Iemskanaal
It Eemskanaal is in 26,5 km lang, 60 meter breed, farwetter dat de stêd Grins (it Ferbiningskanaal / Easterhaven, Wynskoaterdjip en Van Starkenborghkanaal) mei Delfsyl (de Iems) ferbynt. It kanaal is oanlein tusken 1866 en 1876 en is yn 1963 ferbrede.
It kanaal is in skipfeartferbining fan belang (gaadlik foar coasters) en is tagelyk de wichtichste wetterôffier fan it noardeasten fan Drinte (de Hunze en de Drentsche Aa) en de krite om Hoogezand-Sappemeer hinne, dêr't in soad skipsbou sit.
Skiednisnis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste desennium fan de 19e iuw waard de ôfwettering yn Drinte en Grinslân in nuodlike saak[1]. De ferfeanting joech in protte ekstra wetter dat ôffierd wurde moast. Al dat wetter moast oer Grins en it Reitdjip nei de Lauwerssee. Dat slagge lykwols net sa goed fanwege de relatyf hege ebstannen; benammen by in oanhâldende westewyn ûntstienen swierrichheden[1]. Der kaam it plan om de ôfwettering te ferlizzen nei de Dollard. Der leine al plannen klear foar in kanaal foar de skipfeart tusken de provinsje-haadstêd en Delfsyl dat tagelyk foar de ôfwettering tsjinje koe. Yn 1877 wie it Iemskanaal klear[1]. It kanaal foldie tige bêst foar de ôfwettering; de streaming makke it kanaal breder en it bleau goed op djipte. De skipfeart waard dêrtroch wol slim behindere; de mannichte wetter dat ôffierd wurde moast wie grut en by it spuien koe de streamsnelheid 1 meter/sekonde berikke sadat skipfeartferkear suver net mooglik wie[1].
Yn 1958 waard by Delfsyl de ferbining mei see ferfongen. De âlde ferbining wurdt sûnt allinne noch foar it ôfwetterjen brûkt, wylst de skipfeart troch de nije ferbining giet. Itselde jier waard ek de Oosterhornhaven oanlein, dêr't no it grutste yndustryterrein fan Delfsyl leit (ûnder oaren op it plak fan it eardere doarp Heveskes).
De boaiemdaling troch ierdgaswinning makke grutte oanpassings fan iggen en diken fan it kanaal nedich; in wurk dat yn de perioade 1993 oant en mei 1995 útfierd waard.
Yn 2011 waard bekend dat it kanaal oergiet fan de provinsjes Fryslân en Grinslân nei Rykswettersteat. De minister van Ynfrastruktuer en Miljeu betelle der foar ien kear € 186 miljoen foar[2].
Rekonstruksje farrûte De Lemmer-Delfsyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rykswetersteat is út einset mei in rekonstruksje fan de farrûte Lemmer-Delfsyl[3]. De farrûte rint fia it Prinses Margrietkanaal nei it Van Starkenborghkanaal en einiget yn it Iemskanaal. It trajekt is ien fan de drokste en wichtichste fan Nederlân en ferfier en plesierfeart waakse allegeduerigen. Om dy groei oan te kinnen wurdt de farwei ferbrede en ferdjippe, sadwaande kin aanst de grutste der gebrûk fan meitsje, de klasse Va. Fierders wurdt in part fan de ouwers oanpast en wurde seis brêgen ferfongen. It wurk soe om 2017 dien wêze moatte.
Fersterkjen fan de diken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jannewaris 2012 rekke de Iemskanaaldyk ûnder Woltersum bot ferswakke troch it hege wetterpeil. De dyk lekte kwelwetter en der wie in lytse kâns op trochbrekken. Ynwenners út doarpen yn de omkriten moasten út harren huzen wei. Febrewaris waard de kaai by Woltersum ferstevige mei in ekstra klaailaach, in tydlike oplossing.
Mids 2012 berjochte Wetterskip Noardersylfest dat der € 1,1 miljoen ynvestearre wurde sil yn it fersterkjen fan parten fan de Eemskanaalkade Noordzijde[4].
Roeiwedstriid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1988 organisearret de Grinzer Studinte Roeiferiening 'Aegir' de 6 km lange roeiwedstriid De Hel van het Noorden op it Iemskanaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|