The Score Group

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Voluptuous (tydskrift))
Quad International, Inc.
(The Score Group)
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij, pornografyske filmstudio
haadkertier Miami (Floarida)
oprjochte 1991
offisjele webside
www.scoregroup.com

The Score Group (TSG) is de hannelsnamme fan in Amerikaansk bedriuw dat eins fan Quad International, Inc. hjit, en dat him taleit op 'e produksje fan neakenfotografy en pornografy. It waard yn 1991 oprjochte, en is fêstige yn Miami, yn 'e Amerikaanske steat Floarida.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

TSG jout ferskate foaroansteande neakenblêden út dy't eltse moanne ferskine, lykas harren haadpublikaasje Score (sûnt 1991), wêryn't fral fotorapportaazjes mei rûnboarstige modellen steane; Voluptuous (sûnt 1997), mei itselde soarte foto's mar dan inkeld fan "natuerlike" modellen (dy't dus gjin boarstfergrutting ûndergien hawwe); Naughty Neighbors, mei modellen fan tusken de 18 en 20 jier; en Leg Sex, dat him rjochtet op it manlik publyk mei in skonke-fetisj. Dêrnjonken publisearret TSG ek guon tydskriften dy't ien kear yn 't fearnsjier ferskine, en dy't harren konsintrearje op lytsere segminten fan it manlik publyk, mei titels dy't net folle oan 'e ferbylding oerlitte, lykas XL, 40something, 50Plus Milfs, 60Plus Milfs en New Cummers. It mainstream-manljusblêd Looker ferskynt ek fjouwer kear yn 't jier.

Fierders publisearret The Score Group ek lyksoartige ynhâld fia syn ûnderskate websiden, lykas Scoreland.com, Voluptuous.com, 18eighteen.com, LegSex.com, XLgirls.com, 40SomethingMag.com, 50PlusMilfs.com, 60PlusMilfs.com en NewCummers.com. Boppedat makket TSG ek syn eigen eroatyske en pornografyske films, dy't it foar in part distribuëarret fia Pure Play Media en foar in part fia eigen websiden, lykas SCOREVideos.com en SCOREHD.com.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.