Gouden Liuw
Gouden Liuw | ||
Regisseur Todd Philips mei de Gouden Liuw dy't er yn 2019 wûn foar syn film Joker. | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Grutte Ynternasjonale Priis fan Feneesje | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
útrikt foar | bêste film | |
útrikt troch | Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje | |
frekwinsje | 1× jiers | |
datum | ein augustus, begjin septimber | |
plak | Feneesje (Itaalje) | |
ynsteld | 1946 | |
1e útrikking | 1946 | |
offisjele webside | ||
www.labiennale.org |
De Gouden Liuw (Italjaansk: Leone d'Oro) is de wichtichste priis dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en takend wurdt oan 'e as bêste beoardiele film. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje is (yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn) ien fan 'e trije meast prestizjeuze ynternasjonale filmfestivals, en wurdt elts jier ein augustus, begjin septimber holden wurdt yn 'e stêd Feneesje. De Gouden Liuw waard yn 1946 ynsteld ta ferfanging fan 'e eardere Mussolini Trofee (Coppa Mussolini). De earste trije jier hiet de priis Grutte Ynternasjonale Priis fan Feneesje (Gran Premio Internazionale di Venezia); pas mei yngong fan 1949 waard de namme 'Gouden Liuw' brûkt. Sûnt 1970 wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje ek in oeuvrepriis útrikt: de Gouden Liuw foar it Oeuvre (Leone d'Oro alla Carriera).
Winners fan 'e Gouden Liuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gouden Liuw foar it Oeuvre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1970 waard (foar it jier 1969) de Gouden Liuw foar it Oeuvre (Leone d'Oro alla Carriera) ynsteld (soms ek de Gouden Eareliuw neamd), in oeuvrepriis dy't elts jier oan ien of mear persoanen útrikt wurdt dy't in wichtige bydrage oan 'e Italjaanske of ynternasjonale filmyndustry levere hawwe.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|