Op 22 maart 1803 waard it apostoalysk fikariaat Breda ynsteld as in ôfsplitsing fan it apostoalysk fikariaat De Bosk. In diel fan it aartsbisdom Mechelen waard yn 1853 tafoege oan it fikariaat, dat op 14 maart 1853 mei de weropbou fan de tsjerkeprovinsje omset waard yn in bisdom.
As katedraal tsjinne fan 1853 oant 1875 de neoklassisistyskeAntoniustsjerke yn it sintrum fan Breda. It bisdom hie troch Pierre Cuypers in grutte neogoatyskekrústsjerke bouwe litten oan de Prinsenkade, de Barbaratsjerke, dy't yn 1875 as katedraal yn gebrûk nommen waard. De Barbaratsjerke waard yn 1968 sletten en dêrnei ôfbrutsen en de biskopssit ferhûze nei de Michaeltsjerke yn it easten fan Breda.
Mei in pauslik dekreet krige op 1 novimber 2005 de Antoniustsjerke de status fan katedraal werom.