Springe nei ynhâld

Woastynhazze

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 nov 2023 om 01.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
woastynhazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus tibetanus
Waterhouse, 1841
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De woastynhazze (wittenskiplike namme: Lepus tibetanus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dit bist heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). Der is net folle oer de woastynhazze bekend, útein dat it in herbivoar bist is dat krepuskulêr (yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage) aktyf is. De IUCN klassifisearret de dizze soarte as net bedrige.

Taksonomy

De woastynhazze waard foar it earst yn 1841 beskreaun troch de Ingelske soölooch George Robert Waterhouse. Hoewol't dit bist net yn Tibet foarkomt, krige er de wittenskiplike namme Lepus tibetanus, wat "Tibetaanske hazze" betsjut. De woastynhazze moat lykwols net betize wurde mei de echte Tibetaanske hazze (Lepus oiostolus).

Fersprieding

De woastynhazze komt foar yn in langrutsen ferspriedingsgebiet dat yn it súdwesten begjint yn noardwestlik Afganistan en noardlik Pakistan, en dêrwei mei in bôge troch Sina rint. Yn dat lân libbet dizze soarte yn it uterste westen en yn 'e noardlike helte fan 'e autonome regio Sinkiang-Oeigoerje, yn it westen fan 'e autonome regio Binnen-Mongoalje en yn in diel fan 'e provinsje Gansu. In lytse isolearre populaasje bestiet yn it eastlike part fan Binnen-Mongoalje, tusken de plakken Xilinhot en Ulanhot yn. De woastynhazze komt ek foar yn lytse dielen fan it westen en suden fan it ûnôfhinklike lân Mongoalje.

Uterlike skaaimerken

De woastynhazze is in licht boude hazzesoarte mei in relatyf lytse kop. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 40–48 sm, mei in sturtlingte fan 8,7–10,9 sm en in gewicht fan 1,6–2,5 kg. De pels is op 'e rêch en de kop sânkleurich giel oant grizich brún mei swarte streken dertrochhinne. It boarst is ljochter fan kleur. De heupen binne grizich en de bealch, kiel, foarpoaten en oare ûnderste lichemsdielen krêm oant wyt. De boppekant fan 'e sturt hat in brunich-swarte streek. De eagen hawwe in ljochte râne deromhinne. De earen binne breed mei swarte úteinen en hawwe ek oan 'e binnenkant hier. Yn it winterhealjier groeit de pels tsjûker en kriget er troch it ferhierjen oer it gehiel in ljochtere, sânkleurich-grize kleur.

Biotoop

Woastynhazzen libje yn woastinen en oare drûge gebieten, lykas healwoastinen, steppes, healsteppes en iepen gerslân mei strewelleguod. Yn 'e bergen komme se foar oant in hichte fan 3.500 of 4.000 m.

Hâlden en dragen

Oer it hâlden en dragen fan 'e woastynhazze is net folle bekend. It dieet is herbivoar en bestiet út woartels, blêden, stâlen en sied fan planten, en ek wol lytse fruchten, lykas beien. Soms fret er (wetterhâldende) kaktussen om oan focht te kommen. Woastynhazzen binne krepuskulêre bisten, wat betsjut dat se benammen yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage foar 't ljocht komme. Soms kinne se ek op ljochtskyndei waarnommen wurde, mar almeast lûke se har dan werom yn in leger dat se oanlein hawwe tusken opgeande fegetaasje. Se grave gjin hoalen. De moarhazzen smite maksimaal 3 kear yn 't jier in nêst fan trochinoar 3–10 jongen.

Status

De woastynhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Hoewol't der net in protte ûndersyk nei dit bist dien is en dêrom hurd bewiis foar dy ûnderstelling ûntbrekt, is de IUCN ta dy konklúzje kommen om't der gjin spesifike bedrigings foar de woastynhazze identifisearre binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.