Tsjinstfeintmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjinstfeintmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: echte mûzen (Mus)
soarte
Mus famulus
Bonhote, 1898
IUCN-status: bedrige

De tsjinstfeintmûs (Latynske namme: Mus famulus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat inkeld foarkomt yn it Nilgiri-berchtme fan súdwestlik Yndia. Syn natuerlike habitat bestiet út drûge tropyske en subtropyske wâlden en leechlein gerslân.

Taksonomy en uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waard dizze soarte yn it ûnderskaai fan 'e Aziatyske mûzen (Coelomys) pleatst, mar no wurdt er beskôge as in lid fan it ûnderskaai fan 'e echte mûzen (Mus). De tsjinstfeintmûs hat lytse earen en in tichte, sêfte, ferwielige pels. De rêchkant is sûkelarjebrún, en wurdt troch in skerpe demarkaasjeline skaat fan 'e okerkleurige bealchkant. De wyfkes hawwe seis oeren.

Bedrige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjinstfeintmûs hat de de IUCN-status fan "bedrige", mei't er troch habitatferlies, feroarsake troch de ûntginning fan syn wengebiet troch de minske, almar fierder yn oantal efterútbuorket.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.