De lytse bearen binne middelgrutte bisten mei in langhalich, slank lichem en in lange sturt. De kop is frij rûn en de earen binne lyts oant middelgrut. Lytse bearen binne saneamde soalgongers, dy't rinne op 'e soallen fan 'e poaten. De efterpoaten binne ornaris wat langer as de foarpoaten en de fiif teannen binne foarsjoen fan sterke klauwen. Lytse bearen binne tige handich mei de foarpoaten, dy't suver wol lytse 'hantsjes' lykje. It binne omnivoaren, dy't sawol dierlik as plantaardich guod frette. Lytse bearen binne goede klimmers. De measte soarten binne nachtaktyf. Se komme foar yn in ferskaat oan biotopen, fan it tropysk reinwâld oant de iepen flakte en fan berchtmen oant moerassen. Ien soarte, de waskbear, hat him ek oanpast oan it libjen yn grutte stêden.