Piet de Vries (Oostvoorne , 15 febrewaris 1897 – Bergen , 14 augustus 1992 ) wie in Nederlânske arsjitekt .
Doe't er seis jier wie ferhûze er mei syn heit en mem nei Minnertsgea . Yn Ljouwert folge er de middelbere technyske skoalle (mts). Leararen op dy skoalle wiene Doeke Meintema , Andries Baart sr. en Geert Stapenséa . Yn Amsterdam folge er praktykoplieding by Harry Elte en wurke er op it buro fan Eduard Cuypers . Yn 1924 festige er him as selsstannich arsjitekt yn Ljouwert. Yn de earste jierren oerhearske de ynfloed fan de Amsterdamske Skoalle syn wurk, mar letter hinge er oer nei de Delftse Skoalle .
Rykskweekskoalle It Hearrenfean
Oer Piet de Vries is in boek ferskynd: Piet de Vries, een beeldhouwend architect . De Stichting Piet de Vries hat as doel it yn stân hâlden fan de atelierwenning oan de Druifstreek 63 yn Ljouwert.[ 1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: