Esk
esk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Fraxinus excelsior | ||||||||||||
Linnaeus, 1753
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Esk (Fraxinus excelsior) is in plantesoarte út de olivefamylje (Oleaceae). It is in leafbeam dy't lânseigen is yn Jeropa. It is in beam dy't frijwat hurd waakst en sa'n 40 m heech wurde kin.
Groei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beam hat in ûneven fearre blêd, dat út sân oant trettsjin dielblêden bestiet. De lansetfoarmige blêden, sûnder stâlen, steane krúslings tsjin inoar oer. De kroan fan de beam is iepen, sadat er in soad ûndergroei mooglik is. Yn de winter ferliest de beam syn blêd.
De Esk bloeit ear't it blêd der is. It blêd komt trije oant fjouwer wiken letter as by de measte oare beammen. De fruchten hawwe wjukjes dy't helpe by de fersprieding op de wyn. De knoppen binne swart, mei koart, filteftich hier en in koart staltsje. De bast bliuwt lang glêd en geef, by de âldere beam komme der ticht op elkoar steande greven yn.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In esk freget fiedsume grûn mei leafst wetter tichteby of wiete grûn. In natuerlik eskebosk ûntstiet dan ek yn beekdellings. Yn Fryslân is de Esk sadwaande fral in beam fan de klaai.
De Esk komt foar op hast it hiele Jeropeeske kontinint, yn súd-Noarwegen en Sweden, east fan de Swarte See yn de Kaukasus en yn in smelle strook yn noard-Spanje. Fierders ek yn de Britske Eilannen, mar sûnder noardlik Skotlân en ek net yn noardwest Ierlân.
Tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It siedwinnen kin yn twa tiden dien wurde. Yn de earste helte fan augustus is it sied noch grien, mar kin al siedde wurde, omdat it dan noch gjin kiemrêst hat. Ornaris bliuwt it sied de hiele winter sitten en moat de perioade fan de kiemrêst dien wêze ear't it sied útrinne kin en rispe wurde kin.
It hout fan de Esk is ljocht fan kleur, taai en sterk. Fanwegen dy eigenskippen wurdt it hout brûkt foar de lizzers fan gymnastyktastellen en foar stâlen fan bilen, foarken en botsen en út reden fan de flamtekening ek foar meubels, flierren en treppen. Eartiids waarden jonge tûken wol as iten foar fee brûkt. De duorsumens fan eskenhout bûtendoar is lykwols frijwat leech: it wurdt yndield yn klasse 5, de leechste klasse.
De Esk is, lykas de Wylch geskikt om knotte te wurden.
Alde esken yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn it Arboretum Trompenburg te Rotterdam stean in stikmannich esken út 1870.
- Yn de polder Nieuw Bonaventura tusken Strijen en 's-Gravendeel stie oant 2001 in âlde esk fan hast 180 jier.
- Yn Dwersgrêft (ûnder Giteren) stiet de âldste esk fan Nederlân; hy is mear as 220 jier.
-
Beam
-
Bast
-
Manlike bloeiwize yn knop
-
Tekening Esk
-
Fruchten
-
Uneven fearre blêd
-
Eskenhout
-
Knop yn 'e winter
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Planteskaai
- Esk (skaai)
- Beam
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Nij-Seelân