Springe nei ynhâld

Piipljurk

Ut Wikipedy
piipljurk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje piperfûgels (Motacillidae)
skaai pipers (Anthus)
soarte
Anthus pratensis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De piipljurk (Anthus pratensis) is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels.

Oare Fryske nammen

De piipljurk wurdt ek wol daamljurk of greidepiper neamd. De piipljurk is gjin 'ljurk' yn taksonomyske sin, mar in 'piper'.

Foarkommen

De piipljurk is yn fûgeltsje fan 15 sm d.w.s. sa grut as in (hús)mosk, mar slanker. Lykas oare pipers, sa as de beampiper en de wetterpiper, hat de piipljurk in streekte, griisbrune en grienbrune rêch. De kop hat ljochte each- en kinstreken. De boarst is ek streekt en de bûk is fealwyt ta gieleftich. Underskied mei oare pipers, yn 't bysûnder de beampiper, is dreech te sjen.

Fersprieding

De piipljurken komme foar yn it iepen fjild, op boulân en yn greiden, mar ek in heide- en dúngebieten. De fûgels briede yn Noard- en Midden-Jeropa en Aazje, en oerwinterje meast yn Súd-Jeropa, Noard-Arika en Súd-Aazje.

Yn Nederlân is de piipljurk noch in algemiene briedfûgel, trochtrekker en wintergast, mar de oantallen nimme stadich ôf: yn 2013-2015 wiene der noch 55.000-80.000 briedpearen, mei de heechste konsentraasjes yn Grinslân, Fryslân, Flevolân en Seelân. De fûgel stiet op de Nederlânske Reade list fan fûgels as 'gefoelich'.

Iten

De piipljurken ite meast ynsekten en spinnen, yn de winter ek slakken en sieden.

Fuortplanting

It piipljurk-wyfke makket in nêst op de grûn ferside tusken de begroeiing. Yn it nêst leit it wyfke 3-5 spikkelde aaien fan ferskate kleuren, meast griisblau en brún. Sy briedt de aaien yn 11-15 dagen út, wêrnei't de jonge fûgels noch 12-14 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. It piipljurknest is in favoryt plak fan de koekoek om har aaien te lizzen.

Taksonomy

De piipljurksoarte is monotypysk, d.w.s. dat der gjin ûndersoarten binne.

Keppelings om utens