Springe nei ynhâld

Katoen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 nov 2022 om 15.31 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Produksje: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ripe katoenboltsjes.

Katoen (fan it Arabyske القطن, al-quṭn) is in sêfte, iensellige fezel dy't út 'e opperhûd fan 'e sieden fan 'e katoenplant (Gossypium) groeit. De fezels wurde ornaris ta triedden spûn en yn dy foarm brûkt om sêft, luchttrochlittich tekstyl fan te meitsjen. Katoen is ien fan 'e âldste lânbougewaaksen út 'e skiednis fan 'e minskheid, mar fral mei de Yndustriële Revolúsje naam de produksje derfan in grutte flecht. It is ek tige duorsum, en kin ferskate kearen fannijs brûkt wurde. Tsjintwurdich wurdt de measte katoen produsearre yn Sina, Yndia, de Feriene Steaten en Pakistan.

Der binne fjouwer soarten katoenplanten dy't gaadlik binne foar de massaproduksje fan katoen en dy't ek as sadanich yn kultuer brocht binne:

Katoen wurdt yn gebieten mei in tropysk klimaat al tûzenen jierren brûkt om tige fyn doek te meitsjen, dat boppedat licht is om te dragen. Neffens archeologen hie men yn it âlde Egypte om 12.000 f.Kr. al útfûn hoe't men sokke weve stof produsearje moast, en yn Meksikaanske grotten binne katoenfragminten fûn dy't 7.000 âld binne. De âldste skreaune boarne dêr't katoen yn fermeld stiet, wurdt foarme troch de Veda's, hindoeïstyske hillige teksten út it âlde Yndia dy't datearje fan sa'n 5.000 jier lyn. De produksje fan katoen as in lânbougewaaks hat yn Yndia dan ek krekt in tige lange skiednis, al rekke de katoenferwurking yn 'e koloniale tiid yn Britsk-Ynje yn it neigean trochdat de Yndustriële Revolúsje yn Grut-Brittanje sels dêr de massaproduksje fan goedkeape weve katoenstof mooglik makke.

Masinaal rispe katoen wurdt oerladen.

Wichtige stappen op 'e wei nei fabryksmjittige ferwurking fan rispe katoen wiene de útfining fan 'e Spinning Jenny, yn 1764, en de spinmasine fan Richard Arkwright, yn 1769. De produksjekapasiteit waard fierder ferbettere doe't de Amerikaan Eli Whitney yn 1793 de cotton gin útfûn, in masine dy't de katoenfezels flugger skiede koe fan 'e sieddoazen en de faak kleverige sieden. Om't fanwegen de fluggere ferwurkingskapasiteit de fraach nei ûnbewurke katoen like fluch stige, ûntjoegen har tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûnbidich grutte katoenplantaazjes yn it Amerikaanske Suden, dy't yn eigendom wiene fan in lytse blanke elite, mar bewurke waarden troch swarte slaven.

Meitiid rekke de Súdlike ekonomy sa ferweve mei de produksje fan katoen dat de plant der bekend kaam te stean as King Cotton, "Kening Katoen". De ôfskaffing fan 'e slavernij yn it gebiet waard doe ûntinkber, mei't de plantaazjes dan ûnrindabel wurde soene. Uteinlik ûntstie mei dêrtroch yn 'e Feriene Steaten in ynterregionaal skeel tusken it Noarden en it Suden, dat yn 1861 ta útbarsting kaam doe't it Suden him yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch besocht ôf te skieden ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Tsjintwurdich wurdt yn alle dielen fan 'e wrâld katoen produsearre, wêrby't yn 'e regel katoenplanten brûkt wurde dy't selektyf kweekt binne, sadat eltse plant mear fezel opbringt.

It hânmjittich rispjen fan katoen yn Yndia, yn 2005.

Katoen is in tige weardefol gewaaks, om't mar sa'n 10% fan it rauwe gewicht by de ferwurking ferlern giet. As alle spoaren fan waaks, aaiwyt en oare soksoarte ûngerjochtichheden ferwidere binne, bliuwt der in natuerlike polymear fan suvere selluloaze oer. Dy selluloaze is sa rangskikt dat it de katoen unike eigenskippen jout oangeande sterkte, duorsumens en absorpsjefermogen. De elastisiteit fan katoen is lykwols mar lyts. Eltse fezel is gearstald út tweintich oant tritich laachjes selluloaze dy't kreas ominoarhinne draaid binne. Troch dy karakteristike struktuer ûntsteane spiraalfoarmige winings wêrmei't de fezels efterinoar heakjen bliuwe by it spinnen. Dêrtroch kin der tige fyn jern fan spûn wurde.

De bining dy't troch winings ûntstiet, wurdt it "spinferbân" fan katoen neamd. De fezels sels binne hol, en de holle romte hjit de "lumen". De steapellingte (gemiddelde fezellingte) fan katoen fariëarret fan 10-15 mm, ôfhinklik fan 'e soarte katoen en wêr't it wei komt. De langste fezels binne it gaadliks om fyn glêd jern fan te spinnen, en dat makket har ek it djoerst. De bûtenkant fan 'e katoenfezel is oerdutsen mei in waakslaachje, de "kutikula". Om't dy wetterôfstjittend is, moat er foarôfgeande oan wietbehannelings fuorthelle wurde.

De katoenyndustry stipet swier op gemyske produkten, lykwas keunstdong en ynsektisiden. Guon katoenkwekers binne yn 'e lêste tweintich of tritich jier oerstapt op mear ekologysk ferantwurde produksjemetoaden. It katoen dat hja produsearje, wurdt ekokatoen neamd. Mei't katoen de duorsumste fezelsoarte is, kin it ek recycle wurde. Dêrby wurdt ôfdroegen of fersliten katoenstof of snijôffal masinemjittich ferfezele. De weromwûne fezels kinne dan op 'e nije ta jern spûn wurde.

Yn 2002 waard wrâldwiid 33 miljoen ha lânbougrûn brûkt foar de tylt fan katoen, wat 21,3 miljoen ton rauwe katoen opsmiet, mei in wearde fan omtrint $20 miljard. Yn 2011 wiene de wichtichste katoenprodusinten fan 'e wrâld Sina, Yndia, de Feriene Steaten, Pakistan en Brazylje. Yn Yndia wie de steat Maharastra (26,6%) yn 2011 de liedende katoenprodusint, op ôfstân folge troch Gûdjarat (18,0%). Yn 'e Feriene Steaten waard yn 2004 it measte katoen produsearre yn Teksas, wylst Kalifornje de heechste opbringst per hektare hie. De grutste ymporteurs fan katoen dy't de stof sels net produsearren, wiene yn 2011 Súd-Koreä, Taiwan, Ruslân en Japan.

De katoenbou wrâldwiid.
Top 10 katoenprodusinten
rang lân 2011 (yn tonnen)
1 de Folksrepublyk Sina 6.588.950
2 Yndia 5.984.000
3 de Feriene Steaten 3.412.550
4 Pakistan 2.312.000
5 Brazylje 1.673.337
6 Oezbekistan 983.400
7 Turkije 954.600
8 Austraalje 843.572
9 Turkmenistan 330.000
10 Argentynje 295.000
wrâldwiid 24.941.738

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.