Springe nei ynhâld

Wibaldastate

Ut Wikipedy
Foarein fan de eardere pleats Wibaldastate, wierskynlik op it plak fan de stins (2009)

Wibaldastate of Wybaldastate is in eardere state en lei súdeastlik fan de herfoarme tsjerke yn Mitselwier. De eksakte lokaasje is ûnwis.

Yn 'e 15e iuw wie Jucke Wibalda fan Mitselwier ien fan de ûndertekeners fan de fersoenbrief tusken Skier en Fet [1]. De jonge Jucke die mei oan de striid tsjin Jongema fan Rinsumageast en waard dêr yn 1474 yn it Tijaardahûs (Tjaardastate) fêstset. Neffens it Register van de Aanbreng út 1511 pachtet Sybren Wybaldus 108 pûnsmiet lân dêr't in Sippe Meckema eigener fan is. De Meckema's wienen yn 1582 noch eigener fan in sate dy't troch in Wibalda bewenne waard.
Nei alle gedachten wie de oarspronklike state (stins?) yn 1511 al fuort. Hy waard doe yn elts gefal net mear troch in ealman bewenne.

Yn de 18e iuw wurdt Wibaldazathe neamd en yn de 19e iuw is it in kop-hals-romppleats dêr't de skuorre fan om 1905 hinne ôfbrutsen is. Yn de jierren sechtich fan de 20e iuw wie de foarein it postkantoar fan Mitselwier. De foarein is noch oanwêzich.

  • Yweke Wybalda, 1422
  • jonge Juicke toe Metzelwier, 1474
  • Sippe Wybalda (1505) alias Sippe (fan) Meckama (1511). Hy komt net yn de genealogy Meckema foar. Nei alle wierskyn wie er in broer van Tieth Meckema; Wibaldastate kaam oan Tiet har soan:
  • Pybe Meckema, 1543 lâneigner yn Mitselwier. Soan:
  • Feye fan Meckema, troud mei Ibel fan Unia. Soan:
  • Julius fan Meckema krijt Wybaldasate yn 1588
  • Cornelius fan Bosman, eigener 1700 (sjoch ek; Bosmanhûs)
  • 1832 J. Reiding
  • 1846 hr. Rijpstra [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Worp fan Thabor IV, 68; Charterboek I, 450
  2. Neisieten: Johannes Rijpstra en Hedzer Rijpstra