Springe nei ynhâld

Algonkwynske talen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 sep 2018 om 07.27 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Algonquian_langs.png ferfange troch Algic_langs.png (troch CommonsDelinker om't: Duplicate: Exact or scaled-down duplicate: c::File:Algic langs.png).)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Algonkwynske talen
algemien
lokaasje sintraal en eastlik
Noard-Amearika
tal talen ±26 en ±27 †
tal sprekkers <150.000
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
subgroepen Eastalgonkwynsk
Flakte-Algonkwynsk
Middenalgonkwynsk
taalkoades
ISO 639-5 alg

De Algonkwynske talen binne ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. Mei de lytse isolearre talen Joerok (Yurok) en Wiot (Wiyot) foarmje de Algonkwynske talen de (mar justjes) gruttere Algyske taalfamylje. It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e Rocky Mountains. It Proto-Algonkwynsk, de oertaal dêr't alle lettere Algonkwynske talen út fuortkomme, waard tusken 2.500 en 3.000 jier lyn sprutsen, mar taalwittenskippers kinne it der net oer iens wurde wêr't dat krekt wie.

Krektlyk as mei de Irokeeske talen it gefal is, wêrfan't de sprekkers de tradisjonele fijannen fan 'e Algonkwynsktalige folken wiene, binne ek in protte Algonkwynske talen útstoarn sûnt de Jeropeeske kolonisaasje fan it Noardamearikaanske kontinint yn 'e santjinde iuw begûn. In grut tal oare Algonkwynske talen ferkeare op 't heden op it rântsje fan it útstjerren, mei sprekkersoantallen fan minder as hûndert en soms sels minder as tsien. Oan 'e oare kant omfettet de Algonkwynske taalfamylje ek guon fan 'e meast sprutsen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika, lykas it Kry (Cree) en it Odjibwe (Ojibwe), mei (yn 1999) 60.000, resp. 45.000 sprekkers. Ien taal, it Massatsjûset, is koartby nij libben ynblaasd nei't er mear as in iuw lang útstoarn west hie.

Fersprieding fan 'e Algonkwynske talen yn Noard-Amearika (foar de kolonisaasje fan it kontinint troch de blanken).

De namme "Algonkwynsk" (Ingelsk: Algonquian) moat trouwens net betize wurde mei de derop lykjende oantsjutting Algonkin (Ingelsk: Algonquin of Algonkin), dat in nau mei it Odjibwe besibbe Algonkwynske taal is.

Saakkundigen wolle wol hawwe dat de term "Algonkwynsk" (Ingelsk: Algonquian, útspr.: [æl'ɡɔnkwiən] of [æl'ɡɔnkiən]) ôflaat is fan it Malisiit-wurd elakómkwik (útspr.: [ɛlæ'ɡomoɡwik]), wat "hja binne ús sibben" of "hja binne ús bûnsmaten" betsjut.

De talen dy't de Algonkwynske taalfamylje omfiemet, wurde tradisjoneel ûnderferdield yn trije taalkloften, te witten: de Flakte-Algonkwynske talen, de Middenalgonkwynske talen en de Eastalgonkwynske talen. De earste beide fan dy taalgroepen wurde lykwols yn 'e regel as geografyske kloften beskôge ynstee fan taalkundigen; d.w.s. de talen yn dy groepen wurde mei-inoar ûnder ien term beflapt om't se yn inoars fysike neite sprutsen waarden, net om't se wier-wier in besibbe taalkloft foarmje. Binnen de Algonkwynske talen is oant no ta inkeld fan 'e Eastalgonkwynske taalgroep bewiisd dat se neier oaninoar besibbe binne as oan 'e rest fan 'e famylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.