Barack Obama
Barack Obama | ||
politikus | ||
echte namme | Barack Hussein Obama | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 4 augustus 1961 | |
berteplak | Honolulu (Hawaï) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Iersk Ingelsk Lûo | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Nobelpriis foar de Frede 2009 | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2009 – 2017 | |
foargonger | George W. Bush | |
opfolger | Donald Trump | |
Amerikaansk senator foar Illinois | ||
amtsperioade | 2005 – 2008 | |
foargonger | Peter Fitzgerald | |
opfolger | Roland Burris | |
Lid fan de Steatssenaat fan Illinois (foar it 13de Distrikt) | ||
amtsperioade | 1997 – 2004 | |
foargonger | Alice Palmer | |
opfolger | Kwame Raoul |
Barack Obama (folút: Barack Hussein Obama; Honolulu, 4 augustus 1961) is in Amerikaansk jurist en Demokratysk politikus fan mingd etnysk Ingelsk, Iersk en Keniaansk Luo-komôf, dy't tusken 2009 en 2017 de 44e presidint fan de Feriene Steaten wie. Foartiid wied er abbekaat, lid fan 'e steatssenaat fan Illinois en lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Hy is de earste swarte Amerikaanske presidint. Syn foargonger wie de Republikein George W. Bush, en syn fise-presidint is Joe Biden. By de presidintsferkiezings fan 2008 fersloech er de Republikein John McCain, en by de ferkiezings fan 2012 wûn er in twadde termyn troch de Republikein Mitt Romney oermânsk te wurden. Begjin 2017 droech er it presidintskip oer oan 'e Republikein Donald Trump.
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heit fan Obama kaam út Kenia en syn mem wie Amerikaansk. Syn âlden gienen byïnoar wei doe't er twa jier wie; syn mem boaske mei in Yndoneezjer en Obama ferhuze mei syn mem nei Jakarta doe't er seis wie.
Doe't er tsien wie kaam er te wenjen yn Honolulu by syn pake en beppe (fan de kant fan syn mem). Syn heit ferstoar yn 1982 by in auto-ûngemak yn Kenia. Syn mem stoar oan kanker yn 1995, in pear moannen nei't Barack Obama's boek Dreams from My Father útkaam wie.
Obama is troch syn mem besibbe oan Jefferson Davis, de presidint fan de Konfederearre Steaten fan Amearika.
Obama gie twa jier nei it Occidental College yn Los Angeles, en dêrnei twa jier nei de Columbia Universiteit yn New York, dêr't er yn 1983 ôfstudearre yn de politikology mei de spesjalisaasje fan ynternasjonale betrekkings. Yn 1985 ferhuze er nei Chicago as directeur fan it Developing Communities Project.
Yn 1988 sette Barack Obama útein mei de stúdzje rjochten oan de Harvard-universiteit. Dêr moete er yn 1989 Michelle Robinson wylst hja beide oan it wurk wienen foar itselde abbekateburo, en hja boasken yn 1992. Michelle Obama is hjoed de dei fice-presidinte foar mienskipssaken fan de Universiteit fan Chicago. Hja kaam yn it nijs doe't har salaris fertrijefâldige neidat Obama senator waard. De grûn dy't dêrfoar jûn waard wie lykwols har promoasje en dêrby it oerwurk, nei de tiid dat se Obama mei syn kampanje stipe. Har nije salaris is likeheech as dat fan oare fise-presidinten.
Obama joech tusken 1993 en 2004 les yn rjocht oan de Universiteit fan Chicago. Fan 1993 oant 2002 wurke er ek noch by it abbekateburo Davis, Miner, Barnhill & Galland.
Ferkiezings 2008
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 4 novimber 2008 wûn Barack Obama de Amerikaanske presidintsferkiezings 2008, dêr't hy sûnt 7 juny 2008 de Demokratyske kandidaat foar wie. Neffens eigen sizzen betsjut syn ferkiezing it herstel fan de wiere sjeny fan Amearika, te witten: demokrasy, frijheid, kânsen en hope. Foar it earst yn harren skiednis waard in swarte ta presidint keazen. Yn july 2008 sei Obama, dat er, as er as presidint keazen wurde soe, binnen 16 moannen de Amerikaanske militêren yn Irak weromlûke soe. [1] Op de ferkiezingsdei, 4 novimber 2008, krigen Obama en Joe Biden in mearderheid fan 365 kiesmannen fan de Electoral College en 53 prosint fan alle stimmen. Dêrfoaroer hienen de Republikeinen, John McCain en Sarah Palin, 173 kiesmannen en 46 prosint fan de stimmen. Lykop mei de ferkiezingsútslach krigen de demokraten in mearderheid yn de Senaat mei 58 sitten en de Republikeinen krigen 41 sitten, yn it Hûs fan Offurdigen krigen de demokraten 257 sitten en de republikeinen 178.[2]
Ferkiezings 2012
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 4 april 2011 die de doetiidske presidint Barack Obama te witten dat hy him wer ferkiesber stelle soe foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012. Op 28 jannewaris 2012 makke Obama wrâldkundich dat Joe Biden fannijs syn running mate wurde soe.
Presidintskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynauguraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 21 jannewaris 2009 wie de ynauguraasje fan Barack Obama. De eed waard dien troch de heechste rjochter John Roberts. Robberts makke lykwols in flaterke by it foarlêzen fan de eed. Obama wist dat Roberts it net goed sein hie, mar spriek dochs syn wurden nei. In dei letter is de eed opnij dien, sadat Obama dochs formeel neffens de grûnwet ynsward waard as presidint.[3]
Ynlânske saken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guantanamo Bay
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de earste dingen dy't er as presidint die wie it sluten fan de finzenis foar terroristen Guantanamo Bay op Kuba. [4]
Op 21 maaie 2009 sei Obama yn in taspraak oer nasjonale feilichheid, dat er in foar tige gefaarlike terroristen in wet ha woe om se langer finzen te hâlden. It langduorjende finzenskip woe Obama foar finzenen yn Guantánamo Bay ha, dy't as „tige gefaarlik“ te boek stean, en wêrfoar om ferskillende redenen gjin proses mooglik is. Hy krige fan boargerrjochteaktivisten en loftse groepen ferheftige krityk. De New York Times skreau „in folslein oar byld, as dat de boarger hie, wêrby't de minsken samar troch it regear straft wurde kinne of frijsprutsen wurde.“[5][6]
Ekonomy & sosjale saken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 febrewaris 2009 tekene Obama yn Denver it "American Recovery and Reinvestment Act of 2009", in konjuktuer program fan 787 miljard dollar, dy't de kredytkrisis wat delbêdzje moast en 3,5 miljoen arbeidsplakken meitsje soe. [7]
By syn kampanje hie Obama al sein dat hy op it mêd fan sûnens herfoarmingen trochsette woe. Foar 2013 soenen alle Amerikaanske steatsboargers in sikefersekering hawwe.[8] Nei in mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen en de Senaat koe Obama de saneamde Patient Protection and Affordable Care Act 23 maart 2010 tekenje.[9] Nei it ûndertekenjen waard de wet 25 maart 2010 fan krêft. Troch de herfoarming waarden sa'n 32 miljoen minsken fersekere dy't dêrfoar noch gjin sikefersekering hienen.[10]
Oaljeramp Golf fan Meksiko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 20 april 2010 rekke it boareilân Deepwater Horizon yn de Golf fan Meksiko troch in eksploazje ûnder wetter skansearre. Dêrtroch lekte in grutte mannichte oalje de see yn. De besitter fan it boareilân, BP, besocht ferskate kearen it gat fergees ticht te meitsjen. Presidint Obama wie op 2 maaie, 28 maaie en 4 juny op yn it rampgebiet. Hy joech opdracht ta in federaal ûndersyk en stelde in aparte kommisje yn dy't op it mêd fan feiligens mei nije útstellen komme moast.[11] Obama rôp de needtastân út en beslute dat der 6 moanne lang net mear board wurde mocht nei oalje yn 'e djippe see.[12] It regear fan Obama klage nei de tiid de BP oan omdat it bedriuw him net oan de feiligensregels holden hie.[13]
Bûtenlânske saken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Irak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ferkiezingskampanje sei Obama dat it weromlûken fan de Amerikaanske militêren út Irak net langer as 16 moannen nei syn ynauguraasje wêze soe. Yn febrewaris 2009 makke Obama bekend dat de fjochtsjende Amerikaanske ienheden yn Irak binnen 18 moanne werom helle wurde soenen. Yn augustus 2010 waarden de lêste stridende ienheden út Irak weromlutsen.[14]
Afganistan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn febrewaris 2009 stjoerde Obama 17.000 soldaten nei Afganistan.[15] Op 1 desimber 2009 waarden nochris 30.000 militêren hinne stjoerd, om mei te fjochtsjen tsjin Al Kaida en de Taliban en tagelyk in bydrage leverje te kinnen oan de opbou fan it lân.[16] Op 22 juny 2011 makke Obama bekend dat 10.000 soldaten foar de ein fan 2011 werom helle wurde soenen. In oare 23.000 troepen soenen yn de simmer fan 2012 wer thús wêze moatte.[17] Yn de nacht fan 1 op 2 maaie 2011 waard Osama bin Laden yn Abbottabad (Pakistan) delsketten troch spesjale ienheden fan de Navy Seals (Operation Neptune’s Spear). Obama hie 29 april 2011 tastimming foar de operaasje jûn.[18] Nei de operaasje beslút Obama om de foto's net iepenbier te meitsjen.[19]
Nobelpriis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 4 juny holdt er yn de Al-Alsa-Universeit yn Kaïro in taspraak foar de islamityske wrâld. Hy oppenearre him oer in bettere ferhâlding tusken de FSA en de Islam en mear demokrasy yn de Arabyske lannen. Hy sei dat Israel gjin nije delsettings yn de Westlike Jordaanigge bouwe mocht, en woe in twa-steaten-oplossing foar Palestina ha. Dêrnei besocht er as earste Amerikaanske presidint konsintraasjekamp Buchenwald en wie by de betinking fan 65 jier D-Day. Op 9 oktober krige er nei Theodore Roosevelt en Thomas Woodrow Wilson as tredde sittende presidint fan de Feriene Steaten de Nobelpriis foar de Frede (Jimmy Carter krige dy nei syn amtstermyn). Hy krige de priis om „syn tige bysûndere krewearjen, om de ynternasjonale dimplomasy en gearwurking tusken folken fuort te sterkjen“. Hy krijt de priis op 10 desimber 2009 yn Oslo.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Barack Obama '08 Ingelsk
- U.S. Senate - Barack Obama Ingelsk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Amerikaansk minskerjochte-aktivist
- Amerikaansk abbekaat
- Amerikaansk heechlearaar
- Amerikaansk steatspolitikus
- Amerikaansk steatssenator
- Amerikaansk federaal politikus
- Lid fan de Amerikaanske Senaat
- Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Demokratyske Partij
- Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Demokratyske Partij)
- Presidint fan de Feriene Steaten
- Winner fan de Nobelpriis foar de Frede
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk polityk skriuwer
- Amerikaansk politikus fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk skriuwer fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Keniaansk komôf
- Persoan fan Lûo-komôf
- Persoan berne yn 1961