Springe nei ynhâld

Aldfaers Erf

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Aldfaers Erf rûte is in museumrûte troch trije doarpen yn Fryslân. De museums lizze yn de trijehoeke Boalsert (oan de autowei A7), Makkum en Warkum. Dêryn binne opnomd:

  • It museumdoarp Allingawier, mei yn de pleats 'De Izeren Ko' in tentoanstelling mei ûlebuorden. Fierders wurdt omtinken jûn oan drabbelkoeken, in skilderswinkel en in brânwarhûs mei spuit út 1850. Ek is der in smidte yn de eksposysjetsjerke
  • Yn Eksmoarre stiet in âlde doarpsskoalle, in winkeltsje, in skuonmakkerswurkplak en 'Age's húske'
  • It natuerhistoarysk fûgelmuseum yn Piaam

Inisjatyfnimmer fan it projekt wie Yde Schakel dy't yn 1968 in winkeltsje ta museum makke yn Eksmoarre. De rûte waard útwreide mei ûnder oaren de Izeren Ko. Sûnt 1977 is de museumrûte fan hast 20 km yn hannen fan in stifting.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: