Springe nei ynhâld

Skingen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 mrt 2024 om 00.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oare posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Skingen
Buorren
Buorren
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 110 1 jannewaris 2023
Oerflak 1,83 km², wêrfan:
- lân: 1,82 lân km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 55 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 12' N 5° 35' E
Offisjele webside
Side Skingen-Slappeterp
Kaart
Skingen (Waadhoeke)
Skingen

Skingen is in terpdoarp bewesten Dronryp yn de gemeente De Waadhoeke.

Op 1 jannewaris 2023 hie Skingen 110 ynwenners.

Fynsten út de Romeinske tiid yn de terp bewize dat op it plak al oan it begjin fan de jiertelling bewenne waard. De âldste bekende namme fan Skingen is 'Scinghnum' yn 1132, mar de betsjutting fan de namme bliuwt dizenich.

Stevenstsjerke

De oan Marije wijde midsiuwske tsjerke moast al yn de 11e of 12e iuw boud wêze en hearde by it dekanaat fan Menaam. Nei de reformaasje waard Skingen tsjerklik kombinearre mei Slappeterp. De midsiuwske tsjerke waard yn 1877 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije tsjerke neffens it ûntwerp fan F. Brouwer út Koarnjum.

Om't Skingen wat fansiden lei, hie it doarp net in soad lêst fan de striid tusken Fetkeapers en Skieringers.

Yn 'e lette midsiuwen sloech de adel ek yn Skingen foar master op. Yn 1548 boude de nei alle gedachten grut-boer Symon Wobbinge it Wobbema-slot, dat yn de 17e iuw troch de Van Eminga's bewenne waard. Om 1700 hinne wie it slot al brekfallich woarn en yn 'e twadde helte fan de 18e iuw folge de ôfbraak. In lyts bytsje súdlik fan it Wobbema-slot stie oan de oare kant fan de hjoeddeiske A31 op it plak fan de Ryksstrjitwei 7 de Stedehoudersstate (ek: Stehoudersstate). Op de kaart fan Schotanus komme beide states noch foar. Wannear de Stedehoudersstate ôfbrutsen waard is net bekend. De hjoeddeiske pleats waard om 1780 hinne boud en by de bou dêrfan is sloopmateriaal fan de state brûkt.

Yn 1842 waard de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Harns oanlein. Begjin jierren 1980 waard noardlik fan de Skalsumer Feart oer de himrik fan Skingen in diel fan de A31 tusken Dronryp en Harns oanlein.

De himrik fan Skingen

Skingen foarmet mei Slappeterp in twillingdoarp. De doarpen hawwe in mienskiplik doarpsbelang en oan de Slappeterpsterdyk stiet tusken Skingen en Slappeterp it mienskiplike doarpshûs 'Op Healwei'.

De Wikipedy hat ek in side Stevenstsjerke (Skingen).

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Buorren

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 109 136 137 140

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Alddyk, Anemawei, Buorren, Slappeterpsterdyk, Wobbemaleane.

In ferneamde ynwenner fan Skingen wie Hillebrandus Goffredus (1483-1487), of Hillebrand Goffert, dy't letter pastoar yn Huzum wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: