Springe nei ynhâld

Albert Sustring

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Albertus Martein Sustring)
Albert Sustring
mei museumpeinje

Albertus Martein Sustring (Ljouwert, 14 july 1903 - Snits 19 septimber 2001), wie goud- en sulversmid, lid fan it Kristlik Frysk Selskip, lid fan de Snitser skientmekommisje. As foarsitter (1951-1975) warber foar it Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer yn Snits. Krige hjirfoar yn 1963 de sulveren museumpeinje. Waard earefoarsitter fan it bestjoer fan it Frysk Skipfeartmuseum. It Snitser Skipfeartmuseum hat yn 2002 út syn neilittenskip in monumintaal wenhûs oan it Lytssân en in jildbedrach urven. Neist tiid foar syn saaklike aktiviteiten en syn aktiviteiten op maatskiplik en kultureel gebiet fûn er ek tiid om te sporten. Hy sylde yn syn Pampus, roeide, tenniste en bokste.

De keuze foar it goud- en sulversmidsfak waard foar Sustring bepaald troch de famyljetradysje. Syn oerpake Albertus Martein Sustring (Snits 1804-1874), troud mei Sjoerdtje Ypes Schotanus (Snits 1803-1880), wie al sulversmid yn Snits, krektas de lykneamde pake Albertus Martein Sustring (Snits 1849-1931), troud mei de Ljouwerter sulversmidsdochter Maaike Bolman (Ljouwert 1852-Snits 1911). Heit Josephus Hendrik Sustring (Snits 1874-Ljouwert 1927) luts mei syn frou, de Gaastmarder boeredochter Akke Johannes Ykema (Hieslum, 1880 - Ljouwert, 1929), nei Ljouwert om him dêr op de Nijstêd as goud- en sulversmid te fêstigjen. As goud- en sulversmid en hie er fan 1928 ôf yn Ljouwert op de Nijstêd syn famyljesaak S. Bolman & Co as opfolger fan syn heit Josephus Hendrik Sustring. Yn 1938 waard de hy direkteur-eigener fan de Snitser Firma Johannes Schijfsma NV, in fabryk en gruthannel yn gouden en sulveren wurken. Earder hie hy syn oplieding as goud- en sulversmid hân yn Schoonhoven en yn Dútslân yn Hanau en Pforzheim.

Yn 1931 boaske Albertus Martein Sustring yn Snits mei Grietje Sytsma (Ealsum, 8 novimber 1904 - Snits, 30 desimber 1999). It houlik mei dizze dochter fan de heareboer en lettere boargemaster fan West-Dongeradiel Sijds Lieuwes Sytsma, duorre 68 jier.

Skreau yn 1948 ûnder skûlnamme de brosjuere Friesland op de Tweesprong, dy't in soad alteraasje joech troch de wjeraksel fan de skriuwer tsjin de Haachske amtnerij yn Fryske oangelegenheden. ( "De staatkundige verhouding tussen Friesland en Holland deugt niet" ). Wie fan 1948 oant ± 1972, neist Eeltsje Boates Folkertsma, ien fan de oprjochters en lieders fan it Striidboun Fryslân Frij (1948-1977). Sustring hearde ta de oprjochters fan de Keunst- en Kunstniverheidsskoalle Vredeman de Vries yn Ljouwert. Yn 1947 rjochte hy, ûnder oaren mei Eeltsje Boates Folkertsma en dr. Tony Feitsma, It Striidbûn Fryslân Frij op.

Frysk Skipfeart Museum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
25 jier goudsmid, 1928-1953
{Frysk Skipfeart Museum)

It yn 1938 stifte Frysk Skipfeart Museum moast yn de Twadde Wrâldoarloch syn doarren slute, mar begûn yn 1947 oan in twadde en bloeiende faze fan syn bestean. Albertus Martein Sustring waard doe bestjoerslid en hy spile fuortendaliks in grutte rol by de oankeap fan it hjoeddeiske museumgebou Lytssân 12. Yn 1949 waard hy foarsitter fan de Feriening Frysk Skipfeart Museum en soe dat bliuwe oant 1975.

It museum groeide ûnder syn foarsitterskip almar troch wat de kolleksje, de gebouwen en de aktiviteiten oanbelange en dat ûndanks dat der meastentiids mar in bytsje en bytiden hieldal gjin personiel wie. Sustring hie de deiske lieding fan it museum en dat hold ek yn dat er in protte útfierende taken hie, en dat neist syn gewoane wurk. De niget fan Sustring oan uteringen op it mêd fan keunst en ambachtskeunst brochten him ta it oanlizzen fan in grutte bibleteek en late ek ta syn beneaming as foarsitter fan de Provinsjale Wolstânskommisje (de foarrinner fan Hûs en Hiem) en fan de Gemeentlike Wolstânskommisje fan Snits.

Syn wurk foar it museum waard yn 1964 troch it Ryk wurdearre mei de takenning fan de museumpeinje. By syn ôfskied as bestjoerslid fan it museum yn 1975 en nei in foarsitterskip fan 26 jier, beneamde it bestjoer him ta syn earefoarsitter. Ek waard er beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De sulverseal fan it museum krige doe de namme A. M. Sustringseal.

It ôfskied as bestjoerslid fan it museum barde neidat er syn saaklike aktiviteiten al beëinige hie. Fan 1975 oant syn ferstjerren yn 2001, mei 98 jier, wie er benammen dwaande mei it útwreidzjen fan syn bibleteek yn it 19e-iuwske hearehûs Lytssân 40 yn Snits, dêr't er him yn 1991 mei syn frou Metterwoon fêstige.

Albertus Martein Sustring wie in man dy't ûnfersteurber syn eigen gong gie en oant de ein fan syn libben sels baas bliuwe woe. Yn it museum hie hy wol meibesjoersleden en de konservator, dr. Herre Halbertsma om him hinne, mar dochs wie syn lieding fan it museumwurk tige persoanlik fan aard. Unôfhinklik en sûnder in soad ynbring fan oaren regele en die hy de museumsaken leafst safolle mooglik sels. Hy libbe him benammen út yn it bouwen, ferbouwen, ynrjochtsjen en op 'en nij ynrjochtsjen fan it museumkompleks. It slagge him ek om hjir de nedige sinten foar op it kleed te krijen. Syn ynteresse foar boukeunst, ynterieurkeunst en ambachtskeunst makken dat er bewust keas foar eigentiidske presintaasjes yn it museum.

De hear Sustring dy't grifformeard wie "mei behâld fan eigen fielen", sa't er it sels neamde, woe net as tradisjoneel beskôge wurde, mar modern wêze en dwaan. Hy woe meigean yn de uteringen fan moderne keunst, dy't hy in plak joech yn it Frysk Skipfeart Museum, út soarte bûten de museale tema's om. Al wurkjend, ferheljend en benammen posearjend, gie hy syn eigen gong. Yn oerlis mei syn frou hat er harren neilittenskip ornearre foar de Feriening Frysk Skipfeart Museum.

De neilittenskip, besteande út jild, it monumintale hearehûs Lytssân 40 yn Snits mei de dêryn oanwêzige samling sulversmidark en bibleteek, waard ûnderbrocht yn in apart Sustring-Sytsmafûns. Op 3 jannewaris 2000 en op 22 septimber 2001 Sustring en de frou op "it klokhûs fan Idzegea", dêr't se beide ûnder tige barre omstannichheden ta rêste lein waarden by harren foarâlden en besibben út it skaai Ykema, tichtby it grêf fan de skriuwer en sjoernalist Jan Piebenga, dy't yn 1936 dichte:

Idzegea, namme fen ieuwen,
sjong sêft nou en hearlik yn my,
Wizen fen tiden en minsken,
sa lang nou al gien en foarby.
………………………………
Skimen forrize en driuwe
en dounsje oer grêven en blomt,
Jaen hjar oerein om my hinne
en wachtsje oant ienris ek komt
Ynkear for hjarren in stiltme,
en neat mear de rêst fen dit lân
Skeint en ûntnimt it de wijing,
as dêrmei út ieuwene bân
Losbrekt de minskene sûnde
en 't libben hat macht oer de dea,
Macht oer it wifkjende twiljocht
oer pine fen wédom en wea ……

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>