Springe nei ynhâld

André Gide

Ut Wikipedy
André Gide
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme André Paul Guillaume Gide
nasjonaliteit Frânsk
berne 22 novimber 1869
berteplak Parys (Frankryk)
stoarn 19 febrewaris 1951
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurk
taal Frânsk
sjenre lit. romans & koarte ferh., reisferh.,
toaniel, poëzij, essay's, non-fiksje,
autobiografy
perioade Belle Époque, 1e helte 20e iuw
streaming symbolisme, anty-kolonialisme
bekendste
  wurk(en)
Les Cahiers d'André Walter
La Symphonie Pastorale
Voyage au Congo
prizen Nobelpriis 1947
jierren aktyf 18911951
offisjele webside
www.andregide.org

André Gide, folút: André Paul Guillaume Gide (útspr.: [ɑ̃dʁe pɔl ɡijom ʒid] (efternamme: "zjyd"); Parys, 22 novimber 1869 – dêre, 19 febrewaris 1951), wie in Frânsk skriuwer en essayist, dy't sawol bekend wurden is mei syn romans as mei autobiografyske wurken. Fierders skreau er ek reisferhalen. Syn karriêre besloech it hiele spektrum fan 'e symbolistyske beweging fan 'e njoggentjinde iuw oant it anty-kolonialisme yn it Ynterbellum. Op it persoanlike flak wied er iepentlik biseksueel en homorjochte-aktivist yn in perioade dat soks maatskiplik net akseptearre waard. Yn 1947 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.

Gide waard op 22 novimber 1869 berne yn in protestantsk gesin út 'e Frânske middenklasse. Syn heit wie in rjochteperfester oan 'e Sorbonne, dy't yn 1880 kaam te ferstjerren. Gide waard yn isolearre omstannichheden grutbrocht op it Normandyske plattelân, en ûntjoech him ta in produktyf skriuwer en essayist. Syn earste roman Les Cahiers d'André Walter ("De Notysjeboeken fan André Walter"), waard publisearre yn 1891. Syn libben lang wraksele er mei syn seksuële oriïntaasje, mei't er him fral oanlutsen fielde ta manlju. Mei de homoseksuële Britske skriuwer Oscar Wilde, mei wa't er yn Parys yn 'e kunde kaam, reizge er yn 1895 nei Algiers ta. Wilde miende dat er Gide dêr foar it earst op dy syn homoseksuële gefoelens wiisd hie, mar feitliks hie Gide dy earder al op eigen manneboet ûntdutsen.

André Gide yn 1920.

Nei syn memme ferstjerren, yn 1895, troude Gide mei syn folle nicht Madeleine Rondeaux († 1938), mar harren houlik waard nea konsumearre. Hja setten har nei wenjen yn Normandje, dêr't Gide boargemaster waard fan 'e gemeente La Roque-Baignard. Yn 1901 hierde er in hearehûs yn St. Brelade's Bay, op it Kanaaleilân Jersey, dêr't er oant 1907 wenne, yn wat ien fan 'e meast apatyske perioaden fan syn libben wie. Werom yn Frankryk wie Gide yn 1908 behelle yn 'e oprjochting fan it literêr tydskrift Nouvelle Revue Française.

Yn 1916 krige er in hertstochtlike leafdesrelaasje mei Marc Allégret, in fyftjinjierrige jonge mei wa't er 32 jier skeelde. Allégret wie de soan fan Elie Allégret, dy't op Gide syn trouwerij syn tsjûge west hie. Tegearre naaiden se út nei Londen; syn frou Madeleine ferbaarnde út wraak al syn korrespondinsje, dy't er letter betitelje soe as "it bêste diel fan mysels." Yn 'e tweintiger jierren waard Gide in ynspiraasjeboarne foar ferneamde Frânske skriuwers as Albert Camus en Jean-Paul Sartre. Doe't er lykwols yn syn Corydon iepentlik homoseksualiteit ferdigene, waard er dêr rûnom foar feroardiele. Letter neamde er Corydon syn wichtichste wurk.

Underwilens hied er yn 1923 in bern (Catherine) oanset by Elisabeth van Rysselberghe, de (folle jongere) dochter fan syn freonen, de Belgyske keunstskilder Théo van Rysselberghe en dy syn frou Maria Monnom. Dy tige koart duorjende frijaazje soarge foar de iennichste krisis yn syn oanhâldende relaasje mei Allégret, en skansearre teffens syn freonskip mei de Van Rysselberghes. It is wierskynlik dat dit Gide syn iennichste konsumearre heteroseksuële relaasje wie; yn elts gefal wie Catherine syn iennichste neikommeling. Elisabeth van Rysselberghe liket alhiel fan Gide besleifere west te hawwen; úteinlik ferliet se har man om har yn Parys yn it appartemint njonken dat fan Gide nei wenjen te setten en as in soarte fan siktaresse of adjudante de praktyske aspekten fan syn libben foar him te bewurkmasterjen. It is lykwols dúdlik dat harren relaasje tsjin dy tiid folslein platoanysk fan aard wie.

Anty-kolonialisme en anty-kommunisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven foar homorjochten sette Gide him ek yn foar in humanere behanneling fan kriminelen, en wied er in útsprutsen anty-kolonialist en anty-kommunist. Fan july 1926 oant maaie 1927 makke er mei syn minner Allégret in rûnreis troch de koloanje Frânsk Ekwatoriaal Afrika, wêrby't er de Frânske Kongo (no de Republyk Kongo), Ubangui-Sjary (no de Sintraalafrikaanske Republyk), Tsjaad en Frânsk-Kameroen (no Kameroen) oandie. Hy lei syn ûnderfinings dêr fêst yn twa bondels reisferhalen Voyage au Congo ("Reis nei de Kongo") en Retour du Tchad ("Weromkear út Tsjaad"). Dêryn fage er de flier oan mei it Frânske bestjoer fan 'e koloanjes, dat grutte bedriuwen (benammen rubberprodusinten) tastie om 'e pleatslike befolking út te rûpeljen yn in systeem dat neffens Gide noch it measte wei hie fan slavernij. Syn boeken hiene in wichtige ynfloed op 'e anty-kolonialistyske beweging yn Frankryk.

Yn 1936, nei't er al ferskate jierren wat mei it kommunisme flirte hie, waard Gide as foaroansteand skriuwer troch it Sovjet-bûn fan Skriuwers útnûge om 'e Sovjet-Uny te besykjen. Wat er dêr seach, befoel him hoegenamt net, en neitiid kearde er him desyllúzjonearre tsjin it kommunisme en de Sovjet-Uny. Dat kaam him op frijwat krityk út linkse hoeke en it ferlies fan in protte kommunistyske en sosjalistyske freonen te stean, fral nei't er yn 1936 syn nije ideeën publisearre yn 'e bondel Retour de l'U.R.S.S. ("Weromkear út de U.S.S.R.").

Lêste jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Twadde Wrâldoarloch moast Gide Frankryk yn 1942 ûntflechtsje. Dêrnei wenne er oant 1945 yn Tunis. Yn 1947 waard syn literêr talint erkend doe't him de Nobelpriis foar de Literatuer taparte waard. Gide wijde syn lêste jierren grutdiels oan it publisearjen fan syn deiboeken. Hy stoar yn Parys, op 19 febrewaris 1951. Yn 1952 sette de Roomsk-Katolike Tsjerke syn wurken op 'e Yndeks fan Ferbeane Boeken.

  • "Men ûntdekt gjin nije lannen as men der net yn tastimt om tige lang de kust út it each te ferliezen."
  • "Leau harren dy't nei de wierheid sykje. Twifelje oan harren dy't him fine."
In portret fan André Gide troch Paul Albert Laurens (1924).
  • Les Cahiers d'André Walter – 1891
  • Le Traité du Narcisse – 1891
  • Les Poésies d'André Walter – 1892
  • Le Voyage d'Urien – 1893
  • La Tentative Amoureuse – 1893
  • Paludes – 1895
  • Réflexions sur Quelques Points de Littérature – 1897
  • Les Nourritures Terrestres – 1897
  • Feuilles de Route 1895-1896 – 1897
  • El Hadj
  • Le Prométhée Mal Enchaîné – 1899
  • Philoctète – 1899
  • Lettres à Angèle – 1900
  • De l'Influence en Littérature – 1900
  • Le Roi Candaule – 1901
  • Les Limites de l'Art – 1901
  • L'Immoraliste – 1902
  • Saül – 1903
  • De l'Importance du Public – 1903
  • Prétextes – 1903
  • Amyntas – 1906
  • Le Retour de l'Enfant Prodigue – 1907
  • Dostoïevsky d'après Sa Correspondance – 1908
  • La Porte Étroite – 1909
  • Oscar Wilde – 1910
  • Nouveaux Prétextes – 1911
  • Charles-Louis-Philippe – 1911
  • C.R.D.N. – 1911
  • Isabelle – 1911
  • Bethsabé – 1912
  • L'Offrande Lyrique – 1913
  • Souvenirs de la Cour d'Assises – 1914
  • Les Caves du Vatican – 1914
  • La Marche Turque – 1914
  • La Symphonie Pastorale – 1919
  • Numquid et Tu . . .? – 1922
  • Dostoïevsky – 1923
  • Corydon – 1924
  • Incidences – 1924
  • Caractères – 1925
  • Les Faux-monnayeurs – 1925
  • Si le Grain Ne Meurt – 1926 (autobiografy)
  • Le Journal des Faux-monnayeurs – 1926
  • Dindiki – 1927
  • Voyage au Congo – 1927
  • Le Retour de Tchad – 1928
  • L'École des Femmes – 1929
  • Essai sur Montaigne – 1929
  • Un Esprit Non-prévenu – 1929
  • Robert – 1930
  • La Séquestrée de Poitiers – 1930
  • L'Affaire Redureau – 1930
  • Œdipe – 1931
  • Perséphone – 1934
  • Les Nouvelles Nourritures – 1935
  • Geneviève – 1936
  • Retour de l'U.R.S.S. – 1936
  • Retouches â Mon Retour de l'U.R.S.S. – 1937
  • Notes sur Chopin – 1938
  • Journal 1889-1939 – 1939
  • Découvrons Henri Michaux – 1941
  • Thésée – 1946
  • Le Retour – 1946
  • Paul Valéry – 1947
  • Le Procès – 1947
  • L'Arbitraire – 1947
  • Eloges – 1948
  • Littérature Engagée – 1950

Keppelings om uten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.