Douglas DC-7
Douglas DC-7 | |
---|---|
Rol | Passazjiers- en transportfleantúch |
Makker | Douglas |
Lân | Feriene Steaten |
Earste flecht | 18 maaie 1953 |
Yn tsjinst | novimber 1953 |
Ut tsjinst | 2020 |
Tal makke | 343 (1953–1958) |
Grutste brûkers | American Airlines (histoarysk), United Airlines (histoarysk) Eastern Air Lines (histoarysk) Pan Am (histoarysk) |
Untwikkele út | Douglas DC-6 |
De DC-7 is in ferkearsfleantúch mei fjouwer motors dat ûntwurpen en boud waard troch Douglas Aircraft Company. It tastel waard produsearre fan 1953 oant 1958. It wie it lêste fan propellers oandreaune fleantúch mei in sûgermotor dat troch Douglas makke waard. De DC-8, syn opfolger, hie strielmotors. Totaal waarden der 338 fan makke. Oars as oare folle suksesfollere propellerfleantugen fan Douglas, lykas de D-3 en DC -6, wurde der fan 2020 ôf gjin eksimplaren fan de DC-7 mear brûkt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pan American World Airways wie de maatskippij dy't yn 1945 om in sivile ferzje fan it C-74 Globemaster militêre transportfleantúch frege. De oarder waard lykwols rillegau wer ynlutsen.
De ûntjouwing fan it tastel gie fierder doe't American Airlines om in lange-ôfstânsferzje fan de DC-6 foar syn transkontinintale tsjinsten frege. Yn dy tiid wie de Lockheed Constellation it iennige tastel dat in non-stop flecht fan de Amerikaanske eastkust of oarsom meitsje koe. Douglas hinge der lykwols wat tsjinoan en ûntwikkelje it tastel, oant American Airlines in net-ynlûkbere oarder foar 25 tastellen foar in priis fan 40 miljoen dollar pleatste, genôch om de ûntwikkelingskosten te dekken.
It prototype fleach yn maaie 1953 en American Airlines ûntfong it earste tastel yn novimber fan itselde jier al. It waard fuortendaliks ynset op in kust-nei-kust linetsjinst, wat Americans rivaal Trans World Airlines twong om itselde te dwaan mei syn Super Constellations. Beide types tastellen hiene lywols te lijen fan deselde kwaal: ûnbetroubere motors, wat fan gefolch hie dat gauris in transkontinentale flecht healweis ôfbrutsen wurde moast.
De earste DC-7's waarden allinne yn de Feriene Steaten ferkocht. Jeropeeske loftfeartmaatskippijen die de relatyf lytse fergrutting fan de aksjeradius ferlike mei de DC-6 net folle fertuten. Dêrom kaam Douglas yn 1956 mei in extended range fariant, de DC-7C, mei in grutter fleanberik troch mear brânstofkapasiteit yn de langere fleugels en leger lûdsnivo yn de kabine en in langere romp.
Pan American World Airways brûkt de DC-7C foar syn earste non-stop tsjinst tusken New York en Londen. Dat twong konkurrint BOAC om itselde tastel oan te skaffen yn stee fan te wachtsjen op it klearkommen fan de Bristol Britannia.
De DC-7C waard ek troch ferskate oare Jeropeeske loftfeartmaatskippijen kocht, lykas Scandinavian Airlines, dy't him brûkte foar sy linetsjinsten oer de Noardpoal nei Noard-Amearika en Azië. Doe't de Boeing 707 en de DC-8 op de merk kamen sakken de ferkeapsifers fan de DC-7C bot, yn mar in pear jier.
Fan 1959 ôf begûn Douglas mei it ombouwen fan DC-7A en DC-7C tastellen nei DC-7F frachtfleantugen, wat it bestean fan it type mei in protte jierren ferlingde, nei in libben as passazjierstastel.
Hjoed de dei wurde noch in stikmannich DC-7's yn it westen fan de Feriene Steaten as blusfleantúch by it bestriden fan boskbrânen brûkt, en oaren tsjinje noch as frachtfleantúch, ek bûten FS, nettsjinsteande de swierricheden mei de motors.
Maatskippijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maatskippijen dy't ea mei de DC-7 flein hawwe binne ûnder oaren: Alitalia, American Airlines, BOAC, Braniff Airways, Caledonian Airways, Delta Air Lines, Eastern Air Lines, Emirates, Japan Airlines, KLM, National Airlines, Northwest Orient, Martinair , Panair do Brasil, Pan American World Airways, Pan American-Grace (Panagra), Sabena, SAS, Swissair, THY Türk Hava Yolları, Thomas Cook en United Airlines.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- DC-7
- De produksjerfariant, 105 fan makke.
- DC-7B
- De earste lange-ôfstânsferzje mei gruttere pay load en gruttere brânstofkapasiteit, ekstra tanks yn de langere nacelles efter de motors, net alle tastellen krigen dy ekstra tanks, 112 fan boud.
- DC-7C Seven Seas
- Ferbettere lange-ôfstânsferzje dy't non-stop oer de Atlantyske Oseaan fleane koe, mei ferbettere 3400hk (2540kW) R-3350 motors en gruttere brânstofkapasiteit yn de langere fleugels, 121 fan makke.
- DC-7D
- Fariant mei Rolls-Royce Tyne turbopropmotors, nea boud.
- DC-7F
- Frachtferzje fan alle trije farianten mei twa grutte laaddoarren.
Spesifikaasjes DC-7C
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langte | 34,20 m |
Spanwiidte | 38,86 m |
Hichte | 9,70 m |
Oandriuwing | 4 × Wright R-3350-18EA1 Turbo-Compound radiale sûgermotor, 3400 hk (2535 kW) it stik |
Krúsfaasje | 570 km/o |
Topfaasje | 653 km/o |
Fleanberik | 7410 km (DC-7A) 9070 km (DC-7C) |
Bemanning | 3 of 4 persoanen |
Passazjiers | 99 - 105 persoanen |
Tsjinstplafond | 7600 m |
Klimfaasje | 5,3 m/s |
Gewicht leech | 33.000 kg |
Startgewicht maks. | 65.000 kg |
-
DC-7C G-AOIC fan BOAC
-
DC-7C yn 1961 fan Swissair
-
DC-7CF frachtfleantúch fan BOAC, 1961
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Douglas DC-7 fan Wikimedia Commons. |