Douglas Aircraft Company

Ut Wikipedy
Douglas Aircraft Company
algemien
nasjonaliteit Feriene Steaten
sektor Loftfeart
haadkertier Santa Monica, Long Beach, Feriene Steaten
oprjochte 5 july 1921, Santa Monica
opdoekt 28 april 1967
oprjochter Donald Wills Douglas
fuortk. út n.f.t
offisjele webside
n.f.t.
De gloednije Douglas DC-1 City of Los Angeles yn 1933

Douglas Aircraft Company wie in Amerikaanske fleanmasinefabryk festige yn Santa Monica, Kalifornje. Sûnt 1997 is it bedriuw part fan de eardere konkurrint Boeing.

De Douglas Corporation waard op 5 july 1921 oprjochte troch Donald Wills Douglas dy't earder foar Martin wurke hie. Nei in reörganisaasje waard de namme op 30 novimber 1928 wizige yn Douglas Aircraft Company. Op 28 april 1967 fusearre dat bedriuw mei fleantúchfabrikant McDonnell Aircraft ta McDonnell Douglas, dat yn 1997 oernaam waard troch Boeing.

Douglas hat in soad betsjut foar de boargerloftfeart mei syn DC (Douglas Commercial)-searje, dy't begûn mei de modellen DC-1, DC-2 en in skoftke letter de wrâldferneamde DC-3. Douglas makke ek doe al militêre tastellen, fral foar de Amerikaanske Marine (United States Navy).

Fleanmasines[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It prototype fan de DWC world cruiser
Produksjehal foar de SBD Dauntless, 1943
Douglas DC-6
A4D-1 Skyhawk

Fleamasinemodel, in kar:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]