Air Force Amy

Ut Wikipedy
Air Force Amy
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Donice Armstrong
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 augustus 1970
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Skotsk
Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
pornoaktrise, prostituee,
bordeelhâldster
jierren aktyf 20002008
offisjele webside
www.airforceamy.com

Air Force Amy (berne as Donice Armstrong;[1] Cleveland (Ohio), 5 augustus 1970) is in legale prostituee yn Nevada, pornografysk aktrise, neakenmodel en fetysjmodel, dy't beskôge wurdt as de bêste fertsjinjende legale bordeelhâlster yn Nevada en a stjer fan de HBO telefyzje dokumintêrerige Cathouse: The Series. MSNBC hat har "in libbene leginde yn de wrâld fan de seks." neamd[2]

Oant 1990 tsjinne Amy by de Amerikaanske loftmacht. Dêrnei hat sy yn de meast lúkse en ferneamde legale bordelen fan Nevada wurke. Sy bart US$10.000 oant $50.000 yn de moanne. Sy hat har wurk by de loftmacht nea fergetten en hat har wurkjouwer oerhelle en biedt in Military Appreciation Night oan. Militêren kinne dan fergees seks hawwe.

Om 2000 hinne wreide Amy har sekswurkerswurkpaad út troch te ferskinen yn pornoblêden, in ferskaat oan telefyzjeshows en geregeldwei ek yn radioprogramma's. Sy is geregeld gast fan Howard Stern, Tyra Banks en The Lex & Terry Show. Fierders skriuwt hja oer seks en relaasjes yn ferskate blêden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Sordid Secrets of Las Vegas: Over 500 Seedy, Sleazy, and Scandalous Mysteries of Sin City, Quentin Parker (mei Paula Munier, Susan Reynold. 2011-01-11. Utj. Adams Media
  2. "'Rita Cosby Live & Direct' for November 10", Rita Cosby Live & Direct, ynterview mei Rita Cosby, 10 novimber 2005 MSNBC.
  • Ingelsktalige Wikipedy, Air Force Amy