Domtsjerke fan Viborg
Domtsjerke fan Viborg | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Midden-Jutlân | |
plak | Viborg | |
adres | Sct. Mogens Gade 4 | |
koördinaten | 56° 27' N 9° 24' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Viborg | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Niels Sigfred Nebelong Carl Julius Gundersen Tholle nei 1861: Hermann Baagøe Storck | |
boujier | 1864-1876; krypte ± 1125 | |
boustyl | Neoromaanske arsjtektuer | |
Webside | ||
Hiemside bisdom domtsjerke | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Viborg of de Us-Leaffrouwetsjerke (Deensk: Viborg Domkirke of Vor Frue Kirke) is de biskopstsjerke fan it lutherske bisdom Viborg. De domtsjerke stiet yn Viborg, Denemark.
Sûnt 1440 wie der in kapittel fan Augustynske koarhearen oan 'e tsjerke ferbûn
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it bewâld fan kening Sven II waard Denemark yn 1065 yn acht bisdommen ferdield. Dêrmei waard Viborg foar it earst in biskopsstêd.
Op it plak fan 'e hjoeddeiske domtsjerke waard nei alle gedachten yn 'e jierren 1120 útein set mei de bou fan in romaanske domtsjerke, dy't om en de by yn 1300 foltôge wie. De tsjerke waard boud fan granytblokken, mar ek fan kalkstien en fan ferskillende soarten sânstien. Foar de bou waarden sûnder mis bouwers út it suden fan Dútslân helle. Foardat de domtsjerke klear wie, wie ek de keunst om bakstiennen te bakken yn Denemark yntrodusearre, want it boppeste diel fan 'e âlde katedraal wie fan bakstien boud.
It westlike diel fan de tsjerke waard yn 1501 troch bliksemynslach ferneatige. Yn 1567 waard de tsjerke op 'e nij troffen troch brân. Mar de grutste ramp fûn op 27 juny 1726 plak, doe't in stedsbrân grutte dielen fan Viborg yn 'e jiske lei. Fan de domtsjerke bleaune allinne de muorren oer. Nei de ferneatiging fan de tsjerke fûn ûnder lieding fan 'e arsjitekt Claus Stallknecht (1681-1734) út Altona in barokke werbou plak, mar it die yn 'e jierren 1850 mei skuorren yn 'e ferwulften en fallend pún út 'e muorren bliken, dat de skea oan it mitselwurk grutter wie as tocht en yn 1862 moast de tsjerke sletten wurde. It beslút foel om de dom folslein ôf te brekken en op 'e âlde fûnemeinten in nije katedraal te bouwen yn in styl dy't doe as de oarspronklike romaanske styl beskôge waard.
De âlde dom waard yn 1863 hielendal ôfbrutsen. Allinne de krypte en it grutste part fan 'e apsis waarden op 'e nij yn 'e nijbou yntegrearre. It ûntwerp is bot beynfloede troch de bouwkundige ideeën fan Niels Laurits Høyen (1798–1870), de earste keunsthistoarikus fan Denemark, en waard útfierd troch de arsjitekten Niels Sigfred Nebelong (1806–1871) en Carl Julius Gundersen Tholle (1831-1871). Nei't hja yn 1871 beide ferstoaren folge Hermann Baagøe Storck (1839–1922) har op.
De domtsjerke is dus in moderne rekonstruksje, mar kritisi fûnen sawol eartiids as letter dat it suver neo-romaanske gebou tefolle neffens it boekje boud is. De masinaal sniene stiennen hawwe bygelyks net in soad oerienkomst mei de mei de hân houde stiennen út 'e 12e iuw en ek de te smelle tuorren wiene ûnderwerp fan krityk.
Grutte restauraasjes binne yn 1954-1956 en 1886-1997 útfierd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke is in trijeskippige krústsjerke fan likernôch 70 meter lang en 23 meter breed. De twa westlike tuorren binne 42 meter heech wurde ôfsletten mei in piramidetek. Oan wjerskanten fan it koer steane twa legere tuorren, dy't ek ôfsletten wurde troch in piramidetek. Op de krusing fan 'e tsjerke stiet in krusingstuorke. De domtsjerke hat in haadyngong yn 'e westlike gevel en fierder in noardlik en in súdlik portaal. Oan 'e eastlike kant is in apsis oanboud, dy't noch foar in grut part fan 'e âlde domtsjerke stamt en fersierd is mei reliëfdekoraasjes fan twa liuwen en wat mear nei boppe ta mei twa út graniten fjouwerkanten úthoude minskekoppen. Ien fan 'e liuwen waard ôfbylde op in biljet fan 200 Deenske kroanen fan 'e searje 1997.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e âlde domtsjerke is net folle bewarre bleaun. Under de krusiging stiet in grutte sânearmige kandeler út Lübeck (1494). It midsiuwske krúsbyld boppe it doopfont komt út in oare tsjerke. Oan 'e westlike muorre steane resten fan de midsiuwske koerbanken. Yn 'e noardwestlike hoeke fan domtsjerke is by de tagong fan in grêfkelder in moai smei-izeren hek te sjen. Yn 'e súdwestlike hoeke is in epitaaf fan de famylje Sehested.
Foar de rest is it ynterieur fral út de jierren fan de weropbou ôfkomstich. It alter is in gruttere útfiering fan de alters dy't yn in soad Jutlânske doarpstsjerken te sjen binne. It alter waard troch H.B. Storch ûntwurpen en troch C.C. Peter boud. De domtserke hat in sânstiennen preekstoel, dy't op graniten pylderkes stiet mei liuwen oan 'e foet. Opfallend binne de ingels oan 'e pylders, dy't yn harren hannen de lampen hâlde en de twa ingelen yn it koer mei in krâns fan ferljochting (ûntwurpen troch Joakim Skovgaard en útfierd troch Thorvald).
De muorren, bôgen, it plafond en de ferwulften fan 'e tsjerke binne beskildere mei bibelske foarstellings fan Adam en Eva oant it lêst fan 'e tiid neffens in ûntwerp fan Joakim Skovgaard, dy't se tegearre mei oaren yn 1901-1906 skildere.
Grêven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke leit biskop Kjeld begroeven. Al yn syn libben hie de biskop de namme tige from te wêzen en him waard de jefte taskreaun mirakels te ferjochtsjen. Fuort nei syn dea op 27 septimber 1150 waarden mear wûnders raportearre. Nei gebed by it grêf fan 'e biskop krigen tolve bline minsken harren sicht werom. Dêrom waard de biskop yn 1189 troch biskop Absalon hillich ferklearre. By de brân gie it relikwarium fan Kjeld ferlern. De Kjeld-kapel stie eartiids oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke, mar waard tegearre mei de âlde katedraal ôfbrutsen.
Yn 'e domtsjerke waard ek biskop Gunner (1152-1251) begroeven. Hy wie al 70 jier doe't er as biskop beneamd waard nei't der gjin ienriedigens wie oer in oare biskop. Gunnar wie fral ek belangryk om 't er mei holp de Jutlânske Wet (Deensk: Jydske Lov) fan 1241 op te skriuwen. Doe't de biskop 94 waard frege er de paus om ôf te treden, mar hy wie noch altiten biskop doe't er yn 'e âldens fan 99 jier ferstoar. It grêf fan biskop Gunnar is fierder net mear te trasearjen.
Foar it alter leit yn it koer in swarte sark op it plak dêr't kening Erik V begroeven waard, nei 't dy op 22 novimber 1286 yn Finderup yn syn sliep fermoarde waard.
Mear grêven binne te finen yn 'e trijeskippige krypte, it âldste diel fan 'e domtsjerke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hoeddeiske oargel waard yn 1966 troch Marcussen & Søn boud. It ynstrumint hat 64 registers op 4 manualen en pedaal.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e twa tuorren hingje fiif klokken. De midsiuwske klokken gyngen by de brân fan 1726 ferlern. Trije fan 'e hjoeddeiske klokken waarden yn 1730 troch Caspar Kønig getten. In oare klok waard troch Meilstrup de Aldere yn 1837 getten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|