Springe nei ynhâld

East (Utert)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 aug 2022 om 07.22 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
East
Oost
Lokaasje fan de wyk East yn Utert
Lokaasje fan de wyk East yn Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal 32.940 (2017)[1]
Oerflak 1104 ha
Oar
Postkoade 3581 - 3583
Koördinaten 52° 4' 59" NB, 5° 9' 5" EL
Offisjele webside
https://www.utrecht.nl/wijk-oost/
Nachtegaalstraat
Swierwaar oer Utert-East

Utert-East (Nederlânsk: Utrecht-Oost) is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert. De wyk hat 32.529 ynwenners (2019, boarne: gemeente Utert) en is dêrmei neffens ynwenners de sechsde wyk fan Utert. Kampus Uithof falt ûnder de wyk. Yn de wyk wenje dus in soad studinten, sawol yn De Uithof as yn oare parten fan de wyk.

Yn Utert-East steane fierder noch it Stadion Galgenwaard (FC Utert), it Nederlânsk Spoarweimuseum, it Provinsjehûs, de kampus fan University College Utrecht en yn De Uithof steane parten fan de Universiteit Utert, de Hegeskoalle Utert en it Universitêr Medysk Sintrum Utert.

De wyk grinzget yn it westen oan de wyk Binnenstêd, yn it noarden oan de wyk Noardeast, yn it suden oan de wyk Súd en yn it easten oan de gemeenten De Bilt, Seist en Bunnik.

De wyk bestiet út de folgjende buerten.

  • Buiten Wittevrouwen
  • Wilhelminapark en omkriten
  • Oudwijk (súd)
  • Schildersbuurt (súd)
  • Abstede (Oosterbuurt)
  • Tolsteegsingel en omkriten
  • Sterrenwijk
  • Rubenslaan en omkriten
  • Watervogelbuurt
  • Lodewijk Napoleonplantsoen en omkriten
  • Rijnsweerd-Noard
  • Rijnsweerd-Súd
  • Galgenwaard en omkriten
  • Maarschalkerweerd en Mereveld
  • Utrecht Science Park (De Uithof)

De lêste twa lizze eastlik fan autodyk A27.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje