Springe nei ynhâld

Beverly Hills

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 nov 2022 om 22.18 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kaart yn ynfoboks set, yn ferbân dêrmei foto-yndieling oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Beverly Hills
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 34.290 (2010)
Oerflak 14,8 km² (ynkl. wetter)
14,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.306,2 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 79 m
Oar
Stifting 1906
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 34°04′23″N 118°23′58″W
Offisjele webside
www.beverlyhills.org
Kaart
De lizzing fan Beverly Hills yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.

Beverly Hills is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't nei de postkoade inkeld ek wol 90210 (nine-oh-two-one-oh) neamd wurdt. Der wurdt gauris tocht dat it in wyk fan Los Angeles is, mar dat is sa net. Tegearre mei de oanswettende stêd West Hollywood wurdt Beverly Hills lykwols al folslein omjûn troch it folle gruttere Los Angeles. Oan 'e noardkant fan Beverly Hills leit it Santa Monicaberchtme; eastlik lizze West Hollywood en de Losanzjelynske wiken Carthay en Fairfax District; súdlik leit de Losanzjelynske wyk Beverlywood; en westlik de Losanzjelynske wyk Bel-Air. Nettsjinsteande de namme leit it grutste part fan Beverly Hills op it flakke lân oan 'e foet fan 'e eigentlike hills ("heuvels").

Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Beverly Hills doe goed 34.000 ynwenners. It makket diel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, dy't in befolking hat fan 12,8 miljoen minsken. Beverly Hills is benammentlik bekend as it wenplak fan withoefolle pop- en filmstjerren, en ek wol fan Beverly Hills, 90210, in tillefyzjesearje út 'e njoggentiger jierren. Ta de stêd hearre ek de ferneamde winkelbuert Rodeo Drive en it noch altyd aktive Beverly Hills-oaljefjild.

It gebiet dêr't Beverly Hills no leit, krige foar it earst fêste bewenners doe't it yn 1828 yn besit nommen waard troch María Rita de Valdez en har man. Hja makken der in ranch (feepleats) fan mei in oerflak fan 18 km², dy't se Rancho Rodeo de las Aguas neamden. Fanwegen oanhâldende oanfallen fan 'e pleatslike Yndianen, dy't se de grûn ûntnadere hiene, ferkochten se de ranch yn 1854, wêrnei't it lân opdield waard yn lapkes grûn fan ⅓ km² dy't trochferkocht waarden oan Amerikaanske kolonisten út it Easten. Uteinlik kochten Henry Hammel en Andrew H. Denker it grutste part fan it lân wer op mei as doel om der limabeane te ferbouwen. Yn 1900 gie de pleats op 'e nij oer yn oare hannen, diskear dy fan 'e njoggenkoppige Amalgamated Oil Company, dy't der nei oalje begûn te sykjen. Dêrfan fûnen se net genôch om eksploitaasje foar dy tiid rendabel te meitsjen, mar se fûnen wol in grutte ûndergrûnske wetterfoarrie, en úteinlik besleaten se om der dan mar in stedsje oan te lizzen. Yn 1906 neamden se har bedriuw sadwaande om ta de Rodeo Land and Water Company en begûnen se perselen te ferkeapjen fan wat Beverly Hills kaam te hjitten.

Palmbeammen oan in strjitte yn Beverly Hills.

De stêd begûn as ien fan in stikmannich folslein blanke delsettings om Los Angeles hinne. Beheinende bepalings ferbeaen swarten en Latino's om der húsfêsting te keapjen of te hieren, of it moast wêze dat se as tsjinstfolk by de blanke bewenners wurken. Teffens wie it ferbean om yn Beverly Hills ûnreplik guod oan Joaden te ferkeapjen of ferhieren. Troch de foltôging fan it Beverly Hills Hotel, yn 1912, waarden der mear lju nei it plakje ta lokke, en in protte fan 'e begoedige hotelgasten kochten der neitiid grûn oan. Sadwaande hie Beverly Hills yn 1914 genôch ynwenners om 'e status fan stêd te krijen. Yn 1919 kochten Douglas Fairbanks en Mary Pickford lân oan Summit Drive, dêr't se in filla sette lieten dy't troch de parse "Pickfair" neamd waard. Hoewol't se no de measte lju foar 't neist net sa bekend foarkomme sille, wiene der doedestiden gjin gruttere nammen yn Hollywood as harren beiden. Troch Fairbanks en Pickford krige Beverly Hills de reputaasje it wenplak fan 'e filmstjerren te wêzen, en meitiid begûnen oare akteurs en aktrises der gear te kloftsjen.

Tsjin 'e tweintiger jierren wie de befolking fan Beverly Hills genôch tanommen dat de wetteroanfier problematysk waard. It stedsbestjoer stelde yn 1923 as oplossing foar om 'e lapen mar gear te smiten mei Los Angeles, mar dêr kaam ûnder de rike ynwenners frij wat ferset tsjin, en it útstel waard úteinlik ferwurpen. Tsjin 'e fjirtiger jierren hie Beverly Hills, nettsjinsteande de beheinende bepalings, dy't doe noch altiten fan krêft wiene, slûpenderwize de earste swarte ynwenners krigen, mei't ek guon Afro-Amerikanen ryk wurden wiene yn 'e filmyndustry. In stedsferbetteringsferiening stapte dêrop nei de rjochter om harren de stêd wer út te wurkjen. Under de ferklagen wiene aktrises as Hattie McDaniel, Louise Beavers en Ethel Waters. Under de blanke bewenners dy't harren it gat fan 'e doar wize woene, wie û.m. stomme-filmstjer Harold Lloyd. De boargerrjochteferiening NAACP naam diel oan 'e ferdigening, en úteinlik die de federale rjochter Thurgood Clarke de útspraak dat it tiid waard dat "leden fan it negerras, sûnder útsûnderings of ûntwikings, de folle rjochten taparte krije dy't harren garandearre binne ûnder it fjirtjinde amendemint."

Yn 1956 kocht projektûntwikkelder Paul Trousdale de Doheny Ranch oan en ûntwikkele dy ta de Trousdale Estates. Hy beprate Beverly Hills om it gebiet te anneksearjen, en letter waard dat ien fan 'e sjykste wiken, dêr't û.o. Elvis Presley, Frank Sinatra, Dean Martin, Ray Charles, âld-presidint Richard Nixon, Jennifer Aniston en David Spade wenne hawwe.

Beverly Hills op de hoeke fan Rodeo Drive, Dayton Way en Via Rodeo.

Yn 'e njoggentiger jierren stelde Los Angeles út om ien fan syn metrolinen troch te lûken nei Beverly Hills, mar it stedsbestjoer fan Beverly Hills, dat de grutte buorman leaver wat op in distânsje hâldt, stegere it oanbod ôf. Yn 2001 woe Los Angeles in flugge busline (sis mar in ynterliner) nei Beverly Hills opsette, mar ek dat útstel waard troch it stedsbestjoer fan Beverly Hills fetoë.

Tusken 1920 en 1930 ekspodearre de befolking fan Beverly Hills ynienen fan 674 ta krapoan 17.500 minsken, in taname fan hast 2.500%. Tusken 1930 en 1940 stige it ynwennertal mei 53,9% nei krapoan 27.000. Sûnt is de befolking stadiger groeid, behalven tusken 1970 en 1990, doe't er in lytse krimp wie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 19,4% fan 'e befolking fan Beverly Hills jonger as 18 jier, wylst 19,1% âlder as 65 jier wie. Fan alle húshâldings bestie 36,3% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 82,4% blanken; 8,9% Aziaten; 5,7% Latino's; 2,2% swarten; 0,1% Yndianen; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It sintrum fan Beverly Hills by nacht.
It stedhûs fan Beverly Hills.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Beverly Hills

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Beverly Hills

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beverly Hills hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte simmers en tige mylde winters. De koelste moanne is jannewaris, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 19,5 °C; yn 'e hjitste moanne, augustus, is it oerdeis yn trochsneed 29,4 °C. Oan delslach falt der yn Beverly Hills jiers trochstrings 460 mm. Mjitbere hoemannichten snie binne, sûnt mei de meteorologyske mjittings úteinset is, inkeld fallen yn 'e jierren 1882, 1922, 1932 en 1949.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.