Springe nei ynhâld

Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Ut Wikipedy
Wapen fan M.O thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg op it monumint by Dokkumer Nije Silen

Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, doopt 14 july 1695 - dêre, 27 april 1758) wie grytman fan de gemeente Dantumadiel en deputearre fan Fryslân.

Schwartzenberg wie in soan fan de grytman fan Barradiel Wilco thoe Schwartzenberg en Hoenlansberg (1664-1704) en Fed Sophia van Goslinga (1660-1727). Syn heit stoar doe't er njoggen wurde moast. Hy waard opbrocht by in omke fan memmekant, Sikke fan Goslinga, grytman fan Frjentsjerteradiel. Sels folge er yn 1725 syn broer Georg Wolfgang op as grytman fan Dantumadiel. Fan 1722 oant 1725 wie er lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân foar Westergoa en yn de jierren 1728 oant 1730 en 1743 oant 1746 wie er deputearre foar Eastergoa.

In 1723 besleaten Depurearre Steaten fan Fryslân dat it Dokkumergrutdjip fanwegen oerstreamingsgefaar ôfsletten wurde moast. Meidat er betûft wie op it mêd fan wiskunde en wetterboukunde waard er, tegearre mei syn amtsgenoat Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen, as kommissaris belêstige mei de oanlis fan de ôfslútdyk oer it Dokkumerdjip en de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Nei't it wurk yn 1792 foltôge wie waard in tinkteken opjochte ter eeuwige nagedachtenis van de overdijking van het Dokkumerdiep. By de feitlike ôfsluting fan it djip wiene beide kommissarissen oanwêzich. Harren wapens krigen in plak op it monumint.

Schwartzenberg boaske juny 1726 yn Rinsumageast oan Margaretha Maria van Gendt (1707-1766), dochter fan Frederik Hendrik van Gendt en Helena Veronica van Aylva. It pear krige twa soannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: