Springe nei ynhâld

Doeke Meintema

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 jan 2024 om 10.22 troch Sjoerddebruin (oerlis | bydragen) (Linkfix)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Doeke Meintema (Mantgum, 20 maaie 1877Ljouwert, 14 jannewaris 1935) wie in Frysk arsjitekt. Yn syn wurk wie er foarstanner fan funksjoneel bouwen en syn wurk is ferspraat oer de hiele provinsje.

Meintema waard yn Mantgum (doedestiids gemeente Baarderadiel) berne as soan fan timmerman Klaas Doekes Meintema en Hendrikje Martens van der Goot.

Hy folge earst de ambachtsskoalle yn Ljouwert en gie doe nei de Ryksnormaalskoalle foar tekenûnderwiis yn Amsterdam.

Franekerstraat 72-74, Ljouwert
Harnserstrjitwei 65, Ljouwert

Hy wie ien fan de oprjochters fan de Coöperatieve Vereniging "Woningbouw" yn Ljouwert (1919-1937) en ûntwurp dêrfoar in kompleks fan 70 "middenstânswenten yn Ynterbellum styl" dy't tusken 1919 en 1921 yn it noardlik part fan de Vosseparkwijk set waarden.
Ek makke er it ûntwerp foar in kompleks oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Yn Harns waarden 102 arbeiders- en middenstânswenten fanwege Wenningbouferiening Harns fan him boud.

Meintema wie lid van de steds skientmekommissy, de provinsjale advyskommissy en foarsitter fan de Kring Leeuwarden fan it Bûn fan Nederlânske Architekten. Neist syn wurk as arsjitekt joech er les yn boukunde oan de Middelbere Technyske Skoalle fan Ljouwert. Under syn learlingen wie de lettere arsjitekt Piet de Vries. Auke Komter gie by Meintema yn de lear op syn arsjitekteburo.

Doeke Meintema wie teffens lid fan de Jongfryske Mienskip.

Op 14 jannewaris 1935 ferstoar Meintema, nei in siikbêd fan inkelde wiken, yn de âldens fan 57 jier yn Ljouwert. Hy waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. Meintema syn arsjitekteburo Harnserstrjitwei 26 waard oernaam troch J.J.M. Vegter (1906-1982).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: