Springe nei ynhâld

Africa Sexx

Ut Wikipedy
Africa Sexx
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Africa Allen, Africa Sexxx, Africh
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 april 1973
berteplak Stockton (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20002004, 20072009, 2019
offisjele webside
Africa Sexx op MySpace

Africa Sexx, echte namme ûnbekend (Stockton (Kalifornje), 10 april 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja moat net betize wurde mei de (tsien jier jongere) pornoaktrise Africa. De artystenamme fan Africa Sexx wurdt ek wol stavere as Africa Sexxx, en se hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Africa Allen en Africh. Hja sette yn 2000 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films. Dêrby kaam se benammen bekend te stean om har grutte natuerlike hingelboarsten. Yn 2009 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Africa Sexx waard yn 1973 berne yn Stockton, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, mar se groeide fierhinne op yn Sacramento, dêr't se de middelbere skoalle folge oan 'e John F. Kennedy High School. As tiner wie se seksueel aktyf; se rekke swier en waard in allinnichsteande mem. Om harsels en har bern te ûnderhâlden, begûn se te wurkjen as stripper, mar meitiid waard se by har fêste stripklub ûntslein om't de eigner net oer har grutte hingelboarsten mocht.

Koarte tiid letter naam in freondinne fan Sexx in filmke fan har op wêryn't se topless oan it joggen wie en fitnessoefenings die. It die bliken dat lang net eltsenien it mei de stripklubeigner iens wie, want dat filmke late ta útnûgings om mei te wurkjen oan neakenfotografyske reportaazjes yn 'e neakenblêden Voluptuous en Score, dy't har talizze op modellen fan it grutte-boarstesjenre. Dy beide fotoreportaazjes foarmen de grûnslach foar soartgelikense súksessen fan Sexx as neakenmodel, wêrby't har earder ferfijde hingelboarsten krekt har grutste pluspunt blieken te wêzen.

Fia-fia rekke Sexx belutsen by de Amerikaanske pornoyndustry, en yn 2000, doe't se 27 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Africa Sexx ûnder har karriêre as pornoaktrise yn krapoan fjirtich films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Caballero Home Video, The Score Group, West Coast Productions en Anabolic Video. Dêrby wurke se gear mei manlike tsjinspilers as J.T. Money, Lexington Steele en Mark Wood. Har wurk heart foar it meastepart ta it sjenre fan 'e milfpornografy. Fanôf 2004 wie Sexx trije jier lang fanwegen in houlik net aktyf yn 'e pornoyndustry, yn 2007 makke se in comeback en wurke oant 2009 as pornoaktrise. Yn 2019 se makke op 'e nij in comeback.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Africa Sexx is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 67 kg, en in natuerlike kupmaat 34G. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se allikemin.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: