Auke Komter

Ut Wikipedy
Auke Komter
Auke Komter (1937)
Auke Komter (1937)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Auke Komter
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maaie 1904
berteplak Ljouwert
stoarn 24 oktober 1982
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Auke Komter (Ljouwert, 16 maaie 1904Amsterdam, 24 oktober 1982) wie in Nederlânsk arsjitekt dy't ta de streaming fan it Nije Bouwen rekkene wurdt.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hoftsjerke yn Delft. In ûntwerp fan Komter út 1960

Komter wie in soan fan keapman Egbert Komter en Aafje van der Mey. Hy folge de Hegere Hannelsskoalle te Dimter, mar besleat dochs arsjitekt te wurden. Yn 't earstoan wie er learling by arsjitekteburo Meintema yn Ljouwert. Dêrnei wurke er by Jan Duiker en in jier by Le Corbusier. Fan 1931 ôf wie selsstannich arsjitekt en meubelûntwerper. Komter wie earst ek bestjoerslid fan de groep De 8, mar gie dêrnei by de Groep '32 dy't har dêrfan ôfsplisse.

Komter wie foarsitter fan de Akademy fan Boukeunst (1950–1959) en bestjoerslid fan de Stichting Arsjitektuermuseum (1955–1980). Hy stoar yn de âldens fan 82 jier.

Untwerpen (kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kluphûs De Hoop yn Amsterdam
  • De Witte Raaf, wente foar syn mem yn Hattem (1927-1936)
  • Untwerp foar in stêdhûs te Amsterdam (1936-1941; net útfierd) (mei Marius Duintjer)
  • Earebegraafplak Bloemendaal te Overveen (1945) (mei Gerard Holt)[1]
  • Kluphûs foar roeiferiening De Hoop te Amsterdam (1950)
  • Ferbouwing Iepenloftskoalle te Amsterdam (1955)
  • Flats en winkels oan de Parnassuswei te Amsterdam (boud yn 1957)[2]

Publikaasjes (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (1934). Elf eeuwen bouwkundig teekenen / mei Th. Haakma Wagenaar. Architectura et Amicitia, Amsterdam. 32 s.
  • (1941). Wezensbepaling der architectuur, karakter van de vormen van bouwwerken en monumentaliteit. Lêzing by de twadde gearkomst fan de Doornse Leergangen yn it Maarten Maartenshuis yn Doorn. Yn: De architectuur : vijf voordrachten en een samenvatting. Genoatskip Architectura et Amicitia, Amsterdam, 1942. 78 s.
  • (1958). 50 Jaar Academie van Bouwkunst: rede van architect A. Komter uitgesproken in de Noorderkerk te Amsterdam op 11 oktober 1958. Yn: Forum : maandblad voor architectuur en gebonden kunsten, jrg 13(1958)nr. 8/9, s.255-257. ISSN 0015-8372
  • Fersake tydskriftartikelen

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It ûntwerp fan Holt en Komter
  2. De tijd die vliegt, een wandeling door de Prinses Irenebuurt