Springe nei ynhâld

Holdingastate (Eanjum)

Ut Wikipedy
Holdingastate
bouwurk
Holdingastate yn 1830 tekene troch Sjoerd Bonga
Holdingastate yn 1830 tekene troch Sjoerd Bonga
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Eanjum
koördinaten 53° 22' N 6° 07' E
bysûnderheden
type bouwurk State
boujier 1580-1595
sloopjier 1831 (ferkeap ta ôfbraak)
offisjele webside
De state op Stinzen yn Fryslân

Holdingastate wie in state oan de noardkant fan de doarpsterp fan Eanjum. Op it stee fan de state stiet no in pleats. Oer it ûntstean fan in stins op dit plak is neat bekend. De State dy't bekend fan ôfbylden is, waard tusken 1580 en 1595 boud of fannijs boud.

Yn 1511 wie de namme fan dit goed al gongber. Yn 1543 komt it by de stins hearrend lân as Hollinge meedtfeen en Hollinga Kaegh foar. As state ... toe Auta andersins Nye Holdingha genoemt toe Aengium komt it goed yn 1594 foar. Letter hjit it meast Holdinga-state (1640) of Holdinga-burg.

It liket derop dat Holdinga de funksje fan wichtichste hûs fan de Holdinga's oernaam hat fan Old Holdinga ûnder Ie. Wol hiene se yn de 15e iuw al besit yn Eanjum, faaks ek Holdinga. Yn 1472 yn it testamint fan Tiemck Holdinga en yn 1487, wurde se nammentlik yn ferbân mei Eanjum neamd.
Om reden fan de nammen Nye Holdinga te Eanjum (1594) en Old Holdingha yn Ie (1640) mei oannaam wurde dat it hûs yn Ie as it âlde stamhûs fan de Holdinga's gou. De namme Auta soe sa in âldere namme fan it goed west hawwe kinne, hoewol't Auta en Nye Holdinga ek oarspronklik aparte saten west hawwe kind. Yn 1640 komme nammentlik Holdinga state (83 pm), Lubma stede (6 pm) en Auta zathe (13 pm) as aparte stimhawwende pleatsen foar, dy't yn 1700 allegear ta Holdinga state mei goed 119 pm gearfoege wiene.

De beide Holdingahuzen, yn Ie en Eanjum, giene fan Wilcke op syn soan Botto fan Holdinga oer. Holdingastate yn Eanjum krige Botto by syn boask mei Hack Feyes Eysinga yn 1535 mei. Hy liet in Latynske kronyk oer de skiednis fan Fryslân nei. Dêryn hie er ûnder oaren omtinken foar de âldens fan syn famylje. Botto's soan Wilcke, dy't ek niget hie oan de genealogy fan syn famylje en boppedat foar hynders, hûnen, de jacht en wetterfûgels, erfde Holdinga State yn Eanjum. Wilcke fan Holdinga wie anty-Spaansk en flechte mei syn heit en oaren nei Emden. Der wurdt wol tocht dat de stins/state yn de striid tsjin de Spanjerts skansearre rekke, meidat er in nije state bouwe liet doe't er yn 1580 werom kaam.

Foarein fan de pleats Nij Holdingastate

Oer Wilcke fererfde Holdinga yn 1595 op syn dochter Doedt van Holdinga, ûnder de betingst dat sy en har neiteam it nea afbreken, verminderen of enige materialen er vandaan zouden vervoeren of vervreemden; maar zij zouden verplicht zijn de huizinge met de hoven, singels en grachten te onderhouden en verbeteren. Boppedat lei Wilcke yn syn testamint foar de state in fideïkommissêre fererving foar de takomst fêst en teffens foar syn memme stamgoed Eysingastate op Rinsumageast. Doedt fan Holdinga, troud mei Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dy't dy betingsten yn har testamint werhelle, fererfde it yn 1627 op harren soan Johan Onuphrius, dy't grytman fan Eastdongeradiel wie.
Yn 1653 wie Holdinga State besit fan syn soan Georg Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Troch de boask fan erfdochter Anna Dodonea mei Hobbe Esaias fan Aylva gie de state opnij yn hannen fan in oare famylje oer. Hobbe urf de state yn 1675. Dêrnei waarden de bern út de beide houliken fan Anna Dodonea yn 1698 mei-inoar eigener en waard de state lange tiid bewenne troch ien fan de erfgenamten, Ulbo fan Aylva. Fan 1729 oant 1757 bewenne syn healbroer en mei-erfgenamt grytman Jarich Georg fan Burmania de state.

De famylje Fan Burmania bleau eigener fan de state fia Julius Hobbe Unia fan Burmania, dy't grytman fan Ljouwerteradiel west hie. De lêste eigener wie Ulbo fan Burmania (1737-1816). Ulbo wie de opfolger fan syn heit as grytman fan Ljouwerteradiel oant er yn 1795 troch de patriotten oan de kant set waard út reden fan syn Oranje-oertsjûging. Heit en soan wennen doe beide op Holdinga, dêr't Julius yn 1798 stoar. Under en nei de Frânske besetting krige Ulbo sokke hege skulden, dat er al syn grûn ferkocht en troch de tiid besocht te kommen as skoalmaster. Syn grutte skuldelêst kaam troch it feit, dat er er safolle stimmen kocht as er koe om sadwaande wer grytman fan Ljouwerteradiel wurde te kinnen. Wilens rekke de state yn ferfal. Yn 1816 waard ien fan de erfgenamten, Arent Johannes fan Sminia, eigener en nei him syn erfgenamten jhr. Hobbe Baert van Sminia, grytman fan Tytjerksteradiel, jkfr. Louiza Albertina Glinstra fan Sminia boaske oan jhr. Robert van Breugel, jhr. Arent Johannes van Sminia te Ryptsjerk, jhr. Arent Johannes van Sminia yn Aldtsjerk jkfr. Maria van Sminia frou fan mr. Marcus van Heloma op It Hearrenfean. Wierskynlik út reden fan it djoere ûnderhâld jouwe sy yn 1830 mr. Frederik Witteveen opdracht ta ferkeap, wat úteinlik ta ferkeap en ôfbraak late op 8 jannewaris 1831.

De keapers fan it haadgebou waarden de timmerman Adam Feddes Sonnema en syn broer Sjoerd Feddes Sonnema, bakker, beide fan Eanjum foar f. 3.491,-. It foarplein waard eigendom fan Adam Feddes Sonnema foar f. 550,-. De timmerman Jacob Bleeker út Dokkum kocht de slotpoarte foar f. 315,-. "De korte reed met hek" waard foar f. 321,- tawiisd oant Wigger Emster Meindersma, bakker yn Eanjum, de twa bûtensingels foar f. 437,- oan Beert Gijsberts Zijlstra, weinmakker yn Eanjum. Adam Feddes Sonnema kocht ek noch "huizinge, schuur en hornleger" fan de slotpleats, dat de gebouwen mei de grûn, foar f. 846,-. Algra skriuwt: Nog geen f. 7000 bracht deze oude burcht op en spoedig klonken de mokerslagen en werd het breekijzer gehanteerd. Boumateriaal wie djoer en krap, dêrom waard alles safolle mooglik opnij brûkt.

Hoewol't it goed fia de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en Van Aylva oergie op de famylje Fan Burmania bleau it fideïkommis fan Holdinga dêrby bestean oant 1816. De nammekombinaasje Wilco Holdinga is by de famylje Thoe Schwartzenberg noch hieltyd yn gebrûk.

Genealogy Holdinga

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: