Ald Holdingastate
Holdingastate ek: Old Holdingha wie in state yn Grut Midhuzen by Ie yn de gemeente Dongeradiel. Op it stateterrein stiet noch in wenhûs, de stinswier is ôfgroeven. Oer it ûntstean fan de stins/state is neat bekend.
Holdingen (1511) of Old Holdingha (1640) yn Ie wie grif in âlder hûs fan de Holdinga's as Holdinga yn Eanjum. Gabbe Holdinga, dy't troud wie mei Tiemck Meckema, út de âldste famylje Meckema út Kollum, waard foar de earste kear yn 1444 neamd. Hy sluet doe mei oare haadlingen in ferdrach mei de stêd Grins. Yn 1449 wie Gabbe grytman fan East-Dongeradiel. Oft hy yn Ie of yn Eanjum wenne is ûnbekend. De ienige soan fan Gabbe en Tiemck, Botto, erve yn 1472 it wichtichste Holdinga-goed. 1474 wie Botto mei Gabbe Jaerla en jonge Jucke Wibalda fan Mitselwier yn Dokkum belutsen by de deaslach op Ede Hessels fan Boazum dy't op Tjaerda yn Rinsumageast yntroud wie. Yn 1491 fersette er him mei Feye Hessels (Remmersma), troud mei Botte syn nicht Tieth Meckema, tsjin de folmacht fan it Dokkumer stedsbestjoer oan Minne Jaerla om mei Grins te ûnderhanneljen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1444 Gabbe Holdinga eigener fan de stins yn 1444 en 1449?
- 1472 Botto Holdinga
- 1511 Wilcke Holdinga
- Botto fan Holdinga
- 1640 Doedt fan Holdinga
- 1643 Wilcke Holdinga thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
- 1698 Jan Joosten 2/3, Jan Jansen 1/3
- 1708 Jan Joosten
- 1718 Michiel Freerx Minnema
- 1738 Wikjen Minnema
- 1748 Jan de With
- 1788 Sjoerd Ripperda
- 1818 Dirk Jacobs Holdinga
- 1862 Riemke Jacobs Heeringa, widdo Ids Lieuwes Sijtsma
- 1872 Dieuwke Idzes Sijtsma en Klaas Jelles Wiersma
- 1886 Jelle Klazes Wiersma en Elisabeth Wepkes Botma
- 1898 Siebren Meinderts Douma
- Johannes Siebrens Douma
- sûnt 1907 Fokke Bartels Meirink en Dieuwke Jensma
- sûnt 1939 Barteld Meirink, troud mei L. Westerlaan
- Meindersma-Sybenga Stichting
- 1972 Arie den Besten
- 1980 Roelof Tjerk van der Wal en Elisabeth van Kooten
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|