Springe nei ynhâld

Douglas A-1 Skyraider

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan AD (A-1) Skyraider)
Douglas A-1 Skyraider
Douglas A -1 J Skyraider fan Squadron VA -176 'Thunderbolts' basearre op it fleandekskip USS Intrepid (CVS -11) by in missy yn de Fjetnamoarloch (1966).
Douglas A -1 J Skyraider fan Squadron VA -176 'Thunderbolts' basearre op it fleandekskip USS Intrepid (CVS -11) by in missy yn de Fjetnamoarloch (1966).
algemiene ynformaasje
lân f. oarspr. Feriene Steaten
makker Douglas Aircraft Company
gebrûk
earste flecht 18 maart 1945
yn tsjinst 1946
út tsjinst 1973 (FSA)
1985 (Gaboneeske Loftmacht)
tal makke 3.180 (1945–1957)
brûkers United States Air Force
Royal Navy
Loftmach fan Súd-Fjetnam
Frânske Loftmacht
grutste brûker United States Navy
In Skyraider yn 'e oanfal earne yn Súdeast-Aazje
In A-1E mei termobaryske BLU-72/B bom, 1968

De Douglas A-1 Skyraider is in Amerikaansk ienpersoans gefjochtsfleantúch dat yn tsjinst wie fan 1946 oant it begjin fan de jierren 1980 en tsjinst die yn de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch. De Skyraider hie in ûngewoan lange karriêre, en bleau oan de frontliny tsjinjen oant fier yn de Jet Age (doe 't de measte oanfals- of gefjochtsfleantugen mei sûgermotors ferfongen waarden troch strielfleantugen); dêrtroch waard er troch guon beskôge as in 'anagronisme'.

It tastel waard brûkt troch de United States Navy (USN), it United States Marine Corps (USMC) en de United States Air Force (USAF) en waard ek brûkt troch de British Royal Navy, de Frânske loftmacht, de Republic of Vietnam Air Force (RVNAF) en oaren. It tastel bleau yn Amerikaanske tsjinst oant it begjin fan de jierren 1970.

Al yn juny 1941 joech de U.S. Navy Douglas de opdracht om in opfolger te ûntwikkeljen foar de Douglas SBD Dauntless dûkbommewerper, omdat de eigentlike opfolger, de Curtiss SB2C Helldiver, tal fan problemen joech. Douglas ûntwikkele doe de twasits Douglas S2D Destroyer, dy 't foar it earst fleach op 8 april 1943. Fanwegen de oarlochsûnderfiningen wiene de easken foar in gefjochtsfleantúch op in fleandekskip lykwols sa feroare dat der mar 28 SB2 D's boud waarden. Uteinlik waard de Skyraider keazen út tal fan opsjes, ûnder oare de de Martin AM Mauler. [1]

It prototype fan de Douglas A-1 Skyraider makke yn maart 1945 syn earste flecht. It koe in tige grutte wapenlêst meinimme oan eksterne ophingpunten (saneamde hardpoints) ûnder de romp en de fleugels. Skyraiders waarden foar it earst ynset yn Koreaanske oarloch. Nettsjinsteande dat doe ek de earste strieljagers yn aksje wiene, hie de Skyraider ferlike mei dy tastellen in grut foardiel: syn swiere bewapening tsjin grûndoelen en de mooglikheid om folle langer yn 'e loft bliuwe te kinnen as in strieljager.

De A-1-searje waard mei grut sukses ynset yn de Fjetnamoarloch. Hy waard brûkt foar it ferlienen fan loftstipe, ferrjochte Forward Air Control-taken en operearre ek yn de Search and Rescue-rol.

Ek de Armee de l' Air, de Frânske loftmacht, wie yn Algerynske Oarloch mei de AD-6 útrist.

Piloaten neamden de Skyraider faak leafkjend Able Dog (nei de oantsjutting “AD”), Spad (nei de SPAD S.XIII-jagers fan de Amerikaanske AEF yn de Earste Wrâldoarloch) of Sandy (nei de radioropnamme fan de A-1 fan de USAF yn de Fjetnamoarloch).

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
AD-4 fan trije kanten
Parameters AD-7/A-1J
Type jachtbommesmiter
Bemanning 1
Lingte 11,84 m
Spanwiidte 15,47 m
Fleugeloerflak 37,16 m²
Fleugellingte 6,46 m
Hichte 4,78 m
Gewicht leech 4785 kg
Maks. startmassa 11.340 kg
Heechste faasje 515 km/o
Tsjinstplafond 7.740 m
Aksjeradius 1.448 km
Oandriuwing ien stjermotor Wright R-3350-26B fan 2800 hk (2088 kW)
Bewapening 4 20 mm fluchfjoerkanonnen mei 200 patroanen it stik
Oant 3629 kg

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Douglas Skyraider, Number 60 by Profile Publications, LTD., Profile Publications, LTD.(Leatherhead), 1969
  • A-1 Skyraider in Vietnam: The Spad's Last War, Wayne Mutza, 2003

---

  1. FliegerRevue Dezember 2011, s. 52–55, Douglas A-1 Skyraider