassen dy't net botte beurtjiergefoelich binne en troch fruchttinning.

Bloei kin optrede op tûken, langloaten of op beide. Tusken de beamsoarten binne hjir ferskillen yn.

Oan beammen komme oer it generaal deselde typen fruchten foar as oan krûdeftige planten. By sommige beammen, lykas de kakaubeam, treedt kauliflory op, wêrby't bloei en fruchtdracht op de stamme optreedt. Kauliflory makket is mooglik om swiere fruchten te foarmjen, dy't troch swakkere tûken net droegen wurde kinne soenen.

De letterlike oersetting fan reïteraasje is “werhelling”. Yn dit ferbân wurdt bedoeld dat by in beam, as de haadstamme beskeadige is, in sydtûke útgroeie kin ta in dominante tûke. Der wurdt in nij begjin makke. Ek as in beam ôfsage is, is it fermogen ta werstel sa grut, dat der út de sliepende knoppen (al besteand) of adventyfknoppen (nij foarme) nije tûken groeie. By guon beamsoarten kin apikale dominânsje der foar soargje, dat ien fan dizze tûken útgroeit ta in beam en dat de groei fan de oare tûken ûnderdrukt wurdt. It hormoan auksine koördinearret dit proses. Faak treedt der lykkwols in boskige groei op, wêrnei't troch snoeien alle tûken (op ien nei) weihelle wurde moatte om wer in beam te krijen.

Beammen kinne nei gebrûkstype oardere wurde:

In ferstiende beam út de stienkoalmyn fan Houthalen
Hakhoutstoel yn natoergebiet De Wylde Kamp by Garderen

Troch it winnen fan hakhout yn earder tiden binne der saneamde hakhoutstuollen ûntstien. In hakhoutstoel bestiet út meardere stammen, dy't allegear ta itselde yndividu hearre en kinne wol tweintich meter yn trochsneed wêze. Op de Feluwe komme noch hakhoutstuollen fan de iik foar.

Dea hout wurdt yn it bysûnder yn de biotoop- en soartenbeskerming brûkt as sammelbegryp foar ôfstoarne beammen of dielen derfan. Rûchwei kinne dêryn ûnderskieden:

  • steand dea hout, oftewel noch net omfallen beammen of harren dielen
  • lizzend dea hout, dat al op de grûn leit.

Wrâldwiid wurde beammen brûkt as hillichdom en yn West-Europa wie dit benammen yn foarkristlike tiden it gefal. By dizze beammen waarden rituelen útfierd. In foarbyld fan in noch altiten besteande beam is de Hillige Iik by Den Hout (Oosterhout).

Ek yn ier-kristlike tiden waarden beammen brûkt. Sa bestienen der lapkes- of koartsbeammen, dêr't liifgoed oan ophong waard yn de ferûnderstelling dat koarts dêrtroch fermindere. Anno 2005 binne der noch altiten lapkes- of koartsbeammen te finen yn de Liesbosk by Breda en by de Sint-Walrickskapel fan Overasselt. Fergelykber is de breukebeam yn Yde.

Ek de bernebea, de beam dêr't de bern wei komme, is in oerbliuwsel fan âld byleauwe. Sjoch ek beamhillichdom.

Utspraken oer beammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • As ik wist dat de wrâld moarn fergiet, san soe ik hjoed in beam plantsje. Maarten Luther
  • Alde beammen steane de stoarm troch en falle by stil waar om
  • De appel falt net fier fan de beam.
  • Hege beammen hawwe folle wynfang.
  • In beam falt net by de earste slach.
  • De beam grut, de man dea
  • Tusken beam en bast sitte
  • Fan de hege beam tarre
  • Alde beammen litte har net maklik ferplantsje
  • Alde beammen moatte net te swier snoeid wurde

Soerstof en fynstof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blêden fan in beam foarmje glukoaze mei help fan (sinne)ljocht en koalsoergas út de loft, wylst de woartels wetter, soerstof en fiedingssâlten út de boaiem opnimme. Hjirút kin in beamkoalhydraten foarmje dy't hy nedich hat foar de foarming fan blêden, knoppen en ek foar de lingte- en diktegroei. Dit fermogen hat in beam tanksij de blêdgrienkerrels yn de blêden. Dizze blêdgrienkerrels jouwe de griene kleur oan it blêd en se soargje mei help fan (sinne)ljocht foar it proses fan de fotosynteze. By dit proses ûntsteane neist koalhydraten ek soerstof dy't needsaaklik is by it sykheljen fan bisten en minsken. In hûndert jier âlde bûk mei in blêdoerflak fan 1.500 m² kin yn de jierliks soerstofbehoefte fan tsien minsken foarsjen. Boppedat nimme de blêden fan dizze beam yn de moannen dat de beam yn blêd stiet noch ris 2,83 m³ fynstof op en kin dizze nei elke reinbuoi wer likefolle stof opnimme.

Markante beammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De heechste beam yn Nederlân stiet op it keninklike lângoed Het Loo by Apeldoorn. It giet om in mânskee douglasspjirre fan 52 meter heech dy't tusken 1860 en 1870 plante is.
  • De Kroezebeam fan Fleringen, by Tubbergen. Skatte leeftiid 400-500 jier.
  • Wilhelminabeam foar it stêdhûs fan Ljouwert, plante ta eare fan de berte fan keninginne Wilhelmina, de âldste beam fan de stêd stiet yn de St Anthonystrjitte.
  • De Dikke Beam fan Verwolde, by Laren (Gelderlân). Skatte leeftiid 450 jier.
  • De Wodansiken fan Wolfheze. Skatte leeftiid 300-450 jier.
  • De Kroezebeam fan Ruurlo. Skatte leeftiid 350-400 jier.
  • De Kozakkeniik fan Delden. Skatte leeftiid 350 jier.
  • Meardere iken by Paleis Het Loo, Apeldoarn. Leeftiid ± 310 jier.
  • De Reuzeniik fan Vorden. Skatte leeftiid 300 jier.
  • De Simmeriik op Lângoed Hilverbeek, 's-Graveland. Skatte leeftiid 300 jier.
  • De bûk yn Dwingeloo. Skatte leeftiid 450-500 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

trees