Springe nei ynhâld

Lytse Yndyske fjildmûs

Ut Wikipedy
lytse Yndyske fjildmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus booduga
Gray, 1837
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse Yndyske fjildmûs (wittenskiplike namme: Mus booduga) is in sûchdier út it skift fan de kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt op Sry Lanka en it Yndiaaske subkontinint (Yndia, Pakistan, súdlik Nepal en Bangladesj) en teffens yn sintraal Birma. Teminsten ien eksimplaar kaam yn it wyld foar yn 'e stêd Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, dêr't er sûnder mis in eksoat is dy't der troch de minske opsetlik of by fersin yntrodusearre is.

De lytse Yndyske fjildmûs is nau besibbe oan 'e ierdkleurige mûs (Mus terricolor), dêr't er soms mei betize wurdt. De soarte komt fuort út Mus indicus, dy't yn it Lette Pleistoseen libbe, en dy't sels fia in ûnbeskreaune soarte wer ôfstammet fan 'e Pleistoseenske Mus jacobsi.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse Yndyske fjildmûzen binne tige behindige bistkes; sterker noch, se hearre ta de lytste mûzesoarten fan Jeraazje. Se hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 6¾-7 sm, mei in sturtlingte fan 5-6⅓ sm en in gewicht fan 8⅔-12¼ g. De eksimplaren op Sry Lanka binne grutter en swierder as dy op it Aziatyske fêstelân. De lytse Yndyske fjildmûs hat fierders nei efteren wizende boppekjiftosken en in brunige hierkleur dy't op 'e bealch taljochtet oant witich. Dizze twakleurigens set him fuort yn 'e behierring fan 'e sturt. Krekt boppe it boarst sit gauris in ljochtbrune bân of in ljochtbrún plak. De earen binne yn ferhâlding ta it lichem frij grut en rûn, en de snút is frijwat spits. De wyfkes hawwe tsien oeren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.