Bûnte soeslik
bûnte soeslik | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spermophilus suslicus | ||||||||||||
Güldenstädt, 1770 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De bûnte soeslik (Latynske namme: Spermophilus suslicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Spermophilus). Dizze soarte libbet yn East-Jeropa en wurdt bedrige troch habitatferlies.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte soeslik libbet yn 'e provinsje Lublin yn Poalen, en fierders yn dielen fan Roemeenje en Bulgarije, hast hiel Wyt-Ruslân en de Oekraïne, en dielen fan sintraal en súdlik Jeropeesk Ruslân. Fan natuere is it in bewenner fan steppen en greidlân, mar hy komt ek foar op ikkers en oar yn kultuer brocht lân. Hy jout de foarkar oan gebieten mei hege boaiemfegetaasje dy't him wat beskutting biedt.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte soeslik kin in totale lichemslingte fan sa'n 25 sm berikke, mei in gewicht fan 280 g. Dêrmei is er lytser as oare grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld. De pels is op 'e rêch, de fangen en de boppekant fan 'e kop brún, mei in spikkelbûnt patroan fan wite stippen. Op 'e bealch, hals, snút en poaten hat er in ljochtere kleur, grizich oant wyt. De sturt is koart en tin.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûnte soeslikken binne minder sosjaal as de soarten grûniikhoarntsjes dêr't se it naust oan besibbe binne. Se binne oerdeis aktyf, wêrby't se moarns foar 't ljocht komme as de sinne de grûn wat opwaarme hat, har op it hjitst fan 'e dei weromlûke yn har ûndergrûnske hoalen, en tsjin 'e ein fan 'e middei op 'e nij nei bûten ta komme. Se frette benammen gerzen en nôt, mar litte lytse wringedieren en lidpoatigen ek net stean. Se libje apart faninoar yn eigengroeven hoalen, dy't lykwols diel útmeitsje fan in gruttere koloanje. Fan oktober oant april hâlde se in wintersliep.
De peartiid falt yn april en maaie. Nei in draachtiid fan 23-26 dagen wurde der dan 4-8 jongen per nêst smiten. Sporadysk lykje krusings mei de nau besibbe sisel (Spermophilus citellus) en dwerchsoeslik (Spermophilus pygmaeus) foar te kommen, dêr't de bûnte soeslik syn ferspriedingsgebiet mei dielt. De populaasjetichtheid fan 'e koloanjes bûnte soeslikken kin op mear as 160 eksimplaren de ha lizze.
De wichtichste natuerlike fijannen binne ferskate soarten martereftigen; sa is de wezeling waarnommen by it binnenkringen fan 'e hoalen fan 'e bûnte soeslik. Lykwols soe it skoan kinne dat foar soeslikjongen ynfantiside troch folgroeide soartgenoaten in grutter gefaar is, want hoewol't dat yn it wyld (noch) net waarnommen is, komt it in protte foar by populaasjes dy't yn finzenskip holden wurde. De dieder kin dêrby sawol in mantsje as in wyfke wêze, dat it jong òf deadet en opfret, òf oanfalt en efterlit om te stjerren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte soeslik hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't er troch habitatferlies almar mear yn 'e knipe komt. De oarsaken fan it ferlies fan gaadlike wengebieten binne útwreiding fan 'e lânbou en de boskbou, it werombringen fan it areaal oan greidlân, de ûntwikkeling en groei fan stêden en yndustriële ûntjouwing. Dêrnjonken wurde bûnte soeslikken yn guon gebieten beskôge as skealik ûngedierte en troch bouboeren aktyf ferfolge. Fral yn Poalen en súdlik Ruslân is it ferspriedingsgebiet fan 'e bûnte soeslik de lêste trijefearnsiuw sterk ynkrompen, en foarmet it oerbliuwende areaal noch mar 10% fan wat it om 1950 hinne wie. As it sa trochgiet sil de bûnte soeslik yn Poalen binnen tweintich jier útstoarn wêze.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne trije erkende ûndersoarten fan 'e bûnte soeslik:
- Spermophilus suslicus boristhenicus
- Spermophilus suslicus guttatus
- Spermophilus suslicus suslicus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|