Hobbe Baerdt fan Sminia (1797-1858)

Ut Wikipedy

Jonkhear Hobbe Baerdt fan Sminia (Ljouwert, 30 septimber 1797 - Burgum, 25 july 1858) wie grytman fan Tytsjerksteradiel tusken 1823 en 1858. Soan fan Hector van Sminia en Wiskje van Haersma. Troude op 15 juny 1823 op It Hearrenfean mei Wiskje Coehoorn fan Scheltinga, dy't him oerlibje soe.

Gie nei it gymnasium yn Ljouwert en waard 7 novimber 1815 yn Grins as studint yn de rjochten ynskreaun. Waard doctor yn de beide rjochten op 19 juny 1821 op proefskrift De pactis (1821). Dêrnei lid fan it Ridderskip, al gau fan de Steaten fan Fryslân en waard 18 febrewaris 1823 beneamd ta grytman fan Tytsjerksteradiel. Fan syn seis bern ferstoar Hector Willem Livius, syn ienige soan, yn 1863 as studint yn Grins; de widdo stoar yn 1879. Hobbe's betoerpake wie de earste dy't de efternamme fan syn mem Anna Maria fan Baerdt oan syn famyljenamme taheakke. Dizze Hobbe Baerdt fan Sminia (1655) kocht yn 1681 de bûtenpleats De Klinze.

Skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei as fersêfting fan húslik leed sette hy him al gau oan it ûndersyk fan de Fryske skiednis. As earste delslach dêrfan publisearre hy Geschiedenis fan de onlusten tusschen de Schieringers en Vetkoopers in Vriesland, troch A.v.H. (Ljouwert, 1827). Geregeld ge hy dêrnei troch mei in ferskate periodiken stúdzjes te publisearjen.Mar syn wichtichste arbeid waard dêrnei de tarieding fan syn grutste wurk, de Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, met eenige geschiedkundige aanteekeningen (Ljouwert 1837). Jierren dêrnei joech Van Sminia in ferfolch, ûnder de titel Naamlijst van de grietmannen, die van 1816 tot 1851 hoofden van de gemeenten ten platten lande in Friesland zijn geweest (Ljouwert, 1851). Yn 1840 wie hy lid fan de Dûbele Keamer; op dat stuit waard hy boppedat beneamd as kurator fan it Ateneum yn Frjentsjer, dat er oant de opheffing fan dizze ynstelling yn 1842 dwaan soe. Oer de skiednis fan syn gritenij joech hy út Wandelingen van mijnen oud-oom den opzigter door een gedeelte van de provincie Friesland; bevattende eene plaatselijke en geschiedkundige beschrijving van de werkzaamheden der grietenij Tietjerksteradeel. Uit de nagelaten papieren van eenen Dorpspredikant, bijeenverzameld door H. van Rollema (Ljouwert, 1841).

Fan Baerdt hat in soad Fryske boeken en artikels oer de Fryske skiednis skreaun:

  • Nieuwe naamlijst van grietmannen (oant 1837, mei supplemint)
  • Wandelingen van mijn oudoom ..... Dizze bewenner fan De Klinze brûkte dan faak syn skûlnamme "H. van Rollema".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: