Stasjon Veenendaal-De Klomp
Stasjon Veenendaal-De Klomp station Veenendaal-De Klomp | ||
Stasjon Veenendaal-De Klomp yn 2023 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Ede | |
plak | De Klomp | |
adres | Stationsweg 15 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Klp | |
iepening | 15 maart 1845 | |
boujier | 1860 1e stasjonsgebou 1962 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1960 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1860 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1960 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Veenendaal-De Klomp (Klp) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp De Klomp, yn de gemeente Ede yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1845 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). It stasjon leit op in kilometer ôfstân fan it Utertske plak Veenendaal.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike stasjonsgebou fan stasjon Veendendaal-De Klomp wie in eardere direksjekeet. It ienfâldige lege gebou waard yn de rin fan de jierren fierder geskikt makke om tsjinst te dwaan as stasjonsgebou. Der kamen wachtromten en in romte foar de stasjonsjef. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it gebou slim skansearre en waard mar foar in part provisoarysk reparearre. Yn 1960 waard it âlde stasjonsgebou ôfbrutsen en yn 1962 ferfongen troch nijbou neffens ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma: in leech gebou mei twa romten mei in plat dak en twa skoarstiennen.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Seist – Utert-Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
3100 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert-Sintraal – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Nimwegen | |
23400 | Nachtnet Intercity (NS) | Utert-Sintraal – Driebergen-Seist – Veenendaal-De Klomp – Ede-Wageningen – Arnhim Sintraal – Elst – Nimwegen | Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen-Seist. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|