Ghoul (mytysk wêzen)
In ghoul (útspr.: [gu:l], likernôch: "gûûl"), ek wol in lykgeast, grêfskeiner of likesteller neamd, is in soarte fan meunster of demon dy't oarspronklik út 'e pre-islamityske folkloare fan it Arabysk Skiereilân en Iraan komt. Sokke, gauris omskreaun as ûndeade, wêzens wurde sterk assosjearre mei begraafplakken en mei it iten fan it fleis fan ferstoarne minsken. Ghouls komme foar yn in protte Arabyske folksferhalen. Dêrútwei waard de term yn 1786 yn it Ingelsk yntrodusearre troch de skriuwer William Beckford, dy't yn syn roman Vathek sa'n wêzen beskreau. Neitiid krong de ghoul út it Ingelsk wei troch yn 'e moderne horror- en fantasyliteratuer fan 'e Westerske wrâld.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ingelske ferbastering ghoul komt fan it Arabyske wurd غول, ġūl (útsprutsen mei de g fan "bûge" en de lange û fan "sûch"), fan it tiidwurd غَالَ, ġāla, dat "gripe" (om te ferslinen) betsjut.
Folkloare
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Arabyske folkloare libje ghouls op begraafplakken en oare net troch minsken bewenne oarden. In manlike ghoul is in ġūl en in froulikenien wurdt in ġūla neamd. Froulike ghouls komme in soad yn Arabyske folksferhalen foar, dêr't sokke wêzens soms umm ġūla, "mem ghoul" neamd wurde. Se wurde foarsteld as boasaardige wêzens dy't ûngelokkige lju, almeast manlju, meilokje nei harren wente dêr't se harren deadzje en fersline kinne.
Yn guon Arabyske folksferhalen is de ghoul in fan stal wikseljende demon dy't yn 'e woastyn libbet, en de foarm fan in bist oannimme kin, yn 't bysûnder dy fan in hyena. Hy lokket ûnfoarsichtige minsken de woastyn yn of nei oare ferlitten plakken, dêr't er harren deadzje en opite kin. Ghouls soene ek graach jonge bern ta proai meitsje, bloed drinke, muntstikken stelle en liken fan minsken opite dy't troch oare oarsaken ferstoarn binne. Dêrnei soene se de foarm oannimme kinne fan 'e persoan dy't se it lêst opiten hawwe.
Pas doe't Antoine Galland fan 1704 oant 1717 de ferhalen fan Tûzen-en-ien Nacht yn it Frânsk oersette, krong de ghoul foar it earst troch yn 'e Westerske kultuer.
Islamtityske mytology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de ghouls net foarkomme yn 'e Koraan, bestiet der wol in myte ferteld troch guon islamityske skriftgelearden, dy't útleit wêr't ghouls wei komme. Neffens dat ferhaal hiene de demoanen oarspronklik tagong ta de himels, dêr't se God en de ingels ôfharken en dan weromkearden nei de ierde om ferburgen kennis troch te jaan oan heldersjenden en mediums. Doe't de profeet Jezus berne waard, waarden trije fan 'e fjouwer himels foar harren sletten, en doe't de profeet Mohammed berne waard, ferlearen se ek de tagong ta de fjouwer oare himels. Dejingen fan 'e demoanen dy't dochs noch besochten de himels yn te kringen, waarden libben ferbrând troch kometen. De measten kamen dêrtroch om, mar dejingen dy't it oerlibben, rekken misfoarme en sljochtsinnich en wiene doemd om troch de woastyn te doarmjen yn 'e foarm fan ghouls.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|