Cleveland (Ohio)
Cleveland | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Ohio | |
County | Cuyahoga County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 390.928 (2012) | |
Oerflak | 213,6 km² (ynkl. wetter) 201,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.871,8 / km² | |
Stêdekloft | 2.068.283 (2010) | |
Hichte | 199 m | |
Oar | ||
Stifting | 1796 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 41°28′56″N 81°40′11″W | |
Offisjele webside | ||
www.city.cleveland.oh.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Cleveland yn Cuyahoga County en yn de steat Ohio. |
Cleveland (útspr.: ['kli:vlənd], likernôch: "kliiv-l'nd") is in stêd yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Ohio, dêr't it sitewearre is oan 'e mûning fan 'e rivier de Cuyahoga yn 'e Earymar, ien fan 'e Grutte Marren, dy't op 'e grins fan 'e Feriene Steaten en Kanada lizze. Cleveland is it haadplak fan Cuyahoga County, en leit likernôch 100 km bewesten de grins mei Pennsylvania. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie it doe goed 390.000 ynwenners, wêrmei't it de op ien nei grutste stêd fan Ohio is (nei de steatshaadstêd Kolumbus). As stêdekloft, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân meirekkene, komt Cleveland op in befolking fan rom 2 miljoen minsken, wêrmei't it de grutste agglomeraasje fan Ohio is.
Skiednis
Cleveland waard yn 1796 stifte troch lânmjitters fan 'e Connecticut Land Company, doe't dy in plak fêststelden dêr't de haadstêd fan it westlik reservaat fan Konnetikut komme moast (dat letter opgie yn Ohio). De delsetting waard Cleaveland neamd, nei generaal Moses Cleaveland, de lieder fan 'e lânmjitters, mar de ekstra "a" liet men letter falle. Nettsjinsteande de sompige grûn en de strange winters wie de lokaasje oan 'e súdkant fan 'e Earymar foar Cleveland in grut foardiel, en sadwaande begûn de befolking al rillegau te groeien. Dat gie nammenste flugger nei't yn 1832 it Ohio- en Earykanaal reekommen wie, in krúsjale ferbining tusken de Grutte Marren en de rivier de Ohio. Dêrtroch waard Cleveland ta in wichtich knooppunt op 'e rûte fan 'e Atlantyske Oseaan nei it streamgebiet fan 'e Mississippy. Cleveland krige offisjeel de status fan stêd yn 1836.
Datselde jiers briek der in heech oprinnende deilisskip út mei de buorstêd Ohio City oer in brêge oer de rivier de Cuyahoga dy't de beide plakken ferbine moast. Der bleau út en troch spul mei Ohio City, oant dat plak yn 1854 troch Cleveland anneksearre waard. Troch syn strategyske geografyske posysje ûntjoech Cleveland him geandewei de njoggentjinde iuw ta in sintrum fan 'e hannel en yndustry yn it gebiet fan 'e Grutte Marren. Sa rjochte John D. Rockefeller der yn 1870 syn oaljemaatskippij Standard Oil op (al ferhuze er it haadkertier dêrfan yn 1885 nei New York. Yn 'e iere tweintichste iuw ûntwikkele Cleveland him ta in sintrum fan 'e Amerikaanske stielyndustry, yn 'e mande mei oare noardlike stêden, lykas Buffalo en Detroit. Mei troch de ekonomyske woltier dy't dat ta gefolch hie, waard Cleveland yn 1920 de op fjouwer nei grutste stêd fan 'e Feriene Steaten.
Yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, yn 'e fyftiger en sechstiger jierren, wie der yn Cleveland, dat in grutte swarte befolking hie, frijwat maatskiplike ûnrêst, kulminearjend yn 'e Hough-opskuor fan july 1966 en de Glenville-sjitpartij fan july 1968. Yn dyselde snuorje begûn it mei de stêd fanwegen de postyndustriële krisis yn it neigean te reitsjen. Yn desimber 1978 wie Cleveland de earste grutte Amerikaanske stêd yn 'e skiednis dy't fajyt gie. Sadwaande waard de stêd doedestiden wol ferhune as the Mistake on the Lake ("de Flater oan 'e Mar"). Fan 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren ôf klaude Cleveland lykwols stadichoan wer by de wâl op, sadat de pleatslike media begûnen te sprekken fan the Comeback City.
Cleveland hjoed de dei
De ekonomy fan Cleveland is tsjintwurdich fral ôfhinklik fan yndustry, finansjele tsjinsten, sûnenssoarch en biomedysk ûndersyk. De grutste wurkjouwer út 'e private sektor yn 'e stêd is it sikehûs de Cleveland Clinic, mei mear as 37.000 wurknimmers (yn 2008). Op it mêd fan ferfier wurdt de stêd wurdt betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Cleveland Hopkins. De haven fan Cleveland is ien fan 'e grutste grûnstoffe-oerslachhavens oan 'e Grutte Marren. Yn 'e stêd is fierders de heech oanskreaune Case Western Reserve University (CWRU) fêstige, en teffens de steatsuniversiteit fan Cleveland (CSU).
Op it mêd fan toerisme en besjensweardichheden hat Cleveland de Rock and Roll Hall of Fame, mei útstallings oer ferneamde popartysten; it Cleveland Museum of Art, mei in grutte kolleksje keunstwurken; it Natoerhistoarysk Museum fan Cleveland (CMNH), in natoerhistoarysk museum; de Cleveland Botanical Gardens, in botanyske tún; en it Greater Cleveland Aquarium, in iepenbier akwarium. Yn 2012 iepene it Horseshoe Casino Cleveland, it iennichste kasino yn 'e stêd, syn doarren yn it histoaryske Highbee Building. Fierders wurdt der yn Cleveland elts jier de Fashion Week Cleveland holden, ien fan 'e mar in pear eveneminten fan 'e moadebrâns yn Noard-Amearika dy't ynternasjonale erkenning genietsje. Ta beslút is de stêd ek de thúsbasis fan it honkbalteam de Cleveland Indians (dy't foar it lêst de nasjonale titel behellen yn 1948, en yn 1997 yn 'e finale ferlearen fan 'e Florida Marlins), it Amerikaansk fuotbalteam de Cleveland Browns en it basketbalteam de Cleveland Cavaliers.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Cleveland 12,0% âlder as 65 jier en 24,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,4% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 53,3% swarten; 27,3% blanken; 10,0% Latino's; 1,8% Aziaten; 0,3% Yndianen; 7,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Cleveland
- Julia Tuttle (1849-1898), sakefrou en stiftster fan Miami
- Frank B. Linderman (1869-1938), folkekundige, publisist en politikus
- Clarence Addison Dykstra (1883-1950), heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder
- Burgess Meredith (1907-1997), akteur
- Andre Norton (1912-2005), skriuwster
- Kaye Ballard (1925), musicalaktrise
- Ruby Dee (1922-2014), aktrise, dichteresse en skriuwster
- Phil Donahue (1935), presintator
- Wes Craven (1939-2015), regisseur
- Stephen R. Donaldson (1947), skriuwer
- Tony Abbott (1952), berneboekeskriuwer
- David Weber (1952), skriuwer
- Drew Carey (1958), komyk en akteur
- Mary Ellen Weber (1962), astronaute
- Tracy Chapman (1964), sjongster
- Halle Berry (1966), aktrise
- Air Force Amy (1970), pornoaktrise en prostituee
- Monica Potter (1971), aktrise
- Catalina Cruz (1979), pornoaktrise
- Mary Carey (1980), pornoaktrise
- Nina Devon (1985), pornoaktrise
- Shawna Leneé (1987), pornoaktrise
- Alicia Tease (1988), pornoaktrise
Klimaat
Cleveland hat in lânklimaat mei fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden, hjitte en wiete simmers en kâlde en snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 40 °C op 25 juny 1988 en –29 °C op 19 jannewaris 1994. Cleveland kriget jiers trochinoar 993,1 mm delslach, wêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 173½ sm snie.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|