Springe nei ynhâld

Beafeartstsjerke fan de Hillige Martlers fan Gorkum

Ut Wikipedy
Beafeartstsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum
Lokaasje
Súd-Hollân
plak Brielle
adres De Rik 5
koördinaten 51° 53' N 4° 9' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rotterdam
patroanhillige Martlers fan Gorkum
Arsjitektuer
arsjitekt H.P.J. de Vries
boujier 1931-1932
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 518183 (tsjerke)
518184 (omgong)
Webside
Side beafeartstsjerke
Kaart
Beafeartstsjerke fan de Hillige Martlers fan Gorkum (Súd-Hollân)
Beafeartstsjerke fan de Hillige Martlers fan Gorkum

De Beafeartstsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum is in tsjerkegebou yn Brielle yn Súd-Hollân. De tsjerke stiet op de lokaasje dêr't earder in kleaster stien hat en yn 1572 njoggentjin katolike geastliken yn in turfskuorre ferhongen waarden troch wettergeuzen. Yn 'e 19e iuw waard de lokaasje in beafeartsplak, mar de hjoeddeiske tsjerke datearret fan 1932. Alle jierren is om 9 july hinne de tsjerke in sintrum fan 'e Nasjonale Beafeart. Dan rinne pylgers by de krúswei lâns yn de oerdekte omgong om de hillige martlers fan Gorkum te betinken.

Skryn.

De tsjerke waard yn 1932 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt H.P.J. De Vries út Rotterdam boud en ferfong in 19e-iuwske houten kapel, dy't eartiids oan 'e oare kant fan it martlersfjild stie en nei de hillichferklearring fan 'e martlers fan Gorkum yn 1867 boud waard. De nijbou fan 'e tsjerke wie needsaaklik woarn om't it oanwaaksjende tal beafeartsgongers de besteande tsjerke te lyts makke. De twa tsjerken hawwe noch in tal jierren njonken inoar bestien, oant nei de Twadde Wrâldkriich de kapel ôfbrutsen waard en oant 1960 noch tsjinne as needtsjerke yn De Haach.

Efter de tsjerke leit it martlersfjild, dat ommuorre wurdt mei in ommegong foar prosesjes. De kant dêr't eartiids de houten kapel stie waard nei de ôfbraak mei in nije muorre sletten. Yn de ommegong is in krúswei út 1870. Yn it martlersfjild op it plak fan 'e turfskuorre, dêr't de geastliken ferhongen waarden, stiet tsjintwurdich in siboarium (alterkape) fan 'e arsjitekt Evert Margry. De krekte lokaasje fan 'e muorren wurdt mei in betonnen râne yn it gers oanjûn. Op it plak fan 'e tsjintwurdige fiver lei eartiids de fiskfiver fan it kleaster. Om't de opgroeven reliken fan 'e hillige martlers yn 'e fiver woksen waarden, soe it wetter heilsum wêze en dêrom wurdt dy fiver de Hillige Put neamd.

Yn 2016 krige de tsjerke in nije klokkestoel mei dêryn trije klokken, dy't oarspronklik yn 'e houten klokkestoel fan 'e yn 2016 ôfbrutsen Jakobustsjerke yn Oude Wetering hongen.

Ynterieur.

De ynrjochting fan 'e tsjerke is foar in grut diel ôfkomstich út de houten kapel. Dêrûnder falle de alters en ek de bylden fan 'e njoggentjin martlers, dy't as ferwizing nei harren dea allegear in strop om de hals hawwe. Boppe de tagong hinget ûnder it oargel yn 'e tsjerke in grut skilderij fan Carel Frans Philippeau út 1880 mei de foarstelling fan it martlerskip. Foar yn 'e tsjerke stiet op it ferhege alter de skryn mei dêryn reliken fan de fermoarde geastliken.

It oargel yn 'e tsjerke is ôfkomstich út de Hillich Herttsjerke fan Swyndrecht. It waard yn 1876 troch de oargelmakker Michaël Maarschalkerweerd boud. It oargelbedriuw Elbertse út Soest restaurearre it ynstrumint en brocht it yn de oarspronklike disposysje werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: