Tsleil-Wautût
Tsleil-Wautût Tsleil-Waututh | |
---|---|
flagge | |
Flagge fan 'e Tsleil-Wautût Naasje. | |
populaasje | |
oantal | 600 (2018) |
taal | Halkomelem (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Kanada |
fersprieding | |
Kanada: | 600 |
De Tsleil-Wautût (Ingelsk: Tsleil-Waututh) binne in lyts Yndiaansk folk yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Hja hawwe gjin aparte eigen taal, mar sprekke fan âlds krekt as de Muskwiim (Musqueam) en oare besibbe groepen it Halkomelem, dat ta de Salisjaanske talen heart. Hoewol't der yn it pre-koloniale tiidrek tûzenen Tsleil-Wautût west hawwe moatte, binne der hjoed de dei noch mar 600 fan harren. Polityk wurde se fertsjintwurdige troch de Tsleil-Wautût Naasje, dy't it bestjoer oer trije Yndianereservaten hat. De Tsleil-Wautût hawwe te krijen mei ûngewoane swierrichheden, mei't it grutste part fan harren oarspronklike wengebiet no as ûnderdiel fan 'e stêdekloft fan Vancouver folslein ferstedske is.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsleil-Waututh betsjut: "Folk fan 'e Ynham" of "Minsken fan 'e Ynham". Dy beneaming ferwiist nei de Burrard-ynham (Ingelsk: Burrard Inlet), in fjord dy't noardlik fan 'e stêd Vancouver yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsleil-Wautût binne ien fan 'e Kust-Salisjaanske folken en binne sadwaande nau besibbe oan etnyske groepen as de Muskwiim (Musqueam) en de Skwamisj (Squamish), fan wa't de wenkriten histoarysk oerlaapje mei dy fan 'e Tsleil-Wautût. Yn 2018 wiene der likernôch 600 Tsleil-Wautût, dy't polityk fertsjintwurdige wurde troch de Tsleil-Wautût Naasje (Tsleil-Waututh Nation). Dat is in Yndiaanske stamme-organisaasje dy't erkenning genietet fan 'e oerheden fan Kanada en Britsk-Kolumbia, en it bestjoer hat oer trije eigen Yndianereservaten. It grutste dêrfan, en teffens it iennichste dat permaninte bewenners hat, is it Burrard Inlet Reservaat 3, yn North Vancouver. Alle trije reservaten mei-inoar hawwe in oerflak fan 110,7 hektare.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Tsleil-Wautût bestie harren folk foar de kolonisaasje fan harren wengebiet troch de blanken út wol 10.000 minsken. Harren relatyf lytse wenkrite oan 'e súdlike kust fan Britsk-Kolumbia koe sa'n grutte befolking drage om't it in lân fan oerfloed wie, mei mylde winters en iten by 't folop dat foar in grut part út 'e see en de rivieren helle waard (lykas fisk en skulpdieren). It libben bestie yn dy tiid foar de Tsleil-Wautût út in oanhâldend werhelle syklus fan jacht, fiskerij en rispinge, en it preservearjen fan it op dy manearen ynhelle iten. Dêrnjonken waard der ek hannel dreaun mei oare stammen, benammen guon dy't nau besibbe wiene, en dêr't ek it jachtgebiet en de fiskerijwetters mei dield waarden. Dy hannel fûn sawol plak fia lânrûtes as oer it wetter, yn kano's.
De Tsleil-Wautût libben winterdeis yn langhuzen dy't boud wiene mei skeane dakken, sadat de rein derfan ôfrinne koe. Men bestie yn dy tiid fan 't jier fierhinne fan it preservearre iten út 'e oare jiertiden, en brocht de tiid troch mei houtfykjen, it weevjen fan tekkens en it dielnimmen oan religieuze seremoanjes. By 't maityd giene de bewenners fan 'e langhuzen útinoar en bouden op sawat alle strannen yn 'e wenkrite fan harren folk hutten dy't bewenne waarden troch lytsere groepkes lju. Foar de oanlis fan dy hutten brûkte men planken fan 'e winterlanghuzen dy't per kano nei it plak fan bestimming ferfierd waarden. De hutten waarden brûkt as basiskampen en fan dêrút swaarme men út oer it hiele wengebiet fan 'e Tsleil-Wautût om mei jeien, fiskjen en rispjen wer nij iten yn te slaan en nije foarrieden oan te lizzen foar de folgjende winter. Tige wichtich wie yn dy kontekst de jierlikse komst fan 'e salm dy't fan mids july oant begjin augustus fan 'e see ôf de rivier de Fraser opswom.
It ierste kontakt dat de Tsleil-Wautût mei Jeropeänen hiene, fûn mooglik plak yn 1579, doe't de Ingelske kaper en ûntdekkingsreizger sir Francis Drake de kust oandie fan wat letter Britsk-Kolumbia wurde soe. Wis is dat de Tsleil-Wautût yn 1792 kontakt hiene mei sawol de Britske ekspedysje fan George Vancouver, as mei de Spaanske ekspedysje ûnder lieding fan Dionisio Alcalá Galiano en Cayetano Valdés y Flores. It ierste kontakt mei blanke kolonisten dy't oer lân nei it westen ta reizgen, hiene de Tsleil-Wautût yn 1846. Al foarôfgeande oan dy kontakten wiene de Tsleil-Wautût en oare Kust-Salisjaanske folken troffen troch epidemyen fan besmetlike sykten dy't troch de Jeropeänen meibrocht wiene, lykas de pokken en de mûzels, dêr't de Yndianen gjin ymmuniteit tsjin hiene. De earste epidemy fan 'e pokken trof de noardwestkust al yn 'e 1680-er jierren, doe de sykte him troch yntertribale kontakten hielendal út Nij-Spanje (it hjoeddeistige Meksiko) wei dêrhinne fersprate. Lettere epidemyen holden mank de Kust-Salisjanen hûs yn 'e 1790-er jierren, yn 1850 en yn 1862. In grut diel fan 'e Tsleil-Wautût kaam by dy epidemyen te ferstjerren. Fan 'e hjoeddeistige Tsleil-Wautût kin hast eltsenien syn ôfstamming troch de manlike of froulike line weromfolgje nei it opperhaad Waut-salk I (±1750-±1800).
Yn 1869 waard it Burrard Inlet Reservaat 3 oprjochte, net foar in spesifike Yndiaanske groep, mar foar alle Kust-Salisjanen dy't oan 'e Burrard-ynham wennen. Yn 1876 waard dy sitewaasje befêstige, en kamen der yn deselde krite noch twa lytsere Yndianereservaten by, Inlailawatash Reservaat 4 en Inlailawatash Reservaat 4A. It Burrard Inlet Reservaat waard ek bewenne troch in protte Skwamisj, in besibbe folk, mar doe't de Kanadeeske oerheid yn 1923 de Tsleil-Wautût en de Skwamisj mar ta ien stamme gearfoegje woe, stimden de Tsleil-Wautût dat plan fuort. Fan gefolgen waard de Burrard Yndianetroep oprjochte (letter omneamd ta Tsleil-Wautût Naasje), dy't it bestjoer taparte krige oer it Burrard Inlet Reservaat en de beide ûnbewenne Inlailawatash-reservaten.
Yn dyselde snuorje hiene de Tsleil-Wautût ek slim te lijen ûnder it Kanadeeske skoallesysteem foar Yndianen, dat derop rjochte wie om Yndiaanske bern sa ier mooglik by de âlden wei te heljen en nei ynternaten te stjoeren, dêr't harren ferbean waard om harren eigen taal te sprekken en om harren eigen godstsjinst út te oefenjen. Op dy wize waard in grut part fan 'e kultuer fan 'e Tsleil-Wautût stikken makke. Tsjintwurdich besykje de Tsleil-Wautût dat ferlies wer goed te meitsjen, hoewol't se te krijen hawwe mei drege problemen dy't feroarsake wurde trochdat in grut part fan harren oarspronklike wenkrite no ta de swier urbanisearre stêdekloft fan Vancouver heart. De Tsleil-Wautût-mienskip is ien fan 'e progressyfste Yndiaanske groepen yn Britsk-Kolumbia, dy't him fûleindich ynset foar natoerbehâld en fergriening fan 'e ekonomy en tsjin miljeufersmoarging.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsleil-Wautût hawwe gjin aparte eigen taal, mar sprekke fan âlds it Halkomelem, dat ek de oarspronklike taal is fan in grut tal oare lytse folken yn 'e krite fan Vancouver en oan 'e eastkust fan Vancouvereilân. Alle folken dy't it Halkomelem sprekke, binne nau oaninoar besibbe, mar etnysk en polityk selsstannige groepen. Hja hearre ta de Kust-Salisjaanske folken, en it Halkomelem is ien fan 'e Kust-Salisjaanske talen fan 'e gruttere Salisjaanske taalfamylje. Alle Halkomelem-sprekkende folken mei-inoar telden yn 2014 24.000 minsken, fan wa't lykwols noch mar 260 it Halkomelem as memmetaal hiene, oftewol 1,1%. Der binne trije ûnderskate dialekten: it Eilân-Halkomelem, sprutsen troch seis etnyske groepen yn it súdeastlike part fan Vancouvereilân; it Leechlân-Halkomelem, sprutsen troch sân etnyske groepen oan 'e kust fan it fêstelân fan súdlik Britsk-Kolumbia; en it Heechlân-Halkomelem, sprutsen troch in ûnbeskaat tal lytsere groepen mear it binnenlân yn. De Tsleil-Wautût binne fan âlds sprekkers fan it Leechlân-Halkomelem, wêrfan't it endonym Hunqʼumʔiʔnumʔ is.
Ferneamde Tsleil-Wautût
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bekendste Tsleil-Wautût wie it opperhaad Dan George, dy't ferneamd waard as akteur en dichter, en ek aktyf wie as aktivist foar de Yndiaanske saak. Hy spile û.m. yn 'e Amerikaanske films Little Big Man (1970) en The Outlaw Josey Wales (1976), mei Clint Eastwood. Guon fan syn neikommelingen nimme hjoed de dei mank de Tsleil-Wautût noch altyd in foaroansteand plak yn. De Tsleil-Wautût steane fierders yn 'e krite fan Vancouver bekend om harren oarlochskanoraceteam, de Takaya ("Wolven").
Stamme-organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- earste naasjes (stammen) yn Kanada
stamme | etnyske groep(en) | steat | haadkertier | populaasje | opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
Tsleil-Wautût Naasje Tsleil-Waututh Nation |
inkeld Tsleil-Wautût | Britsk-Kolumbia | North Vancouver | 600 | – |