Overasselt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Overasselt
Himrik fan Overasselt
Provinsje Gelderlân
Gemeente Heumen
Ynwenners (2021) 2.640
(174 ynw./km²)
Koördinaten 51°45'35"N 5°47'15"E
Netnûmer 024
Postkoade 6610, 6611
Webstee dorpsplatformoverasselt.nl

Overasselt is in plak oan de Maas yn de Nederlânske gemeente Heumen yn de provinsje Gelderlân. Westlik fan Overasselt leit it doarp Nederasselt, eastlik leit Heumen en noardlik de stêd Nijmegen. Oarspronklik wie Overasselt in selstannige gemeente dêr't op 1 maaie 1923 de gemeente Balgoij by anneksearre waard. Op 1 july 1980 waard de gemeente sûnder it eartiids anneksearre Balgoij weryndield by de gemeente Heumen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De neoromaanske roomske Sint-Antonius Abttsjerke (1891).
  • It koer fan in eardere, net mear besteande kleastertsjerke, dat letter tsjinst die as herfoarme tsjerke en tsjintwurdich yn gebrûk is as atelier (15e iuw).
  • De standermûne Zeldenrust.

Bûten de doarpskearn:

  • Sint-Walrickskapel (Sint-Walricksweg 7), 15e iuw, mei de lapkebeam
  • Fierder telt it plak ferspraat oer it doarpsgebiet noch in pear monumintale 18e-iuwske pleatsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Alle Cijfers.