Ali Hassan Mwinyi

Ut Wikipedy
Ali Hassan Mwinyi
politikus
echte namme Ali Hassan Mwinyi
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 8 maaie 1925
berteplak Kivure (Tanzania)
stjerdatum 29 febrewaris 2024 (98 jier)
stjerplak Dar es Salaam
etnisiteit Swahily
partij Chama cha Mapinduzi (CCM)
presidint fan Tanzania
amtsperioade 19851995
foargonger Julius Nyerere
opfolger Benjamin Mkapa
presidint fan Sansibar
(en as sadanich fise-presidint fan Tanzania)
amtsperioade 19841985
foargonger Aboud Jumbe
opfolger Idris Abdul Wakil
Tanzaniaansk minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme
amtsperioade 19771981
Tanzaniaansk ambassadeur yn Egypte
amtsperioade 19751977
Tanzaniaansk minister fan Binnenlânske Saken
amtsperioade 19721975

Ali Hassan Mwinyi (Kivure, 8 maaie 1925 - Dar es Salaam, 29 febrewaris 2024) wie in Tanzaniaansk politikus fan etnysk Swahily-komôf, dy't fan 1985 oant 1995 de twadde presidint fan 'e Feriene Republyk Tanzania wie. Earder wied er al ambassadeur, minister, fise-presidint en presidint fan 'e autonome republyk Sansibar.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mwinyi waard yn 1925 berne yn Kivure, yn 'e Regio Pwani, oan 'e Swahilykust fan Tanzania. Hy sette útein mei in karriêre yn 'e polityk nei't Tanzania ein 1961 ûnder de namme Tanganjika in ûnôfhinklik lân waard. Yn 'e folgjende desennia beklaaide er ferskate diplomatike amten en teffens ministersposten yn it regear fan presidint Julius Nyerere en binnen de regearingspartij Chama cha Mapinduzi (CCM; "Partij fan de Revolúsje"). Sa wied er fan 1972 oant 1975 minister fan Binnenlânske Saken, fan 1975 oant 1977 ambassadeur yn Egypte en fan 1977 oant 1981 minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme.

Fise-presidintskip en presidintskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1984 oant 1985 wie Mwinyi presidint fan 'e autonome republyk Sansibar, en as sadanich ien fan 'e fise-presidinten fan Tanzania (de oare fise-presidint is de premier fan Tanzania). Doe't Nyerere yn 1985 opstapte as Tanzaniaansk presidint, folge Mwinyi him op. Syn presidintskip stie yn it teken fan 'e ôfskaffing fan it sosjalistyske belied fan syn foargonger en de ynfiering fan 'e frijemerkekonomy. Mwinyi naam de beheinings op ymport wei en fitere it oprjochtsjen fan partikuliere ûndernimmings oan. Dêrmei holp er de Tanzaniaanske ekonomy wer by de wâl op, dy't yn 'e lêste tsien jier fan Nyerere syn bewâld danich yn 'e nederklits rekke wie.

Behalven op it mêd fan 'e ekonomy trune Mwinyi de Tanzaniaanske befolking ek oan ta in frijere moraal, godstsjinstfrijheid en liberalere maatskiplike wearden. Oan dy polityk ûntliende er syn bynamme Mzee Ruksa, dat yn it Swahily safolle betsjut as "Alles Mei". Hy brocht syn belied yn 'e praktyk troch û.m. fanwegen te kommen tsjin islamityske fûnemintalisten dy't bargeslachterijen platbaarnden om't it iten fan bargefleis tsjin harren religy yn gie. Mwinyi stelde dat Tanzania in frij lân wie, en dat wa't bargefleis ite woe, dêr elts rjocht ta hie. Under syn twadde termyn as presidint, dy't yn 1990 begûn, fierde er fierders ûnder druk fan Westerske donorlannen in mearpartijestelsel yn (earder hie de CCM de iennichst tastiene politike partij yn Tanzania west).

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk mei syn presidintskip beklaaide Mwinyi fan 1990 oant 1996 ek it foarsitterskip fan 'e CCM. Nei't yn 1995 syn twadde termyn as presidint ôfrûn, waard er opfolge troch Benjamin Mkapa. Mwinyi loek him doe fan it politike toaniel werom. Hy wenne yn 'e âlde Tanzaniaanske haadstêd Dar es Salaam mei syn frou Sitti, mei wa't er yn 1960 troude. Mei har hied er seis soannen en seis dochters, wêrûnder Hussein Mwinyi, dy't ek de polityk yngie. Yn 2012 krige Ali Hassan Mwinyi in earedoktoraat yn 'e letteren taparte troch de Iepen Universiteit fan Tanzania, en yn 2013 waard him in earedoktoraat yn 'e filosofy en sakemanagement takend troch de Eastafrikaanske Universiteit yn it buorlân Kenia.

Ali Hassan Mwinyi kaam op 29 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 98 jier, yn in sikehûs yn Dar es Salaam te ferstjerren oan longkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.