Springe nei ynhâld

Muoike

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldmuoike)
In muoike mei har muoikesizzer.

In muoike is frou wa har broer of suster ien of mear bern hat. Sokke bern wurde muoikesizzers neamd. Fanút it eachpunt fan 'e muoikesizzer is in muoike de suster fan jins heit of mem. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip. In muoike dielt 25% fan har genetyske opmaak mei har muoikesizzer(s). It eigenskipswurd dat by 'muoike' heart, is muoikich of muoike-eftich. De manlike wjergader fan in muoike is in omke. In synonym foar muoike is tante, dat fan oarsprong in hollanistyske ynterferinsje wie, mar dat no yn it Frysk sa ynboargere is dat it yn it Frysk Hânwurdboek (út 2008) stiet, sij it mei in grutte H fan 'hollanisme' derby. 'Tante' komt trouwens út it Frânsk; it oarspronklike Nederlânske wurd wie moei, dat fan deselde woartel komt as it Fryske 'muoike', en dat nog foarkomt yn it bekende petemoei.

Hoewol't men tsjintwurdich yn 'e regel sprekt fan "muoike Jantsje" of "muoike Pytsje", foege men foarhinne yn it Frysk wol it efterheaksel "-muoi" oan 'e foarnamme fan in muoike ta: "Jantsje-muoi" of "Pytsje-muoi". Soks komt men bygelyks noch tsjin yn Rimen en Teltsjes fan 'e Bruorren Halbertsma, en ek is it (yn ferbastere foarm) bekend fan 'e bynamme 'Marijke-meu' (eins 'Marijke-muoi') foar Maria Louise fan Hessen-Kassel (1688-1765), de frou fan 'e Fryske steedhâlder Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz en de mem fan steedhâlder Willem IV.

Der binne ferskate soarten muoikes. In biologyske muoike is de suster of healsuster fan ien fan jins âlden. As it om in healsuster fan ien fan jins âlden giet, soe men, as it derop oankomt, sprekke kinne fan in healmuoike. In oantroude muoike is de skoansuster fan ien fan jins âlden, en in styfmuoike is de styfsuster fan ien fan jins âlden. Yn alle neamde gefallen wurdt yn 'e regel gewoan fan 'muoike' sprutsen. Dat is net (altyd) it gefal mei in âldmuoike, dat in suster fan jins pake of beppe is. In oerâldmuoike is de suster fan jins oerpake of oerbeppe, in oeroerâldmuoike is de suster fan jins betoerpake of betoerbeppe, en sa fierder. De oantsjutting 'muoike', of faker 'tante', wurdt ek wol brûkt foar froulju dy't gjin famylje mar bygelyks goed mei jins mem befreone binne. Dêrnjonken wurdt 'tante' yn it deistich spraakgebrûk ek wol op denigrearjende of humoristyske wize tapast foar willekeurige froulju, likernôch synonym mei 'frommes': 'wat in rare tante' of 'no, dat is in stevige tante'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes