Santa Monica (Kalifornje)
Santa Monica | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 89.736 (2010) | |
Oerflak | 21,8 km² (ynkl. wetter) 21,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.117,3 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 32 m | |
Oar | ||
Stifting | 1875 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 34°01′19″N 118°28′53″W | |
Offisjele webside | ||
www.smgov.net | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Santa Monica yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Santa Monica is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It makket ûnderdiel út fan Los Angeles County, en wurdt oan trije kanten omsletten troch it folle gruttere Los Angeles (oan 'e fjirde kant leit de Stille Oseaan). Santa Monica is in begoedige stêd, dêr't har in protte ferneamde lju en topûndernimmers út 'e filmwrâld nei wenjen set hawwe. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie de stêd doe krapoan 90.000 ynwenners. Santa Monica makket diel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krite dêr't Santa Monica no leit, wie lange tiid it wengebiet fan 'e Tongva-Yndianen. De earste Jeropeänen dy't it gebiet besochten, wiene de leden fan 'e ekspedysje fan Gaspar de Portolà, yn augustus 1769. De hiele streek waard ferneamd nei de hillige Monika, de mem fan 'e tsjerkfaar Augustinus, neffens ien ferhaal fanwegen de waarmwetterboarnen dy't de preester Juan Crespí, ien fan Portolà syn selskipslju, de triennen fan 'e hillige Monika yn 't sin brochten (dy't hja gûld hie om 'e iere sûndigens fan har soan). Tsjin 'e iuwwiksel fan 'e achttjinde op 'e njoggentjinde iuw waard de namme Santa Monica frij algemien brûkt.
Nei't Kalifornje yn 1848 by de Feriene Steaten kommen wie te hearren, fêstigen har de earste Amerikaansk kolonisten yn 'e krite fan Santa Monica. Yn 1875 waard in delsetting stifte, dy't krektlyk Santa Monica kaam te hjitten, en dy't yn 1886 offisjeel de status fan stêd krige. Doe't oan 'e ein fan 'e iuw de Southern Pacific Railroad út it easten wei nei Los Angeles ta oanlein waard, ûntstie der ûnienichheid oer wêr't it spoar einigje moast (want dêr moast dan ek in seehaven komme). It liek der in hoartsje op dat de kar op Santa Monica falle soe, mar úteinlik waard yn 1897 dochs foar de Baai fan San Pedro keazen, dêr't tsjintwurdich de haven fan Los Angeles sitewearre is.
Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw, doe't pieren mei ferdivedaasjefasiliteiten derop yn 'e moade kamen, waard yn 1909 de ferneamde Santa Monica Pier oanlein, kompleet mei reuzerêd en oare merke-attraksjes. Yn dyselde snuorje waard de sport strânfollybal yn Santa Monica útfûn. De stêd begûn him te ûntjaan ta in fakânsje-oard, mei in bloeiende hotel- en ferdivedaasjebrâns. Om't dat soarte dingen it earste wie dêr't men yn 'e Krisisjierren op besunige, hie Santa Monica slim te lijen ûnder de Grutte Depresje.
Yn 1921 hie ûnderwilens Donald Wills Douglas sr. yn Santa Monica de Douglas Aircraft Company oprjochte (dy't letter opgean soe yn McDonnell Douglas). It bedriuw hold oant 1968 fasiliteiten yn 'e stêd, en wie der foar in grut part ferantwurdlik foar dat Santa Monica troch de Krisis hinne skuord waard. Doe't de Twadde Wrâldoarloch begûn, groeide it fleantúchfabryk as koal, en yn 1943 wiene der 44.000 minsken wurksum. Om't men benaud wie dat de Japanners in loftoanfal op it fabryk prebearje soene, waarden dekôrûntwerpers fan 'e Hollywoodske filmstudio Warner Bros. ynset om 'e gebouwen te kamûflearjen.
Nei in resesje yn 'e sechtiger en santiger jierren begûn de pleatslike ekonomy yn 'e tachtiger jierren wer by de wâl op te klauwen. Yn 'e foargeande desennia hie men de Santa Monica Pier slim fertutearzje litten, en alle soartgelikense pieren dy't de stêd ienris teld hie, wiene yn 'e santiger jierren al sloopt. By in pear foarjiersstoarmen yn 1983 gie hast in trêdepart fan 'e Santa Monica Pier ferlern. Dêrnei waard de pier einlings en te'n lêsten renovearre, in projekt dat $43 miljoen koste. Yn 2003 kaam Santa Monica yn it nijs om't de gemeenterie in ferbod ynfierde op it útdielen fan iten oan dakleazen, yn in besykjen om sokke lju de stêd út te krijen. Guon goeddiedichheidsorganisaasjes hawwe dat ferbod mei sin negearre.
Santa Monica hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Santa Monica stipet tsjintwurdich swier op 'e tsjinstesektor (oerheid en ûnderwiis ynbegrepen). De grutste wurkjouwer is de gemeente, mei goed 2.500 banen. Wat berikberheid oanbelanget, wurdt de stêd betsjinne troch de Lofthaven fan Santa Monica, al moat men foar ynternasjonaal loftferkear en foar binnenlânske flechten oer langere ôfstannen útwike nei de Ynternasjonale Lofthaven fan Los Angeles, dat in pear km besuden Santa Monica leit. De stêd hat twa grutte sikehuzen, it St. John's Hospital en it UCLA Santa Monica Hospital, dat in akademysk sikehûs is. Op it mêd fan heger ûnderwiis is der it Santa Monica Kolleezje (SMC), dat oprjochte is yn 1929, en jiers 30.000 studinten hat. Wat toerisme en ferdivedaasje oangiet is de Santa Monica Pier fierwei de grutste attraksje yn 'e stêd. Ek binne der ferskate museä, mei as wichtichste Bergamot Station, dat in keunstgalery yn eigendom fan 'e gemeente is dêr't ek it Santa Monica Museum of Art ta heart. De stêd hat fierders bekendheid krigen om't it it einpunt fan 'e ferneamde Route 66 foarmet, en fanwegen it jierliks holden Filmfestival fan Santa Monica.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Monica 15% âlder as 65 jier en 14% jonger as 18 jier. Fierders bestie 48,4% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 73,5% blanken; 13,1% Latino's; 9,0% Aziaten; 3,9% swarten; 0,4% Yndianen; 0,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Santa Monica
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Shirley Temple (1928), aktrise en diplomate
- Robert Redford (1936), akteur en filmregisseur
- Geraldine Chaplin (1944), aktrise
- Anjelica Huston (1951), aktrise
- Gregory J. Bonann (1952), strânwacht en tillefyzjeprodusint
- Miguel Ferrer (1955-2017), akteur
- Jamie Lee Curtis (1958), aktrise
- Lorenzo Lamas (1958), akteur
- Mariska Hargitay (1964), aktrise
- Lilli Xene (1968), pornoaktrise
- Jack Black (1969), akteur en sjonger
- Sara Gilbert (1975), aktrise
- Christina Ricci (1980), aktrise
- Amber Tamblyn (1983), aktrise
Stoarn yn Santa Monica
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anna May Wong (1905-1961), aktrise
- Farrah Fawcett (1947-2009), aktrise
- Glen A. Larson (1937-2014), tillefyzjeprodusint en senarioskriuwer
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Santa Monica hat in Mediterraansk klimaat, mei noflik waarme simmers en tige mylde winters. Yn augustus en septimber, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22 °C, en yn febrewaris en maart, de kâldste moannen, is dat 17 °C. Santa Monica kriget jiers trochinoar 324,9 mm delslach; snie komt der net foar, al kin it der inkeld wolris hagelje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|