Springe nei ynhâld

Eysingastate (Rinsumageast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Asingastins)
Eysingastate 1721
Eysingastate
Eysingastate

Eysingastate, ek Asingastins of Essinghastins, wie in stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel oan de dyk nei Damwâld. De stins is tusken 1200 en 1400 boud. Yn 1804 is er ôfbaarnd. Der is in strjitte yn Rinsumageast ferneamd nei de stins, 'de Eysingawei'. Op it stee dêr't de Eysingastate eartiids stie, leit no de Geastmer bosk.

It boujier fan de stins is net bekend, mar dat moat yn de 14e iuw west hawwe, mooglik al de 13e iuw. Om 1400 wene hjir Feye Eysinga, "Hoveling Up der Gaest", troud mei Etcke Bornhuistra. Yn âlde sjarters komt de namme ek as Asinga en Essingha foar. Om 1450 hinne wenne hjir Gecke Eysinga. Hy hie in dochter, Hack, dy't twa kear troude. Earst mei Aede Keimpes Jongema út Raerd (Jongemastate) en dêrnei mei Tjalling Bolta. Tjalling nom de namme fan syn frou oan en neamde him tenei Tjalling fan Eysinga. Ut dit twadde houlik waard in soan berne, Feye fan Eysinga, dy't neffens de benifisiaalboeken fan 1543 yn Rinsumageast residearde. Hy wie mei in Hermana út Minnertsgea troud en út dit houlik waard wer in dochter Hack berne, dy't mei Botte Wilco fan Holdinga fan de Holdingastate yn Eanjum troude. Harren dochter Doedt troude mei Georg Wolfgang baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg fan Grut Terherne te Bitgum. Sa is Eysingastate yn hannen fan de al skatrike familie Thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg komd. Dêrnei hawwe Johan Onuphrius, Georg Wilco en Wilco Holdinga thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg op Eysingastate wenne. Ek yn de 18e iuw bleau dizze famylje yn Rinsumageast wenjen. Trije bruorren hawwe op de state wenne. Earst Georg Wolfgang dy't grytman wie fan Dantumadeel en letter fan Menameradiel en ferstoar yn 1739. Dêrnei Jan Sicco, generaal fan de ynfanterie en gûverneur fan Namen, ferstoarn yn Rinsumageast yn 1757. As lêste de jongste fan de trije, Michael Onuphrius, dy't fan 1725-1758 grytman wie. De soan fan Michael, Wilco, stoar yn 1788 aa lêste manlike telch fan dizze staach fan de famylje Thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg.

Húshâlding G W thoe Scharzenberg 1743

Yn de tiid dat dizze Wilco eigener wie ferdwûn der in grut part fan de bosk om de state. Wumkes meldt yn syn "Stads- en dorpskroniek van Friesland": 30 september 1768: Verkoop van 500 eiken op Eysinga-State te Rinsumageest. 3 juli 1769: Verkoop van 500 eiken in het bosch van grietman Schwartzenberg te Rinsumageest. 19 oktober 1787: Veiling van 200 à 300 beukenstammen op Eysinga State onder Rinsumageest. Nei de dea fan Wilco folget op 13 oktober 1788 in "Boelgoed van meubelen, porselein, koper, tin, jacht- en vischgerei, 4 kanonnen ten huize van wijlen grietman Schwartzenberg te Rinsumageest" en op 17 septimber 1789 "Verkoop der buitenplaats van grietman Schwartzenberg te Rinsumageest".

De "Tegenwoordige Staat" (boek II, side 243) beskriuwt it hûs om 1785 as: "Rinsumageest... ...versierd door veele schoone huizen, vooral door de oude Adelyke State Eysinga, voorzien met een zeer schoon huis, dat uit het water opgetrokken, met eene zware graft omringd, en op twee zwaare gewelfde kelders gebouwd is. Buiten de graft, aan den Noordkant van dit huis, is een groot plein, en aan het einde daarvan een paardestal. In ’t Oosten ligt een ruime tuin, die met een tweede graft omtrokken is, en weder in ’t ronde een fraaie buiten cingel heeft".

Yn 1789 waard de grutte state ferkocht oan J.P. Andrae van Haren, in soan fan Onno Zwier van Haren, dy't der yn 1793 noch in koetshús, in stâl en in koetsierswenning by bouwe liet. Yn 1798 hie jonker Van Haren lykwols syn nocht fan it hûs. De tiid wie dan ek net geunstich foar de adel en seker net foar oranjegesinden. Eysingastate waard ferkocht oan de timmerman Oberman, dy't it ferkocht oan Johannes Jacobus Loensma, dy't it lykwols weromferkocht oan Oberman, dy't it wer ferkocht ensfh., ensfh. Inkele jierren lang gie it grutske hûs fan hân oant hân, yn syn gehiel of yn gedielten. Ek de dûmny/keapman Cahais hat in diel fan de tunen en de hôven kocht. Yn maart 1805 biedt hy it út de hân te keap oan "het Engelsch plantsoen van Eisinga-State". Wa't it hûs yn dy jierren allegear yn eigendom hân hawwe is net hielendal dúdlik, mar yn alle gefallen waard der gjin sint mear oan ûnderhâld útjûn en yn 1805 is alles ôfbrutsen. It noch mar 12 jier âlde koetshús, stâl en koetsierswenning bleaune stean en waarden yn 1820 as earmhûs ynrjochte. Dat earmhûs hiet “Pleinhuizen”. Yn 1909 is ek dit lêste restant fan Eysingastate ôfbrutsen. In de 50-er jierren fan de 20e iuw wienen allinnich de grêften fan Eysingastate noch te sjen.

List fan eigeners fan de Eysingastate

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Brûker
± 1400 Feye Eysinga
± 1450 Gecke Eysinga
Hack Eysinga en Aede Keimpes Jongma
Tjalling fan Eysinga
1534 Feye fan Eysinga
Hack fan Eysinga en Botte Wilco fan Holdinga
Doedt fan Holdinga en Georg Wolfgang thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
Johan Onuphrius thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
George Wilco thoe Scharzenberg en Hohenlansberg
Wilco Holdinga thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
Georg Wolfgang thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
1739 Jan Sicco thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg
1757 Micheal Onuphrius thoe Scharzenberg en Hohenlansberg
1758 Wilco thoe Scharzenberg en Hohenlansberg
1789 J.P. Andrae van Haren
Oberman
J.J. Loensma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992

Jan Leemburg

  • De historie gaat door het eigen dorp fan A. Algra