Skiesturtmûs
skiesturtmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mus fragilicauda | ||||||||||||
Auffray et al., 2003 | ||||||||||||
IUCN-status: net beoardiele | ||||||||||||
De skiesturtmûs (Latynske namme: Mus fragilicauda) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt yn twa faninoar isolearre gebieten yn sintraal Tailân, yn 'e provinsje Nahkon Ratchasima, en yn Laos, yn 'e provinsje Sekong. De namme "skiesturtmûs", nei it Ingelske sheath-tailed mouse, komt fan it feit dat dit de iennichste mûzesoarte is wêrby't de hûd fan 'e sturt loslit as men him dêr beetpakt. Dat is in selsferdigeningsmeganisme, dat it bist by steat stelt om oan rôfdieren te ûntkommen as dy him inkeld by de sturt gripe ynstee fan by it liif. Ek de wittenskiplike namme, Mus fragilicauda ("mûs mei in brekbere sturt"), ferwiist nei dit ferskynsel.
De skiesturtmûs waard yn 2002 ûntdutsen en yn 2003 formeel beskreaun yn it fakblêd Zoologica Scripta troch de wittenskippers J.-C. Auffray, A. Orth, J. Catalan, J.-P. Gonzalez, E. Desmarais en F. Bonhomme. Syn ferspriedingsgebiet wurdt oerlape troch dat fan 'e hartkleurige mûs (Mus cervicolor). Oan ien ûndersoarte dêrfan, de Mus cervicolor popaeus, is de skiesturtmûs morfologysk sjoen frijwol identyk. Hy hat lykwols in sêftere, ferwielige pels, en ferskilt der boppedat op alderlei biogemysk en molekulêr mêd fan. Genetysk is de skiesturtmûs it naust besibbe oan Yndiaaske soarten as de tsjinstfeintmûs (Mus famulus), de lytse Yndyske fjildmûs (Mus booduga) en de ierdkleurige mûs (Mus terricolor), en oan 'e gewoane hûsmûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |